Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Jan en Foekje Koeskes by de tsjerkedoar Sitte Jan en Foekje, Hy byt op in woartel om, Hja begnaut in koekje; Koeskes by de tsjerkedoar Sitte Jan en Foekje. Foekje laket Jan ris oan, Jan dy seit tsjin Foekje: ‘Moarn dan is 't myn jierdei, moarn! 'k Krij fan mem in boekje’. Foekje laket Jan ris oan, Jan sjocht nij nei Foekje. Foekje flústert wat tsjin Jan, Jan heart stil nei Foekje; Beide krûpe as mûskes wei [pagina 49] [p. 49] aant. Yn it smoute hoekje; Foekje flústert wat tsjin Jan, Jan heart stil nei Foekje. ‘'k Hab al frege oan heit en mem’, Seit ús lytse Foekje, ‘As ik dy de moaiste par Ploaitsje mei fan 't tûkje. Heit en mem dy woll' 't wol ha, Krijst in par fan Foekje’. Bûkemantsje giet no fuort, Hân yn hân mei Foekje, Sjoch, hja bliuwe jitris stean Yn in smûk smout hoekje. As dat pearke âlder is, Wurdt it: ‘Jan en Foekje’. Vorige Volgende