Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 76]
| |
Untfanger, notaris en keapman binn' klear,
Ik bin noch fan juster wat slûch en heal gear,
Mar oars - tige goed op 'e stoat.
Sjoch omke 's! Hy sit al, de hân oan it roer:
De reis set syn wêzen yn fjoer.
As hy it mar dwaan koe, dan skeat wis it skip
Sa tel as in snoek troch it brûzende djip,
En fleach dan de Snitser Mar oer.
Mar no leit de sinne op it sulveren wiet,
Sa rêstich, as slomme s' yn 't nêst;
Gjin sigentsje jout ris in triuwke tsjin 't boat,
De fok is sa nuet, lit mar fiere de skoat.
Mar skowe; 'k leau, dat is it bêst.
Lyk as wy no farkje, sa binne wy 't byld
Fan 't stille lyts-boargers bestean;
Hy skrept him yn 't swit, en it fljocht net sa wyld,
Mar klear is de loft, en it waar is sa myld,
En wille is, nei 't bodzjen, syn lean.
Foarút dan en drink op 'e nocht fan 'e dei
In glês fan dat brûzende bier!
It waar is sa moai en wy ha sa'n goed sin,
En dat is fan alles it bêste begjin.
Drink út! folle wille en tier!
| |
IIBroeksterfeart, wat biste moai!
Ast dêr leist yn sêfte slomme,
Fan dat rûzend grien omblomme,
Broeksterfeart, wat bist dan moai!
Yn de stille simmerjûn
Bin ik oer dyn weachjes gliden;
Wat hast, yn dy gouden tiden,
My in súvre wille jûn.
| |
[pagina 77]
| |
'k Waard, by 't stjerren fan 'e dei,
Yn dyn pracht myn soargen bjuster;
Sjoch, sa wurdt dy sleat, sa tsjuster,
Blier yn 't griene beamte wei!
Flinke pleatsen sjogge jo,
Heal yn 't friske grien beskûle,
En de faam spielt yn de kûle
Rêdsum d' earnen amers ou.
Handich draait s' al oan en wei
D' amers om yn 't kleare wetter;
En yn pearels blinkt dat wetter
Yn de neiglâns fan de dei.
O, wat sjocht hja nei de grûn,
Om har troanje yn 't wiet t' oanskôgjen;
Leaflik, om jin wei te tôgjen
Yn sa'n stille simmerjûn.
Broeksterfeart, wat bist doch moai,
Ast' dêr leist yn sêfte slomme,
Fan dat rûzend grien omblomme,
Yn dyn bliere simmertoai!
Mar no leist dêr as in bern,
Laitsjend yn de griene gloppe,
Mei dyn klear blau each nei boppe,
Nei dyn himelmem te sjen.
| |
IIISjoch, dêr komt in brúntsje oanwaaien;
O, hoe noflik en hoe koel!
Lit mar driuwkje, sêftkes sljurkje
Oer de Goaïngrypster Poel.
't Lytse doarpke is wei yn 't beamte,
Mar it tsjûg't fan syn bestean
Troch de kleare klokketoanen
Dy't oer 't swijend wetter gean.
| |
[pagina 78]
| |
Dêr Terkaple, wêr Marije
Pronke mei har deade blom;
Fierder op it blier Terherne
Dêr de mar, sa wiid en rom.
Oer dat alles struit de sinne
Rynsk har waarme goudglâns út;
Frede floddert om ús hinne;
Wat me fielt - wa sprekt it út?
Mar natoer hat sels har klanken:
't Ljurkje sjongt yn 't ivich blau;
Klokken klinke, baarkes brûze:
Wetterlân, hoe moai bisto!
|
|