Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 41] [p. 41] aant. [Frysktalige fersen] De stjerren Millioenen eachjes, Dy sa blier en trou Digerje nei d' ierde Ut it himelblau; Pearels, dy dêr hingje, Troch inoar dêr kringje, Rêst fyn 'k foar myn siele As jim striele. 'k Lit myn soargen slomje, Slomje lêst en need; 't Swurk is sûnder wolken, 't Hert is sûnder leed; 't Fljustert om my hinne, Lyk as 't ingels binne: Tsjuster moat ferdwine, Ljocht moat skine. Stjerkes, as jim strielen Falle yn marke en see, Falt der yn myn siele Rêst en silge free; As it sintsje skiede, Nacht him leit oer d' ierde, Blierkje jim en roppe: Sjoch nei boppe! Vorige Volgende