Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 42]
| |
As in daudrip út it blomke,
Sa ûnskuldich, klear en blij,
Kypje d' eachjes fan it berntsje
Mûzich út 'e herntsjes wei.
Om it blanke ingelkopke
Krôlet rynsk it glêde hier,
Moai allyk de ljochte râne
Fan in roazewolk moarnsier.
Moai is alles yn syn eachjes,
En in wûnder is de wrâld;
Alles jout him nocht en wille,
Wat it yn syn hantsjes hâldt.
Foar de loaits fan 't bern wykt alles
Wat ûnfoech is efterút;
Mei syn hantsjes op dyn troanje
Strykt it dêr de tearen út.
As syn eachjes dy oanblierkje,
Sjochst de himel, blau en klear;
As 't oan dyn ûnrêstich hert leit,
Fielste dêr gjin ûnrêst mear.
As 't syn earmkes om dyn hals het
En him sa te sliepen leit,
Fielst, dat ingels om dy wjukje,
Glânzjend yn har sillichheid.
Dêr is wille, dêr is sinne,
Wêr it bern ek komme mei;
Salang as der berntsjes binne,
Bliuwt der leafde en poëzij.
|
|