Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Soks docht in echt frysk famke net Wat fammen oait har sedichheid ferjitte, En frjemde feinten by har komme litte; Wat faam in houliksoanfraach yn 'e krante set: Soks docht in echt frysk famke net! In echt frysk famke is skruten en is dimmen, Mar net sa gek, in man yn hûs te nimmen. Hja lit har nimme fan de feint, dy hert En sin op 't leaf en leavjend famke set. In echt frysk famke is sedich fan menearen. It past in Fries har skruten aard te earen. Jy ha wat yn Jo ‘Houliksoanfraech’ set: Soks docht in echt frysk famke net! Vorige Volgende