Oan de jonge lju
Der wie ris in feintsje, by ús wol bekend, ja, ja,
Dy sprong op in kear út it fel omtrint; ha, ha,
Hy seach der in famke, sa mûtel en skjin,
Dy brocht him de holle alhiel op de rin,
Hy tocht by him selme: Dat famke wol 'k ha! ja, ja,
Doe teach op in snein hy ek dryst der op ta, ha, ha,
Hja joech him in piip en hja geat him ris yn,
En hy tocht: Dat giet mar ris moai foar de wyn,
Hja bleauwen allinne, sa smûk en sa grien; o, o,
Hy sei: O do witst net, hoe goed ik it mien; o, o,
Do wurdste myn wiif, en oars wit ik it net;
Do biste myn sin en de winsk fan myn hert,
| |
De faam sei gjin nee, en de faam sei gjin ja, ha, ha!
Mar 't pearke dat frijde 'r mar wakker op ta, ha, ha,
En doe 's ienkear wisten, wat se oan inoar hien',
Doe sei se: Do wurdste myn man; oars gjin ien,
Har folk fûn it goed en op 't eintsjebeslút, ja, ja,
Kaam 't doel fan dy beiden al mear en mear út; ha, ha,
En elk dy 't fernaam sei: Jim hawwe 't goed foar;
Jim hearre as in doffert en do by elkoar,
Dêr sit no de feint mei syn famke sa grien, ja, ja;
It frijen en boartsjen is ringen no dien, ja, ja;
Hja sille tegearre yn it houweliksskip,
En binne net bang foar in bank en in klip,
Jong pearke, ik winskje it bêste jim ta, ja, ja;
Jim kinne 't tegearre wol noffelik ha, ja, ja;
Syl blier en syl fleurich en moai foar de wyn,
De see fan it libben tegearre no yn.
Dat winskje wy mei dit glês wyn!
Dat winskje wy mei dit glês wyn!
|
|