Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 51]
| |
Der kaam in filder oan de doar,
Dy woe it bist wol fille;
Us heit dy naam syn bod net oan,
It wie him net te wille.
Mar heit dy sei: ‘Yn wol en wea
Hat dizze guds my tsjinne,
Ik sil him fuorje ta syn dea,
Dat hat er wol fertsjinne!’
No kin ús âlde trouwe blês
It nearne better krije;
Hy noasket om yn 't wiete gers,
Of lit op 't strie him flije;
Mar as er heite stap mar heart,
Dan kin er blibkje en brinzgje,
't Is krekt of seit er: ‘Boer, hab tank,
Ik kin 't net better winskje’.
|
|