Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De alde toer Mids yn 't doarp stiet, stoer en steech, D'âlde skiere toer; Sjocht de wide fjilden oer; Sjocht omheech, omleech. Altiid sjocht er, fier yn 't rûn, Wrotten en gejei; Alle minsken wrotte mei Op 'e lege grûn. Ienkear is har skrippen oer; Ienkear komme hja Nei it stille tsjerkhôf ta, By dy âlde toer. Freonen geane, swart en stom, 't Tsjerkhôf skriemend oer; Mar dan komt der út 'e toer Freonlik fol gebrom. ‘Wolkom, wolkom, kom mar, kom!’ Bromt er lûd en fol, ‘Lis dyn wurge holle dol, Rêst yn sêfte slom. Earme lijer, kom mar, kom, Hjir allinne is rêst; D' ierde is dy te lyts wol west, No is 't grêf te rom. Op dyn grêf sil mannich blom Swietrook struie yn 't rûn; Sliepe silsto yn 'e grûn Rêste yn swiete slom!’ - [pagina 45] [p. 45] aant. Freonen ha 'k nei 't grêf ta brocht, Freonen fan myn hert. Alde toerklok, yn myn smert Brocht dyn ropstim ljocht. Seiste net, dat libbens lêst Mear is as syn nocht? Wêr me 't ek yn 't libben socht, Dea allinne is rêst. Wêrom soe 'k dan, âlde toer, Eangje foar dy stûn', Datst' foar my ek bromst yn 't rûn, Fier de fjilden oer: ‘Wolkom, wolkom, kom mar, kom! Oer is libbens lêst; Hjir is frede en iivge rêst, Rêst yn swiete slom.’ Vorige Volgende