Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Oan Thys en Tryntsje v.d. Berg doe't hja te Ljouwert de priis wûn hiene, 26 jann. 1881 Stoere bern fan Fryslâns Wâlden, Ut in laach, sa kras en dreech, Sterk en krigel as ús âffaar, 'k Achtsje jimme tige heech! 'k Wol yn d' âlde Fryske tonge Jimme in sljochtwei sankje sjonge. As jimme oer de banen stowe, As jim' waaie oer 't speeglich iis, Kin my 't hert fan nocht optille, 'k Sis mei grutskens: 'k bin in Fries. 't Is my jamk, as foar myn eagen D' âlde Friezen hinne fleagen. O, dat wiene bazen keardels, Mannen fan it echte skaai; Fûsten hien' hja, swier as slaaien, En in lichem, sterk en taai; Gouden hier, en blauwe eagen, Dy't frij om har hinne seagen. Foar nin kening koen' se bûgje, 't Lichtste jok wie har te swier; Yn de kriich dêr wie har libben, En it wie har grutste tier Oer in mar of poel te strûzen As de wylde stoarmen rûzen. Yn jim herte brûzet jitte D' âlde kriich en d' âlde moed; [pagina 56] [p. 56] aant. Noait sill' jimme 't sitte litte, Steech foarút wol 't Fryske bloed; Libne tsjûgen sill' jim bliuwe Fan dy âlde wetterljuwe. Gysbert Japicx libbet ivich Yn it golle Friezne hert; En Tsjerk Hiddes' grutte namme, O, in Fries ferjit him net. Wa sil Halbertsma ferjitte? Net in Fries, hy libbet jitte. Neist dy nammen, Thys en Tryntsje, Bliuwt ek jimmes grif bestean; Van den Berg's romrofte namme Sil yn Fryslân noait fergean. Wat de tiid ek mei bedjerre, Jimme eare sil net stjerre. Vorige Volgende