Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Fryslan boppe! Fryslân, Fryslân boppe alles, Fryslân is myn hert en sin; 'k Sil dat lân syn eare sjonge, Sa lang as ik sjonge kin. Yn ús Fryslân bliuwt myn herte, Al hoe fier as 'k reizge bin; 't Alde Fryslân boppe alles, Fryslân is myn hert en sin. Sjoch dy moaie griene greiden, Glêde hynzers, fette kij; Sjoch dat nôt dat bûcht fan swierens, 't Ljurkje sjongt der núvre blij. Sjoch dy marren en dy wâlden; Oeral, oeral klinkt ús jin: 't Alde Fryslân boppe alles; Fryslân is myn hert en sin. [pagina 50] [p. 50] aant. Heit en mem en al myn sibben Ha hjir lok en frede fûn; Heitesoarch en memmeleafde Wekke oer my op Fryslâns grûn; Soe 'k sa'n lân net leaver habbe As elts lân, dat 'k neame kin? Ja, myn Fryslân boppe alles; Fryslân is myn hert en sin. Ienfâld, deugd en reine seden, Frijdomssin yn 't Fryske hert, Makken d' âffaar stoer en krêftich, En fan bûgjen wist er net. En de bêsten fan dy mannen Wêr ús lân op romje kin: Fryslân gong har boppe alles, Fryslân wie har hert en sin. 'k Wol jim folgje yn al myn dieden, Friezen út dat helteskaai. Wier en frij en wers fan frjemdsin, Stiif fan kop, fan moed sa taai. 'k Wol, myn lân, dyn eare ophâlde, Al hoe fier as 'k fan dy bin, Fryslân, Fryslân boppe alles, Fryslân is myn hert en sin. Vorige Volgende