Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Sil Fryslan Fryslan bliuwe? Sil Fryslân Fryslân bliuwe, In lân fol krêft en kriich en trou, Weits op dan, Fryske ljuwe, Fan wâld en fean, fan greide en bou! Kom, âld skier laach! d' útwrydske wyn Ferspije as 't alderminst fenyn. Sil Fryslân Fryslân bliuwe, Lit dan de taal fan Gysbert-om Heech nei de wolken kliuwe, En sjonge ús lân ta ear en rom; Lit yn dy sprake 't Fryske hert Untlêstigje al syn wille en smert. Sil Fryslân Fryslân bliuwe, Hawar dan, al dy falske skyn Fan dizze grûn ferdriuwe; Helje yn syn plak de wierheid yn, En lit ús holle en hert en hân Oer habbe foar 't leaf heitelân. Sil Fryslân Fryslân bliuwe, Dan moat de drege frijdomsmin Fan d' âlde Fryske ljuwe Us nocht wêze en ús heechste sin. [pagina 54] [p. 54] Wy moatte fjochtsje, stoer en steech, Tsjin al wat smoarch is, lef en leech. Sil Fryslân Fryslân bliuwe? Ik frege 't hjir, ik freegje 't dêr; En - 'k soe 't hast net mear leauwe, As 'k mannichien soms sjoch en hear, En 'k tink wol jamk: mei 'n blastich sin Giet hele Fryslân op 'e rin. Sil Fryslân Fryslân bliuwe? Ja wis, sa lang't der Friezen binn', Dy, wers fan 't leffe en sleauwe, Net fluensk en krûpend wêze kinn', Mar sokken, dy't de heechste priis Stelle op 'e namme: frije Fries. Jit binn' der sokke ljuwe; Hja hâlde steech oan 't wiere fêst; Wa't ek yn tiidsstream driuwe, Hja steane en fjochtsje sûnder rêst Foar wierheid, trou en Fryske sin, Foar rjochte en sljochte frijdomsmin. Der binne swiere diken Ta 'n bolwurk om ús Fryslân lein, Dêr moat de see foar wike, Dêr is syn swiid bewâld oan d' ein; Mar foar in stoere Fryske kop, Dêr strûpt de frjemdsin-see foar op. As sokken ús ûntteagen, O hâld dan, grime Noardersee, Dyn skolperige weagen Foar ús besmodze grûn mar ree; Kom op, ferswolgje ús lân en fei Ald Fryslâns plak fan d' ierde wei! Sil Fryslân Fryslân bliuwe? Kom Friezen, swarre wy fan ja! [pagina 55] [p. 55] aant. Kom, strûze wetterliuwen, En wês de Frânske moade ba! Nin bastre skaai dochs binne wy, Mar fromme Friezen, froed en frij. Vorige Volgende