| |
Alde Foekje fan Heech
oan de jongelju
Do biste al wakker op dyn dree, net fanke?
Ek do, jongfeint, do blierkeste as in stjer.
Jim wolle wol tegearre oer de planke,
No, Foekje fan Heech dy gunt it jimme, hear!
Jim hawwe in skoft as jonge lamkes boarte,
No is 't sa fier, 't jimme ûnderfine moatte
Oft leafde segen oanbringt of ferdjer.
'k Bin wiid ferneamd oer Fryslâns griene fjilden
Omt ik sa goed oan mannich feint en faam
De wierheid sei. Myn stive lea dy trilden
Doe't ik it nijs fan jimme boask fernaam.
Ik tocht: no, dy jonge ljuwe sille
In libben ha, sa fol fan wiere wille
As yn nin keningshûs te wenjen kaam.
Ik seach yn myn ferbylding jimme beiden
Op 't libbens kowepaadsje hân yn hân;
Om jimme hinne laken tierge greiden,
| |
| |
Rju moaie blommen bloeiden op it lân.
Blau wie de loft en bolle wyntsjes rûsden,
Dy, swietrook struiend, om jim hinne strûsden,
En 't ljurkje song: ‘'k Ha noait sa 'n wille hân.’
Ik seach jim fierder; no net mear allinne,
Mar jonge sprútsjes kamen út de beam:
Jim berntsjes djoeiden geiend om jim hinne,
Hja wiene sûn, 'k seach nearne in moaier team.
En mem... hja hie 't sa drok! Har siele en sinne
Dat wien' har bern, har man en bern allinne. -
Dat 's houliksnocht, dy 'k heechste wille neam.
Salang gyng 't goed; doe kamen tongerloften,
En bosken fjoer sjitte út it swarte swurk;
Hoefolle beammen, dy't nei ûndren ploften
En 't fjoer bedoar sa mannich kostlik wurk.
De berntsjes krûpe oan heite en memme side,
Dy't har omfetsje.... Njonkelytsen glide
De buoien fierder; klear wurdt wer it swurk.
Mar wêr't jim wiene, yn rein en fjoer of tonger,
By sinneskyn op bliere simmerdei,
En yn wat gea - de houliksleafde song 'er
Har minlik liet en jage smerten wei.
O, tink der om, wol nimmer net ferjitte;
Lit noait de frede jimme hûs ferlitte;
Want dêr allinne wurdt men lokkich mei!
Dat seach ik yn myn geast; ‘mar’, sill' jim sizze,
‘Fertel, wat barre sil nei hjoed en moarn!’ -
Mar, foar jimme each de takomst iepen lizze,
Dat mei 'k net dwaan, dat witte jimme skoan.
Dochs sil 'k it weagje, om de swiere slippen
Fan 't kleed der takomst wat omheech te wippen;
Mar hâld it stil - oars wie 't foar my bedoarn.
Jim houlik sil mei 't moaiste waar begjinne,
Jim kinne yn 't earst gjin oere by 'noar wei,
Mar och, dat sil mei koartens wol wat wenne;
| |
| |
En troait in freon de jonge man ris mei,
Dan bliuwt it wiif de jûns allinne sitten,
Hja fielt har och sa iensum en ferlitten,
En as hy thúskomt stiet har 't skriemen nei.
Mar hy is net sa bang fan frouljustriennen,
En hja sjocht gau har eigen dwazens yn;
Hja tinkt: Myn man is 't bêst foar my te winnen,
As ik mei leafde oan hûs en hear him byn.
Dyn noflik praat, jongwiif, dat sil him bine.
En nearne sil dyn man sa'n wille n't fine,
En yn dyn hûs is neat as sinneskyn.
Mar ienkear sil er dochs oerémus wêze,
Dat bart, as hy bestjoerder wurdt fan 't Nut.
Dan sil er bjuster út 'e liken wêze -
Dy eare is fêst syn mage wat te grut.
Hy sil de hearen moai rojaal traktearje
En mei twa oaren skean nei hûs lavearje,
Wêr hy fan dy al oeren wachte wurdt.
Dan moatst him mei 'n goed sin 't hûs ynlitte
En bringe 'm mei in praatsje aanstûns nei bêd;
Sis neat; mar lit it him oan alles witte:
Fol leafde is 't wiif, en waarm en myld har hert.
Sa setste in reade kaam him op de holle,
Hy wurdt wer wiis en mijt him foar te folle,
En seit fan dy: sa'n bêsten is der net.
Hast alles silst fan him ferdrage kinne,
Mar ien ding bist soms wol ris nytlich om:
As faaks syn skuon wat wiet en modd'rich binne,
Dan bearste mâl; hy hat it neat te rom.
Hy swijt en tinkt: hja hâldt fan trije dingen
It meast: har man, har bern, har gong - en ringen
Triuwt 't kweakjend eintsje 't kopke al yn de plom.
Mear mei 'k net sizze - mar as jimme 't kerltsje
As 't foarjier is, bedobje ûnd'r 'e grûn,
Dan seit natoer ek jimme 't âlde teltsje:
| |
| |
By 't simmer wurde 'r bûgende ieren fûn.
Bliuw jimme oan 't wurk, dat jimme hannen fine,
It oare witt' wy net: dat docht in bline
Mar iivge krêft, dy hearsket swiid yn 't rûn.
Wy siedzje en plantsje en wjoede op goede hope;
Oft 't wierje sil, wy minsken witte 't net.
Licht sil de heil d' ûnripe fruchten slope - -
Hâld' wy mar 't goede leauwe fêst yn 't hert!
Want wêr gjin sied is sill' gjin fruchten wêze,
Dat kin elk minske yn 't Boek fan 't Libben lêze -
Dy 't goede docht krijt gjin berou te let!
|
|