Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Bernelibben 't Berntsje is fleurich as in fûgel, As in blomke jong en prûs; 't Sjongt en springt en djoeit en boartet, Wille hat it by de rûs. 't Hat nin leed en 't hat nin soargen, 't Kipet altyd gol en blij; As der triennen komme yn d' eachjes, Tutet mem dy triennen wei. Hotset boike op heite knibbel, Dy him dan nei Snits ta rydt, Elts soe sizze: 't is in ruter Dy't dêr op syn hynder rydt. Jûns bringt mem him nei syn bedsje, Stoppet him sa koeskes ta; Komt er moarns wer út de fearren, Mem moat earst in moarnstút ha. [pagina 52] [p. 52] aant. Heit is dei oan dei oan 't skrippen Foar syn wiif en foar syn bern; As er thús komt fan syn bodzjen Is er wurch, dat kin me sjen. Berntsjes, berntsjes, wat in leafde, Wat in soarch fan mem en heit! 't Iennichst lean dat hja jim freegje Is in hert fol tankberheid. Vorige Volgende