Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Earje dyn sprake Friezen, earje de sprake, Dy d' âffaar as erfstik ús neiliet; Bern fan har leafde en har trou, Byld fan har tigens en krêft; Print fan har siele en har sin, Dan stoer as in iik út de Wâlden, Dan wer, as 't gers oan de poel, Bûchber en glânzich en sêft. Lit se klinke, dy sprake, As wille lûd geit om jim hinne; As jim fersinke yn it leed, Siikje yn dy sprake wer treast; Leavje dy taal as in mem, Dy't jim fuorre mei 't bloed út har ieren; Hy, dy't him frij neamt as Fries, Frysk yn syn taal bliuwt er 't earst! Vorige Volgende