| |
| |
| |
Piter Jelles as Frysk dichter
It stiet my noch foar, dat bekend makke waard, dat Piter Jelles weirekke wie. Ik haw doe minsken yn triennen sjoen. En guon fan har haw ik letter frijwat steurd meimakke, doe't bekend waard, dat om utens yn Skeveningen har foarman te hôf brocht wurde soe. Dêr waard ferûngelike by oanhelle, dat dat yn striid wie mei de dichter syn eigen wurden:
Sokke réaksjes docht út bliken, dat yn Fryslân de bân mei Piter Jelles tige gefoelich wie en dat yn Fryslân yn 'e herten fan it folk de politikus en de dichter net aparte grutheden útmakken. Dy beide kanten fan Troelstra soene nammers ek maklik by sokken ûnder ien wurd gearbrocht wurde kinne: besieling. En as dichter èn as politikus hat hy yn syn tiid kloften lânslju begeasterje en oertsjûgje kind. De krêft dy't út him striele koe by har sa sterk en sa ynkringend oerkomme, dat by syn dea It Frysk Folksblêd, orgaan fan it Soasiael-Demokratysk Frysk Forbân, skriuwe koe:
No rêst de strider út, syn mûle swijt,
Mar as wy strak, sa machtich as wy binne,
Trochsette en winne - dan hat HY it dien!
Al swei syn mûle, syn beynfloeding soe lang noch neiwurkje: yn 'e polityk likegoed sa't dat earder ek op literair mêd it gefal west hie. Want Piter Jelles, dy't as minske as in roppene beneamd wurde kinne soe, hie ek as dichter syn spoaren neilitten. Sûnder him is de ûntjouwing fan 'e Fryske poëzij langer net te tinken. As oergongsfiguer hat hy tusken tiidrekken in eigensoartich en ûnmisber keat foarme.
Wat dichtsjen foar him ynhold hat Piter Jelles him ûnder
| |
| |
oaren oer útlitten yn syn Fen Liet en Libben (1910). Hy skreau dêr dat dat foar him it utering jaan oan it eigen ynderlik libben betsjutte. De sa ûntstiene poëzij hearde neffens syn betinken tagelyk keunst te wêzen:
De Dichter mei út egen inerlike drang, allinnich om syn leed of wille yn moaie klank te uterjen, de sang songen habbe - de Keunstner wol syn wurk bringe ûnder 'e minsken en stiet derop, dat hja it begripe en wardearje sille. En dat wurk sels is, as it ienkear syn wei ûnder 'e minsken fûn het, net mear sines, mar in stik fan 'e beskavingsskiednisse fan syn folk, fan syn taal- en skriftekennisse. (s. 8).
Doe't Piter Jelles út dy opfetting wei om 1880 hinne nei in Hollânske begjinrite yn it Frysk begûn te dichtsjen, doe wie dat yn 'e omstannichheden fan dy tiid inkeld al troch it eigen en spontaan lûd derfan foar Fryslân wat nijs. ‘It sizzen wat it herte fielt’, it etiketsje dat de lettere Rixt (H.A. van Dorssen, 1887-1979) opplakt krije soe, wie doedestiids nammentlik yn 'e poëzij noch net wizânsje. Allinne mei altemets de gefoelige J.R. Kloosterman (1847-1914) as seldsume útsûndering, wie epysk ferheljen, krûde as 't heal koe mei in flutske moraal, de itige trant wurden. Yn dat genre hie Waling Dykstra (1821-1914) him as de grutte master sjen litten. It slim oerhearskjen fan dy yn wêzen ûnpersoanlike, sljochtweihinne skriuwerij hie J.D. Ankringa (1793-1860) yn 1857 yn De Vrije Fries VIII al foar warskôge yn syn ‘Proeve van de geschiktheid der Friesche taal voor het verhevene’ en hy hie dêr doe mei oersettingen út Aeschylus ‘Agamemnon’ wat foaroer sette wollen. It dearde Ankringa oan, dat it stribjen om literatuer fan gehalte te skeppen der yn de floed fan dy folksskriuwerij ûnder driigde te strûpen. Wy moatte dêrby betinke dat earder bygelyks in Rinse Posthumus (1790-1859) it yn 'e tiden fan 'e Romantyk al mei Shakespeare-oersettingen weage hie. Doe hiene ek gâns persoanliker lûden meiklonken. Eeltsje Halbertsma (1797-1858), J.C.P. Salverda (1783-1836) en Harmen Sytstra (1817-1862) hiene elk foar oar de har ûntfallen bern yn kleilieten betocht. Hja hiene
| |
| |
dêr iepentlik utering yn jûn oan har leed. Ek leafdessmert soe yn dy snuorje stim oan jûn wurde: yn Suringar's Vriesche Almanak (1830) waard it fers ‘Gjealp’ publisearre. De skriuwer woe it doe sels, sa te sjen, noch net wêze: hy bleau anonym.
It klimaat dêr't it oandien hert yn meisprekke koe wie lykwols sûnt alhiel feroare. De gefoelige kant hie - en dat siet yn 'e tiid - belies jaan moatten tsjin in oerhearskjend ferstanlike ynslach. Waling Dykstra, tsientallen fan jierren de sintrale figuer, levere siden en siden lêsfoer, mar wat syn eigen siele beruorre soene de lêzers nea net wat fan fernimme kinne.
Yn 'e snuorje, dat yn de Hollânske literatuer de Tachtigers har mei har keunst om de keunst en leafst yn sonnetfoarm mei har ‘allerindividueelste expressie’ oppenearren, doe kaam yn Fryslân Piter Jelles nei foaren as in dichter dy't fan dat aller-persoanlikste fan dyselde Tachtigers (dat him te frijbliuwend wie) neat hawwe moast, mar sels yn alle iepenens it eigen herte dochs sprekke litte woe, likegoed ek in kearmannich yn sonnetten. Yn 'e praktyk fan syn dichtsjen mûne dat út yn it gearbringen fan it oanspreklike fan 'e folksskriuwers mei de tsjoen fan in eigen tige byldzjend betrutsen lûd. Dat makke him ta wat er graach wêze woe: Folksdichter op en út. Him stie dêrby foar eagen wat P.A. de Genestet (1829-1861) yn syn fers ‘De Volksdichter’ (1850) al útsongen hie:
O Jongling, wien de God der vaadren heeft verkoren,
Die 't onbekende lied voelt worden in uw borst,
Rijs op, en laat mijn volk uw blijde boodschap horen
En wees hun Man, hun Held, hun Vorst!
Reeds is de melodie de zielen ingevloten...
Geef stemmen aan de stof, en woorden aan de noten,
Wees de echo van weleer, en aller deugden tolk!
Geef - wat geen brood alleen, geen goud vermag te geven,
Geef krachten aan de hand, en kracht aan 't zieleleven;
Een schone toekomst aan uw volk!
Dêr hat Piter Jelles neffens eigen sizzen as dichter nei libje en stribje wollen. Hy jout dêr yn syn Fryske gedichten de
| |
| |
kleare bliken fan. Syn Hollânske fersen, hjir efteryn opnommen, sit dúdlik itselde útgongspunt efter. It publyk, dat him by it skriuwen foar eagen stie, moast begripe kinne wat him ynderlik beweegde en dêr siet yn syn gefal dizze persoanlike oandrang efter: it ideaal om Fryslân en de wrâld te ferbetterjen. By it ‘fertolkjen’ fan dat ‘selsfielde’ moasten ritme en klank neffens him har ‘beteikenis’ ek hawwe, sa waard yn de ‘mistribele muzykútjefte’ fan It Jonge Fryslân ornearre. Sa krige de esthetyske kant mei alderhande lûd-effekten en mei skilderjend byldzjen by him syn gerak ek.
Dy ynderlike oantrún om dy foar Fryslân nije eigen paden te begean hat op ûnderskate wizen fan Troelstra oars ek stal krigen. De oprjochting fan de Keamer Gysbert Japiks (1880), mei it doel om réalistysker stikken te bringen, hie grif te meitsjen mei in generaasje-konflikt en faaks ek mei konkurrinsje-sucht, mar wie doch benammen in artistyk protest tsjin it moralistyske en falsk-romantyske nocht-en-wille toaniel fan dy dagen. Syn Nij Frysk Lieteboek (1886) sette him ynhâldlik en fers-technysk ek ôf tsjin it ‘âlde’ fan 1876, krekt sa't de sammelbondel It Jonge Fryslân (1882) en it eigen nije tydskrift For Hûs en Hiem (1888-1890) dat ek al diene tsjin de doedestiids frijwat bestjurre Selskipsorganen. Yn it ramt fan 'e tiden hawwe it allegear opstigingen west. It wiene lôgen dy't efkes heech útsloegen en ek gau wer dôven. Mar ûnder de jiske bleau it as berutsen fjoer slomjend efter, om yn de Jongfryske tiid (yn bygelyks figueren as Fedde Schurer en ek Douwe Kiestra) fannijs wer op te flamjen.
De ynderlike ûntjouwing fan Piter Jelles is yn syn fersen goed nei te kommen. Hy besint him op ûnderskate plakken op syn dichterskip (‘de Sjonger en de Wrâld’; ‘De Wynharp’; ‘Net mear sjonge?’; ‘De Sang’). Hy fielt him as dichter in keunstner:
| |
| |
Dat docht hy mei uterste soarch. Ynhâldlik hâldt er altiten de grutte globale linen oan. De ferfiningen komme benammen op it technyske mêd te lizzen. Sa hawwe stêf- en binnenrym by him deselde opgnissende funksje as de ‘glâns’ fan ‘sulver’ en ‘goud’, dêr't er syn tafrielen sa rynsk mei oerjitte kin. Der is dan sprake fan in fyn-dichterlike gloede, dêr't it nau by harket en sjocht, mar dêr't de visy altiten baas by bliuwt. Syn altyd sterke opstiging wurdt wielderich yn byld en klank ferpakt, krekt sa't (om yn dichters sfear te bliuwen) in stoere beam omwûn sitte kin fan in kleurige bedwelmjende kamperfoelje.
Al ridlike gau geane syn tinzen de wrâld-herfoarmjende kant út:
In sjonger bist! Witst wol, wat dat betsjut?
It leed fan hiel it minskdom silsto drage!
Fan dy it andert op de grutte frage:
Hoe minske goed, hoe ierde in himel wurdt.
(De Sjonger en de Wrâld, s. 82).
Syn earste ideaal en boarne fan ynspiraasje is lykwols Fryslân, it heitelân. Hy ropt op om der foar te striden (‘It jonge Fryslân’; ‘Sil Fryslân Fryslân bliuwe?’; ‘Kening Friso’). Hy wol stribje foar it behâld fan it âlde, stege Fryske karakter en set him, lyk as oaren foar him, fûl teskoar tsjin de ‘Frânske wyn’. Ek mei-Friezen sil er net sparje. Syn persoanlike oanfallen-op-rym hawwe snedige teksten opsmiten (‘De Hoanne fan 'e Heegmer toer’; ‘De Wûnzer reis’). In algemien belang woed er dêr dan lykwols mei tsjinje. Oan 'e oare kant soed er as in suvere romantikus ek it ferline besjonge (‘Radbods Dea’; ‘Teaco en Gerbrich’) en hy ferhearliket de Fryske natoer en it âlde folkslibben. Merken mei draaimûnen, keatsen, silen en ‘opsitten’ is praat fan en gauris foarmje sokke fersen in brêge nei de leafdesgedichten, dy't er fan alderhande stimming skriuwe soe. Dat binne meast uteringen fan lok, boartlik, koartswilich soms, en ek wol mei in ûndertoan fan earnst. Eigen ûnderfiningen spylje grif ek mei yn de minder persoanlik lykjende teksten fan sawol de Fryske Brulloftswille as fan syn uteringen sabeare troch de mûle fan Foekje fan
| |
| |
Heech. It bliere en moaie fan 'e leafde liket te oerhearskjen en fan leafdesleed is navenant minder sprake. It kin wêze, dat yn leafdesdrama's lyk as dat niis al neamde ‘Teaco en Gerbrich’ of ‘Minja’ in hiel stik eigen lijen, in ôfstegering of in ‘ûnmooglikheid’ ferstutsen sit. Boppe de wat wyldsinnige sfear út fan ‘'t Jonge libben moat ris rûze’ klinkt linkelytsen de rop om duorjende fêstichheid. By alle flechtige wille langet hy yn syn hert nei wiere, hege leafde (‘Langst nei Leafde’; Leafde-tankliet’):
In djippe langstme nei 'n ‘trouwe hâld’
Dreau m' as in reizger troch de wrâld.
(Leafde-tankliet, s. 298).
Langst nei oare fêstichheden begjinne dêr njonkenlytsen trochhinne te spyljen. Swier wrakselet er mei en om it leauwe:
Yn 't wyld gejei nei jild en ear
Fûn ik dy hege God net mear.
(De Striid om it Heechste, s. 259).
en wat langer wat twingender tiest er om mei de frage wêr't yn it maatskiplike syn opdracht krekt lizze moast (‘De kriichssang fan it Ideaal’; ‘In Nije Tiid’), alles tsjin 'e eftergrûn fan:
ferfal fan âlde tastannen, tinkbylden en seden, fan grutte ûnwissens op maatskiplik gebiet en fan siikjen en freegjen nei mear hâld, mear wissichheid op it gebiet fan leauwen en fan 'e seden. Dêrby kaam foar Fryslân... de grutte lânboukrisis... dy 't net allinne de boerestân in knoei joech, mar ek folle lytse boargers, wurkbazen en nearingdwaanden yn stêd en doarp de strop om 'e hals sloech en de lânarbeiders wurkleas makke.
(Fen Liet en Libben, s. 34).
De ûndergong fan it âlde en betroude, dêr't de dichter gâns muoite mei hie, liet him - mei syn útsprutsen ôfkear fan 'e materialistyske libbensopfetting - op 't lêst net in
| |
| |
oare kar as him fûleindich ynsette foar dyselde Nije Tiid, dy't in nije maatskippij bringe moast foar minsken de hiele wrâld oer:
It wurdt ris tiid, dat millioenen
Net mear by tûzen efterstean;
It âldskier ûnrjocht moat fergean,
Op, op, om d' ierde om te tsjoenen!
(In Nije Tiid, s. 292-293).
Mei it dwaan fan dy kar soe de earste perioade fan syn Frysk dichterskip ôfsletten reitsje (1890); it krewearjen (mei Fryslân as útgongspunt) foar in nije takomst foar it hiele minskdom wie by him swierder begûn te wagen as de striid foar inkeld it behâld fan Fryslâns karakter, taal en seden. Dat soe de ferskowing yn syn libben tekenje. It betsjutte, dat it swiertepunt fan 'e striid bûten Fryslân kommen wie te lizzen, wat wer meibrocht, dat it Hollânsk de taal waard fan de striidlieten dy't hy yn 'e njoggentiger jierren noch skriuwe soe.
Tusken 1890 en syn alderlêst fers ‘Lêste Blink’ (1925) leit de koarte Fryske oplibbing fan 1909, ynlaat mei it (fan dyselde âld freon) útlokke fers ‘Oan Dr J.B. Schepers’. Oan nije fersen smiet dat jier ‘It âlde doarp’ op, in syklus, dy't om it eardere ‘De âlde toer’ hinne skreaun waard en einige mei ‘Ofskie’, mei ûnder oaren dizze gâns-ferklearjende strofe:
Earst wol de feint foar 't heit'lân libje en stjerre,
Dat Grutter boppe him, dat hy oanbidt;
Dan fynt er oare, grutter kringen jit,
Dêr al syn leafde en langst oan tabehearre,
Hy fynt syn ropping yn 'e maatskippij -
Sa, Friezen, gyng it my. (s. 350).
In oare oanwinst dat jier wie ‘It Koalsiedterskjen’ in rige fersen (mei ûnder oaren dy prachtige ‘gouden’ jûnsang!), dêr't in ferbining yn lein waard tusken âld bouboerewurk en de nije striid, mei rigels as:
| |
| |
De lytsen slaan de hannen gear,
De grutten keare har net mear;
en:
Net mear in earme bodder,
Mar opstien út 'e modder -
Elk minske in minske allyk!
‘Ien foar allen, allen foar ien!’
Ja, wy habbe 't wurd ferstien (s. 325)
Dy nije fersen waarden mei de âlde datselde jiers noch bondele yn Rispinge, in útjefte dy't it foardiel hie fan elke samling (al wie spitigernôch de ynhâld thematysk oardere), mar dy't tagelyk in soarte fan persoanlike sels-befêstiging ynhâlde moatten hat: de politikus Troelstra wie op 't lêst ek noch de dichter Piter Jelles! It jin jilde litten, by him fan jongsôfoan in sterk opfallend skaaimerk, koe op dizze wize dûbeld syn beslach krije. In aardige bykomstichheid is dat it opikkere wurd ‘rispinge’ dêrmei in nije ynhâld krige en in begryp waard; it wurd waard mei hjirtroch foar 't neist in plak yn 't ferjittersboek besparre.
Dizze nije samling fan no, dêr't de teksten safolle mooglik yn tiidsoarder yn ôfprinte steane, ropt yn dizze tiid alderearst de fraach op wat de ûnderwilens gâns útwreide ynhâld ús minsken fan 'e tachtiger jierren fan de tweintichste ieu nei safolle feroaringen en ûntjouwingen sûnt noch te sizzen hawwe kin. Piter Jelles hat seis skreaun:
Om in dichter te begripen, moat men net allinne himsels kenne, mar jin ek de tiid, dêr't er yn libbe, goed foar eagen stelle.
(Fen Liet en Libben, s. 10).
en dat jildt benammen foar in hiel rychje fan syn eigen fersen. Guon fan syn lieten wurde altyd noch songen (‘Eala Fria Fresena’; ‘Roeiersliet’; ‘Wolkom oan 'e Silerstiid’; ‘Oan 'e kant fan 'e mar’; ‘See, do wide see’; ‘De
| |
| |
Seeman’; ‘It âldershûs’; ‘Widzesang fan 't Seemanswiif’) en ont yn 'e fjirtiger jierren haw ik guon teksten noch wol foardragen heard (‘Wat moatte ús jonges wurde’; ‘De Libbenspiip’; ‘De Wynharp’; ‘Ofskie’). Der binne ek party rigels dy't suver sprekwurdlik wurden binne:
Yn kringen leit it libben om ús hinne:
It húsgesin, it heitelân, de wrâld,
en bygelyks:
Bleau dochs fan syn roken oer!
of:
't Jonge libben moat ris rûze,
en:
Us is grut wollen en lyts kinnen jûn;
allegear neigalmen fan dat besieljend dichterskip, dat de moderne lêzer langer net fuort reitsje en meinimme sil. Foaral yn 'e gruttere dichtstikken kin it stadige ferrin en de oerdied en dronkenens oan bylden en byldspraak wolris as retoarysk en steurend oanfield wurde. Sa't in film, dêr't men earder mei ynholden siken nei siet te sjen, jin nei jierren as fierste blomryk, te wiidweidich en te traach oankomme kin, sa fergiet it jin altemets ek mei Piter Jelles syn poëzij: wat neier om 'e hoeke hie foar ús no fakentiden moaier west. Dêr stiet foaroer, dat fan de koartere, faak wat Heine-eftige fersen in fiks tal yn in moderne blomlêzing net misstean soe (‘Do naamste myn romer’; ‘Trou’; ‘De hjerst hat de simmer te hôf brocht’; ‘De sulveren mar’; ‘Heamoanne’; ‘It wie...’). Lyk as inkelde fan 'e sangen sille hja de tiid noch lang wjerstean kinne, wiermeitsjend wat de jonge dichter ris oermoedich útroppen hie:
| |
| |
Ik sjong net foar de dei fan hjoed,
Mar, neiteam, ek foar jimme;
Jim sille, nei myn dea, myn lûd
(Oan de neiteam, s. 134).
Dizze jefte Samle Fersen, dêr't dichters geastlike ûntjouwing, ferbreding en ferdjipping better as ea yn nei te kommen binne, wol dat lûd alle kâns jaan. Dat mannichien it ‘yn ear en hert’ opheine mei!
It mei tusken de rigels troch al wol dúdlik wurden wêze, dat wy Piter Jelles literair as in oergongs- en ferbiningsfiguer sette tusken tiidrekken mei in romantyske ynslach. Oan 'e iene kant sitte bannen mei âldere skriuwers as Eeltsje Halbertsma en Harmen Sytstra, wylst oan 'e oare kant triedden rinne nei in jongere dichter as Fedde Schurer (1898-1968) (it ferbân tusken ‘It Koalsiedterskjen’ en Douwe Kiestra (1899-1970) syn ‘Oan 't heamiel gear’ litte wy hjir mar efkes bûten beskôging). Om mar ris in ding te neamen: alle fjouwer hawwe hja wol Frysk-nasionale striidlieten skreaun, in genre dat sa tige eigen is oan 'e Romantyk en ûntstean koe út fielings fan ûnfrede mei it deistich bestean. Neffens de dichter moast it yn Fryslân oars. Boppedat wied er mei himsels ek faak net ta klearrichheid kommen. Eeltsje Halbertsma waard pleage fan syn ûnrêst en socht al skriuwendewei gauris in útwei yn 'e idylle. Harmen Sytstra, wa't in Frysksinnigens dwers siet, wurke fûl oan op in Grut-Frysk ideaal. Krektlyk as de jonge Troelstra foar him, hie de jonge Schurer ek syn nasionaal ideaal, mar dêr't Sytstra ont it lêst ta trochgie, dêr bûgden Troelstra en Schurer as dichters yn letter jierren ôf: by beide kaam de wrâld bûten Fryslân twingender yn 't eachweid te lizzen. Wylst dat by Schurer op modernere wize altemets late ta realistyske uteringen fan bittere teloarstelling en neaken sinisme, bleau dat by Piter Jelles oer alle boegen de striidbere en blomrike kant it neist. Troelstra koe al sjen as in Schurer en dichte ek al mei in technyk as fan Schurer, mar mei in ynhâld en in toan dy't oan 'e
| |
| |
ein ta mear yn 't ferlingde fan Sytstra lizzen bleau, tsjûgjend en besieljend, mar wol folle dichterliker, kleuriger en byldzjender.
Ek oars soe Troelstra ynhâldlik yn it ferlingde fan Sytstra komme te stean en dat is op it stik fan 'e skôging op it maatskiplik bestel. Yn 1848 ferskynde fan Sytstra yn Iduna it ‘Wurd oan ús Lansljuwe’ mei útspraken as:
De tiid brekt oan det d' oerhearsking fen bleate rykdom en adel in ein nimt;
Lit it wurk fen d' arbeider nei bihearren leanne wurde;
Ien folk, ien bân, dêr moat it op oanlein wurde;
Wy wolle de foarútgong fen ús folk grounje op iennichheit,
uteringen, dêr't Troelstra syn fers ‘In Nije Tiid’ (Lyk rjocht foar elk! - Foar elk syn lean en lean nei wurk!) wat de strekking oangiet alhiel op oansleat. Wat Sytstra foar Fryslân yn theory in betingst foar in lokkiger Fryske takomst achte, soe Piter Jelles, der yndachtich op makke yn datselde Fryslân, in heale ieu letter yn ynternasionaal ramt yn 'e praktyk bringe wolle (Ien mienskip 't folk; Ien foar allen, allen foar ien!). By alle oerienkomst is der lykwols mear ferskeel. Sa't Sytstra suver lykme allinne krewearre om in Aldfrysk ferline en in nije takomst gear te smeien yn in grammatika en stavering foar it neffens him kommende Grut Fryslân, sa stried út it ferline wei Troelstra mei oaren foar in Grutte Nije Tiid. It iene wie bleat romantysk en bleau stykjen yn 'e dream. It oare wie in Romantyk, dy't de striid mei de werklikheid oangyng en fan gefolgen in libben fan in eigen werklikheid begûn te lieden. De ‘omslach’ fan 1890 yn Troelstra syn libben, dêr't gauris fan praat en skreaun is, is sadwaande yn wêzen mear in ferskowing, in stap oer de drompel as wie 't mei frisse foarnimmens fan in âld jier yn it nije: de dream dy't dreamd wie soe no ferwêzentlike wurde. Dy dream begûn yn Fryslân en de striid waaiere út oer de grinzen, wat, om it doel te berikken, allinne mar réalistysk wie.
| |
| |
Hoe moatte wy tsjin dy eftergrûn Piter Jelles as dichter sjen? Wied er romantikus, wied er réalist? Jan Piebenga (Skriftekennisse, 1939) skriuwt him in ‘romantysk dichterskip’ ta, wylst dêrfoaroer Douwe Kalma (Skriftekennisse 1876-1897, ek fan 1939) úthâldt: ‘in romanticus is hy op gjin stikken nei’, al is der wol sprake fan in ‘romantysk elemint’. G. Stuiveling (Rekenschap, 1941) hâldt Piebenga syn wâl op: as neffens de omskriuwing alle Romantyk berne wurdt út tsjinstellingen, skreaun troch ynderlik spjalte persoanlikheden, dan moatte de fersen fan Piter Jelles dêr ek ûnderbrocht wurde.
It is wier, it libben hie Piter Jelles fan jongsôfoan opskipe mei tsjinstellingen: as stedsjonge út 'e lytse ‘Lúwadder’ ‘bourgeoisie’ belannet er yn Stiens; yn koarte tiid moat er yn 'e húshâlding fjouwer stjergefallen meimeitsje (mem, jongste broerke, twa susterkes). By de ferskelen tusken doarp en stêd, by de fragen fan libben en dea (dêr't er memmeleafde en 't âlde leauwe by ferlear en fangefolgen in libben lang om oanhâld en om fêstichheid sykjen bliuwe soe) komme op 'e HBS de konflikten tusken emoasjes en logysk tinken. Foar in tebroazeljend ferline stiet in ûnwisse takomst oer. Hy krijt weet fan de kleau tusken syn ‘wollen’ en syn ‘kinnen’; hy krijt te meitsjen mei ‘earm’ en ‘ryk’, mei (Frysk)nasionaal en ynternasionaal. Yn 'e fersen wurdt wat der oan tsjinstridigens yn syn herte woele mei oan- 'e-Romantyk-eigen middels oersljochte: mei humor bygelyks of mei de idylle lyk as by Eeltsje Halbertsma (lyk as wa't er ek graach op besteande wizen dichtsje mocht), mei selsspot of mei in wat forsearre bombast. Inkeldris bliuwt der in skyn fan twivel of langstme hingjen, mar der falle gjin bittere wurden, omt as regel de tsjinstellingen soene wurde. Wol is der dêrfoaroer sprake fan smert: dat is foar de dichter op Weltschmerz-eftige wize in soarte fan lok. Sa is it stribjen nei lok by him ek moaier as it lok sels:
Wy soene dat moaie lok bedjerre,
Lyk as 't bern, dat in flinter yn hannen het.
Lyk dêrmei op sil de striid nei it ideaal letter foar Troelstra ek moaier en betsjoenender west ha as it echte berikken
| |
| |
fan dat ideaal. It wie mei him in kwestje as fan Mozes en it ûnthjitten lân. Hy seach it yn tinzen foar him lizzen, mar soe der nea net in foet sette. Yn de striid stied er lykwols foargoed mei beide fuotten op 'e grûn, wied er de réalist dy't skerp sjen koe en dat goed-besjoen ek al folle earder (en hiel ier!) dien hie. Yn ien fan syn âldste fersen (en dat moat benammen net oer de holle sjoen wurde) rint it nei in fel réalistyske skildering fan maatskiplik barren al út op:
De wrâld yn! Striid mei 't swurd der poësij;
De wierheidsstim sil út dyn hert oprize,
Do silst ferdwaalden 't paad nei 't Goede wize
En stiftsje 't ryk fan Leafde en Harmonij!
(De Sjonger en de Wrâld, s. 82),
in noch dizige opdracht oan himsels, dy't earst mei in Fryske en folle letter mei in sosialistyske ynhâld stal krije soe, in opdracht dy't der by him yn begjinsel sadwaande al tige jong yn siet. Fan jongsôfoan woed er yn 'e maatskippij wat betsjutte, woed er him jilde litte, hied er oanpart oan it libben en seach er dêr de lekken en de brekken.
Der rint in réalistyske tried troch al Troelstra syn fersen, al hoe romantysk hy dy fierder ek ynklaaide en hoe romantysk de gedichten fierder ek ûntstiene (faak as brêge tusken iensumens en mienskip, liket it).
Ut Piter Jelles syn poëzij riist net in near, beheind lânskip. It is in wide ljochte wrâld dy't rikt oan 'e himel (ont yn it kosmyske soms), dêr't er alderhande fûgels sjonge en oangean en ljurken omheech stige lit en dêr't er yn it wetter de fiskjes djoeien sjocht en om hûs en hear blommen en beammen bloeien en blossemjen. Likemin as Rinse Posthumus yn syn fers ‘Gods greatme ijn it greate in ijn it lijtse’ ûntkomt him lykwols it pitertuerlikste en neatichste yn it barren fan de natoer. It komt allegear oer as simboal fan jimmer tinend ‘libben’, dêr't de driging fan ‘see’ faak as simboal fan ‘dea’ foaroer komt te stean. Gauris komme ‘see’ en ‘dea’ dan ek yn ferbining meiinoar yn fersen foar (‘De Seeman’; ‘See, do wide see’; ‘Doarmje op wide wetterweagen’). It is allegear in fan 'e Romantyk ynjûne bylding, dy't by Piter Jelles djipper siet as dat op 't each
| |
| |
liket. Lyk as safolle Romantyske dichters hat er ynderlik mei de tsjinstelling tusken ‘libben’ en ‘dea’ tige te meitsjen hân. In hiele rige konfraters om utens hie yn 'e dea in útwei socht, guon op in net-direkte wize (Byron, dy't it oerswimmen fan 'e Hellespont oerlibbe, mar yn de frijwillich yngiene Gryksk-Turkske oarloch bleau; Shelley, dy 't him yn in boatsje op 'e see weage wylst de loft nei stoarm stie en sa de drinkeldea fûn). As Piter Jelles yn syn romantysk fers ‘Teaco en Gerbrich’ de lêste by harsels oerlizze lit (Hamlet fan Shakespeare net wanlyk!):
Is sliep net 't swiet út libbens tsjilk?
En dea, dat opstean út it leed,
dan liket de dichter dêr sels net alhiel frij fan te stean. De tins ûnderstreket yn alle gefallen de ûnderstelling fan Stuiveling, as er Piter Jelles syn foarnommen flecht nei Parys yn 'e omstannichheden mei ‘selsmoard’ lykskeakelje wol: in faai ûndernimmen fan mar sjen wat der fan komt!
Sokke dingen tekenje sûnder mis de wiere Romantikus, dy't yn Piter Jelles (dat is niis al oantsjut) dôch ek fan jongsôfoan net los stien hat fan 'e werklikheid. It sicht op de maatskiplike réaliteit krige yn him stadichoan mear ynhâld en foarm en rjochting om yn ‘De Nije Tiid’ as in lôge út te slaan. It libben hie linkelytsen doel krigen. Der wie in ôfbeakene ideaal. Wat yn 1890 barde wie dat de ROMANTYSKE Réalist in Romantyske REALIST waard.
De fersen fan 1909 litte in frijwat lykwichtiger dichter sjen. Dêr floeie Romantisme en Realisme lykweardiger yn gear: yn ‘Ofskie’ bygelyks en ek yn ‘It Koalsiedterskjen’, wurkstikken dêr't op 'en dúdliksten ferline en takomst yn ferbûn en yn soene wurde. Dêr is in dichter oan 't wurd, dy't de saken riper en mear op in distânsje skôget. De politikus-réalist is lykwols nea syn romantyske ynslach (wat by him delkaam op in Fryslân-leafde) kwytrekke. Fryslân is altiten by him de boarne fan 'e ynspiraasje bleaun. In Hollânsk fers as ‘Aan de mannen van Friesland’ fan 1891
| |
| |
is yn dat ferbân al tekenjend. Hy rekke om utens om him as politikus wiermeitsje te kinnen mei sûnder mis yn 'e efterholle de tins, dat de fertuten fan syn wurk ek op Fryslân weromslaan soene, op de lânslju dy't (sa't er it sels útbyldet) jûns wurch nei hûs ta traapje, wylst
Op blauwe kilen gripe en seine blinkt-
Hy set syn folk dêr yn in romantyske beljochting en is der tagelyk mei hert en siel foar yn 'e skrip:
Piter Jelles Troelstra ta fuotten út!
Suwâld
Klaes Dykstra
|
|