| |
Klaas Timmerman
Oan de jongelju
Dei mei'noar, manlju, froulju,
Doe 'k hjir foarby kaam sloech ik
'k Wist net, wat dat betsjutte;
Mar doe 'k dy flaggen seach
Bin 'k dalik hjir mar ynrûn;
Sa stean 'k no foar jimme each.
'k Soe mei in hoartsje trouwe;
En dat 's in grut karwei.
No ha 'k foar ien te wrotten,
Wat 'k dwaan en litte wol;
Dan ha 'k sa'n húspleach by my,
| |
| |
Dat rint no út myn hannen
Dat giet no fuort oan alles
Oan poatten, pannen, tafels,
No is de ruil sa slim net!
Ik krij in wyfke 'r foar,
Wêrmei 'k by boer en boarger
In wyfke - al is har bûse
Dy troch har kloekens ryk is,
En troch har leafde in skat.
Wy woene ek dalik wol nei
Mar earst moat 'k witte, as 'k foar
Us beiden 't brea wol ha;
Want as wy trouwe, set ik
Al springe ek d' âlde bazen
In lytse fraach wol dwaan:
Wol jimme, as jimme op stel binn',
Oan my de geunst wol jaan?
Och, yn sa'n spul as jimmes
Kom 'k faak genôch fan pas.
Pas op, no reitsje ik los!
Op 't heden, breidsje, sjogg' je
Mar och, in faam het folle
| |
| |
Fan bûten fol fan krinten,
Mar snij de stút ris troch...
'n Stik bôle sûnder krinten
Sa 's 't ek wol mei de froulju:
Mar 't sit it meast fan bûten;
En oars - o, wat fertriet!
Nee, breidsje, sjoch mar net sa
'k Sis net, dat jy sa binne!
Nee, 'k ken jo al te skoan.
Mar 't koe ris wêze, dat jim
Sa soms ris deilis wien',
Lilk foarinoar faak stien';
Dan nimt it wiif tafallich
En slacht 'm yn grúzleminten
No, 'k woe dan freegje, as ik
De stôk wer meitsje mocht;
En as jim 't habbe woene,
Dan hie 'k in dealsen nocht.
Dat 't nearne net nei roait,
Wer tsiere?... o nee, dat noait!
Ha jimme lytse berntsjes,
Te boartsjen; pols en kroade,
As s' yn de sleat faak springe,
No, dat is net myn skuld.
| |
| |
En woll' se op stelten rinne,
Sa heech hast as de tsjerke;
Geef hout en sûnder brek.
Mar brekke hja de skonken
Dy kin ik net wer meitsje,
Ja, 'k wol it jitris sizze:
Want altiid kin m' yn 't libben
Soms moat m' oer sleatten hinne
Foar 'n minske fierste wiid.
No, 't bart dan ek wol, dat der
Ien by de wâl del gliidt.
Ek stelten binne yn 't libben
Me wie te lyts, as m' altiid
De grûn oanreitsje moast.
Nee, stelten brûke in hopen
Brekt mannichien de skonken,
Ei no, dat 's ommers neat!
Ek hobbelhynders sjocht men
Yn 't deistich libben faak;
Want folle minsken wrotte
En bodzje en skrippe omraak,
Geane op en del, mar komme
Sa slooft op 't hobbelhynder
Mar 't bêste, wat jim berntsjes
Yn 't libben brûke kinn',
| |
| |
De fruchtbre swiere grûn;
Dat alles kinn' jim krije
Woll' jim myn namme witte
Ik bin Jan Sytses' Klaas.
Ik winskje jimme 't bêste:
In houlik, fredich, blij,
In keppel leave berntsjes,
Mei 'n slompe jild der by.
|
|