Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 43]
| |
Wêr dat myn skip ek silet,
Do spilest my yn 't sin.
As wylde stoarmen waaie,
De weagen wâlje en draaie,
Sjoch ik dyn byld, sjong ik myn sang:
'k Sil oan dy tinke myn libben lang!
'k Sjoch yn it stille wetter
De himel, blau en djip,
Dy blinkt fan goudne stjerren;
Nin weachje slacht tsjin 't skip.
No tink ik oan dy stûnen
Doe't wy sa'n wille fûnen;
'k Fiel wer dyn patsjes en sjong myn sang:
'k Sil oan dy tinke myn libben lang!
O leaf, smûk houten hûske,
Mei 'n doarnehaach der om,
Wêryn myn honke rêst fynt,
Fertize yn sêfte slom;
Wat woe 'k by dy graach wêze,
Myn leafste yn 'e eagen lêze;
Lêze yn har eagen, heare yn har sang:
'k Sil oan dy tinke myn libben lang!
De moarn ferriist yn 't easten
En stekt syn holtsje op;
En kyp't troch reade wolkjes,
En glimt oer 't griene sop.
No sjongt it oer de mieden,
Me heart de klokjes lieden;
Hjir op de see sjong ik myn sang:
'k Sil oan dy tinke myn libben lang!
Myn famke wurdt te wekker,
Giet hastich nei it strân,
En digert oer de weagen
En winkt my mei de hân.
Driuw, weachjes, driuw dêr hinne,
En tel har dan myn minne,
| |
[pagina 44]
| |
|