Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 46] [p. 46] aant. Merke ‘O hearink, mem, wat is 't no mâl! Ik kin myn kroantsje n't fine! Wêr soe 'k it snein dochs dellein ha? Wat sit ik yn 'e pine!’ - ‘Wel ju, do hast it om 'e hals; Wat bisto dochs oerstjoer; Dy merke, och, och, dat is wat mâls! Fij, wie dat spul mar oer!’ - ‘Heit, witt' j' ek, wêr 'k myn pypke brocht, Dat mei dy sulvren dingen? 'k Hab ek yn 't kammenet al socht; 't Leit oars by memme ringen.’ - ‘Ei ju, hast mei dyn noas wer socht? Dêr leit it; sjochst it net? Dy merke hat fan 't spoar dy brocht; Fij, wie dat mar beret!’ - De bisten binne al lang te plak: Dêr om de tsjerkhôfbeammen; De fammen binne ek al yn 't jak, En tsjogge nei de kreammen. Hja glimme as bûter yn it fet, En glimkje as 't sintsje blier; De feinten binne allike glêd, Mei oalje en fet yn 't hier. Dy kypsen fan it fynste strie Mei blommen dêr om hinne, Dy floddermûtsen, wyt as snie, Earizers as in sinne; Dy wankjes, sêfter as ferwiel, En read wol as in kjers, Dy eachjes as in sinnestriel... 't Is allegearre yn d' es! [pagina 47] [p. 47] Dat rint en draaft dêr op en del Te laitsjen en te gobjen, Dat fljocht sa rimpen en sa tel, Dat wurdt net ba fan 't snobjen; Dat krielt en kringt dêr troch 'noar om En mannich feint, sa smûk, Pakt mannich famke lodd'rich om, En lústert wat temûk. No is it jûn, en feint en faam Gean dûnsjende nei boppe. In sulle, dy't nin famke naam! Elts dûnset mei syn poppe. Dan wurd' de stuollen by 'noar set: Ien glês foar feint en faam; Dan triuwkje en tútsje en flaaikje: ‘Hert, Hoe bliid bin 'k, dat 'k dy naam!’ Op 't lêst nei hûs; it hert sa fol, By 't swietst petear allinne; It famke, och sa goed en gol, De earmen om him hinne. Har holke nei syn skouder giet, Heal yn de dod hast wei; Mar tútsjend jit en lústrjend jit: ‘Hoe leaf, hoe leaf ha 'k dy!’ Dat is ús Fryske merkenocht; Wêr is sa'n nocht te krijen? Us fammen binne rjocht en sljocht En noflik yn it frijen. Mei 'k ienkear noch sa'n famke 's ha, En dan út Fryslân wei, Dan bliuwt my 't libben, wol ik ha, In iivge merkedei! Vorige Volgende