Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Klaske Bolrinster Oan de jonge lju Hja komt binnen mei de bolkoer en bliuwt foar de jongelju stean Kom, jonge lju, fan jimme brulloft Moat Klaske Bolkoer ek wat ha, Sa tocht ik, doe't ik hjir foarbykaam, En 'k rûn der dêrom dryst op ta. Ik woe jim graach ris wat ferkeapje; Want och, ik ha seis lytse bern, Dy moat ik sels de mûle stopje; Want 'k ha foar 'n tôch myn man ferlern. Ja, tink der om; foar my is 't libben Wat oars as molkengroattenbrij; 't Is dei oan dei wer skreppe en skuorre; Myn pak is swier, leau dat mar frij. Mar dêrom sil 'k net kleie en grine, Dêr komt me doch net fierder mei; As jim my no begeunst'gje wolle, Dan kom ik hjir wer fleurich wei. Sjoch hjir sa'n twibak! Is 't gjin wûnder? Myn guod is no gjin stekje oan los! In twibak ek is jimme houlik; Mar net sa hurd en net sa bros. De leafde is de knappe bakker, [pagina 59] [p. 59] Dy het jimme oan inoar ferbûn; Jim binn' fan 't selde daai - och sis my, Wêr wurdt in better pearke fûn? Dy broadsjes - no, wat sizze jimme? En sjoch, hoe blank; it het nin roai! Dat daai het rezen; 't kin me merke, Oars wie it net sa fol en moai. Ek jimme riisden troch de leafde, Wol joech dat soms in mâl gebear; Mar no is 't dien, en 't blanke broadsje Fan 't houlik is sa goed as klear. Hjir ha 'k in twasintspink, besteande Ut twa; mar sjoch, dy twa binne ien; Me kin dy twa net fan 'noar skiede; Sa 's 't ek mei jimme, nei't ik mien. Jim sille inoar net wer ferlitte, Jim hawwe elkoarren trouwe sward; Mar fêster as dy eed ferbynt jim De frije kar fan 't leavjend hart. Sa leare dizze lytse dingen, Hoe neatich s' op har sels ek binn', Us withoefolle, en hja bringe Us mannich goede rie yn 't sin. Hie 'k mear jit yn de koer, ik joech der Oan jimme grif in priuwke fan; Mar stil... dêr leit jit wat, dat bring ik As 't kin, hjir jûn ek oan de man. 'n Healbrea! - Jim laitsje? - Bêste freonen, Wat bringt jim doch sa fan 'e wiis? Brea is in freon fan ryk en earmen! O, lis 't net leech, stel 't heech op priis! Want boppe allerhande snaren En swietekau stel ik it brea; Ik hoopje, dat jim 't meie sille, No, altiid troch, ta jimme dea! [pagina 60] [p. 60] Wa 't brea ferachtet, o oerdwealske, Tink oan de Starumer widdofrou! Mei 't koarn, dat hja it skip útgoaide, Brocht s' oer har sels in seefol rou. Al winne jimme grutte skatten, Bliuw stil en leechjes by de grûn; Bliuw from en froed - sa wurdt op ierde It heechste lok yn 't houlik fûn. Nim 't brea no oan; 't is nôt út Fryslân, Op Fryske fjilden is it dijd; Dus moatte jimme 't dûbeld achtsje, 't Sij jimme op jimme brulloft wijd, Fries en Friezinne, libje lokkich! Bliuw Frysk fan sin ta jimme dea! Dat winskje 'k jimme, en dêrby jitte: Krij folop bûter op it brea. Vorige Volgende