Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Oan de fammen Toast It moaiste en bêste op dizze wrâld, En dêr ik 't aldermeast fan hâld, Dat binne tsjeppe fammen. Fan hynzers, skiep en fette kij En sok guod bin 'k ek lang net fij; Mar 'k hâld it mei de fammen. Ik mei ek wol oer reade wyn - Och buorfaam, jit my noch ris yn - Mar mear oer reade fammen. Ek hâld ik wol fan 't glêde goud, Dat jin ferstân en wiisheid jout, Mar mear fan glêde fammen. 'k Sjoch graach it bliere sintsje 's oan, As 't opkomt yn de iere moarn, Mar leaver bliere fammen; As jin sa'n faam yn d' eagen sjocht: Gjin súvrer blau, gjin heldrer ljocht; Gjin moaier guod als fammen. [pagina 65] [p. 65] aant. Ik socht it gea alhiel yn 't rûn, As 'k foar my sels licht ek ien fûn, Ien ûnder al dy fammen. Ik fûn gjinien; dat 's wol beroerd, Mar no 't sa is - no kin ik goed Mei alle tsjeppe fammen. 't Is wier, fan alles op de wrâld, Neat is der, dêr ik mear fan hâld, As fan de Fryske fammen! Mar 'k nim myn romer ta beslút, En drink him ta de boaiem út: Ik drink op alle fammen! Vorige Volgende