| |
Ik mei 't wol lije
Ik bin ris op in freedtejûn
Fan Ljouw't nei Stiens allinne rûn,
Want doe't ik op de strjitwei kaam,
En just de draai nei 't tolhús naam,
Seach ik ús buorfeint Minne.
Ik ha mei him op skoalle gien,
En altiid wie 't in núvren ien;
Mar oars: in feardich feintsje.
Hy seach my wol sa bizich oan;
Ik waard sa read, en seach it skoan,
Hy woe wol mei in eintsje.
‘Wel Anke, dat 's sa moai as 't kin’,
Sa spriek er, ‘is 't jo goed nei 't sin,
‘Ik mei 't wol lije,’ sei 'k, ‘mar kinn'
Jy wol sa hurd as ik no rin?
Dan moatte jy hast fleane.’
‘No, as jy woene, sa't ik woe,’
Sei hy, ‘ik leau, gjin minske soe
| |
| |
Us jûn te Stiens jit krije.’
‘No’, sei 'k, ‘dat wie my al te bot,
Want heit is altiid sawat prot.
Ik mocht it oars wol lije!’
‘Ja, ja, dyn heit is wol wat’ - ‘No?’
‘Sis, 'k rin as 't oars kin, leafst gjin blau;
Soe 'k by dy bliuwe kinne,
As 'k sneintejûn ris by dy kaam?’
‘Ik mei 't wol lije’, sei 'k foarnaam,
En seach blier om my hinne.
Hy like ek wakker op it skik,
En nei in toarntsje.... o hea, dêr hie 'k
Syn earm al om myn nekke.
Hy sei: ‘Mei 'k dêr myn earm wol ha?’
‘Ik mei 't wol lije’, sei 'k, ‘och ja,
Dêr sil ik net fan brekke.’
Wy rûnen smûk de púndyk oer:
Yn 't easten blierke 't gouden fjoer
Fan d' ûndergeande sinne.
Hy waard sa grien, en, leave sei,
Ik waard ek al wat oars, doe't hy
Oan 't praten gyng fan minne.
En doe't er my sa rûn oanseach,
Mei leafde en trouwe yn 't iepen each,
Hy naam in tútsje, en frege: ‘Is 't goed?’
‘Ik mei 't wol lije,’ sei 'k, ‘mar soe 't
Hast net nei achten lûke?’
It moantsje kaam mei stille pracht,
Dat mylde sintsje fan de nacht,
En gluorke ús ta, en telde
Sa't like, fan sa mannich pear,
Dat by har ljocht syn hert ferlear.
Dat wie mei ús fan 't selde.
| |
| |
Mar gyng 't ek net sa fluch der oer,
Ik krige d' âlde Stienzer toer
Nei 'n hoartsje al foar myn eagen.
No woe 'k oars leafst allinne gean;
Mei him, dat soe sa nuver stean,
As alle minsken 't seagen.
Mar nee, dat woed er lang net ha;
‘Ik bring dy oan jim útdoar ta,
As 't dy teminsten goed is.’
No, doe't er dat sa freonlik sei,
Sei 'k: ‘'k Mei 't wol lije, gean mar mei,
't Wie noait sa mâl as 't hjoed is.’
En doe't wy kamen by de doar
- In linebeam dy stiet der foar -
No om dat sa mar ôf te slaan,
Dat koe ik op dat stuit net dwaan.
'k Sei dêrom: ‘'k Mei 't wol lije.’
De sneintejûns - dêr kaam er oan,
Hy hage ús heit mar tige skoan,
Mar doe't wy mei ús beiden wien',
En beide och sa'n wille hien',
En doe't ús neat mear skate....
Doe sei er mei in triljend lûd:
‘Myn bêste faam, ik mien 't dy goed,
Mar wost as maaie komt yn 't lân,
Mei my yn 't boatsje?’ - 'k Joech myn hân,
En sei: ‘Ik mei 't wol lije.’
Wiene alle fammen lyk as ik
Dan wien' de feinten op it skik,
Hja soen' foar neat har mije,
As foar 't ûnfoege yn praat en dwaan;
Want dy dêrmei doare op te slaan,
Dy mei 'k alhiel net lije.
|
|