Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 48] [p. 48] aant. Myn broerke Myn broerke is sa stil en sa wyt en sa kâld, Hy kin net mear boartsje troch fjilden en wâld. Us mem stiet te kriten, mar hy heart it net, Us heit aait syn wankjes, mar hy fielt it net. Wat gongen wy faak wol tegearre yn it hôf En geiden en djoeiden troch beammen en lof. No leit er sa wyt en sa stil en sa kâld, Nea sil er wer boartsje troch fjilden en wâld. Moarn wurdt er op 't tsjerkhôf yn 't grêfke delleid, Dan bliuw ik allinne by mem en by heit. Leaf broerke, al bist wei en al sjoch ik dy net, 'k Sil faak om dy tinke mei triennen fan smert. Vorige Volgende