Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Oan skipper sierk by syn earste reize oer de libbenssee Gau sil dyn skip nei 't wide sop, En 't glimt fan top ta teil; Der sit in treflik touwurk op, Mar, bêste freon, pas op, pas op, En hâld in eachje yn 't seil. Wêr datst ek biste op libbens see, De hân mar stiif oan 't roer; Al biste ek wakker op dyn dree, Wês doch bedaard; want ûnk en wee Lizze altiid op de loer. 't Gewisse is 't alderbêst kompas; Dat brûksto nea te faak; En is oan 't túch in stekje los, Dêr moatst mei nudle en tried op los, Al waait it ek omraak. Al hest net altiid foar de wyn, Dat komt der net op oan; Mar wês net foar de brâning blyn; Want, rekket dêr dyn fartúch yn, 'k Ha soarch dan giest der oan. [pagina 53] [p. 53] Der driuwe, ha 'k wol sizzen heard, Seewiven oeral rûn; Dy sjonge ljuentsjend om jins hert; Mar wa nei 't moaie sjongen heart, Dy rekket oan de grûn. Do bist in Fries; bliuw Fries en frij, Bliuw altiid from en froed. Wat as der dan ek barre mei, Dan ha 'k gjin noed, en 'k winskje dy: No skipper, 't giet jo goed! Vorige Volgende