| |
| |
| |
Koarte kronyk fan libben en wurk fan Piter Jelles Troelstra (1860-1930)
1860, 20 april. Piter Jelles Troelstra te Ljouwert (Súdfliet L 119) berne as âldste soan fan Jelle Troelstra (1833-1906) en Grytsje Landmeter (1837-1871), twa Lemsters dy't krekt út Hurdegaryp oerkommen wiene. De Troelstra's - de namme komt fan Teroele - wiene fan âlds in skaai fan kalvinistyske en menniste boeren dy't lykwols oan leger wâl rekken. Jelle syn heit wie hellingfeint en is jong ferstoarn. De Landmeters komme út de Súdeasthoeke; Grytsje har heit wie skoalmaster.
Jelle Troelstra besiket hegerop te kommen en troch fûl krewearjen sil er op 'en doer ryksûntfanger wurde. Hy is ek Frysk dichter, Dageraadsman, frijmitseler en linkenoan foaroansteand liberaal politikus en pielt mei leafhabberijtoaniel. Grytsje Troelstra-Landmeter is lichaamlik net sterk. Stipe fynt hja yn har kristlik leauwe. Yn 'e húshâlding is stedsk de fiertaal.
1861. Wylst de heit stûf oan 'e stúdzje is, ferfart it gesin nei Koudum, dêr't de heit turfmjitter-taksateur is. Dêr wurdt op 22 septimber Piter syn âldste suster Haukje Hendrika berne.
1862. Oer Assen komme de Troelstra's yn Ljouwert werom, dêr't Troelstra Sr kommys wurdt op 'e provinsiale griffy. Hy fielt him jong-liberaal, mar sil neigeraden konservativer wurde.
1864. Piter kriget, op 7 jannewaris, wer in suske, Tryntsje Albertine, dat mar 16 jier wurde sil. Hy komt op 'e Nutsbewaarskoalle op 'e Tunen.
1865. De Troelstra's wenje op 'e Tunen 7. Der wurdt wer in famke berne, Rinskje (14 septimber 1965-19 july 1896). Piter komt op de legere tuskenskoalle fan master Johannes van der Heide, earst yn de Alde Easterstrjitte en dan yn de Hearestrjitte.
| |
| |
1867. It âlderlik hûs stiet no wer op it Súdfliet L 119. It fjirde famke, Hendrika, komt te wrâld op 21 novimber (de lettere mefrou H. Brok-Troelstra, ferstoarn 15 augustus 1944).
1868. Troelstra Sr wurdt ûntfanger te Stiens en komt dêr mei de húshâlding te wenjen (te Ljouwert útskreaun op 28 april). Piter giet no op skoalle by master Heart Piters de Jong, in Bildtker fan komôf dy't lykas Piter syn heit ek oan it Frysk docht. Te Stiens leart Piter, op it skoalleplein, op 'e buorren en letter ek út de boeken, Frysk.
1869. Piter ûntjout him alhiel ta in Stienzer doarpsjonge. Memme sykte lykwols leit it near op 'e húshâlding en de stamhâlder moat faak foar bernefaam spylje.
1870. Der wurdt op 16 febrewaris in broerke berne, Durk, (ferstoarn 12 maaie 1902). Piter skriuwt syn earste (hollânske) rymstikken.
1871. Der wurdt, op 12 maart, fannijs in jonkje berne, Albert, dat op 22 augustus al wer ferstjert op 'e Lemmer. Wylst Piter ek by famylje op 'e Lemmer útfanhuzet, komt syn mem - oan tuberculose - te ferstjerren op 12 maaie. Har soan is eins nea oer dat ferlies hinnekommen.
1872. Der ûntsteane thús spanningen ek al mei't syn heit Piter op it kantoar hawwe wol, mar dy set it yn 'e kant en besiket, himsels sabeare tekoart te dwaan.
1873. De tiid tsjin heuch en meuch op heite kantoar wurdt gjin sukses. De niget oan it Frysk en it Frysk skriuwen wint oan.
1875. Troelstra Sr wurdt ryksûntfanger fan Noardlik en Súdlik Ljouwerteradiel en dêrom ferfart de húshâlding op 28 april wer nei Ljouwert (Droevendal NS B 44). Piter mei no trochleare en komt yn de twadde klasse fan de RHBS, dy't in baas direkteur hat yn dr. C.P. Burger.
| |
| |
1876. As ien fan de âldsten fan syn klasse rjochtet Piter in HBS-feriening op. Syn heit wurdt liberaal Steatelid en bliuwt dat oant syn dea (1906). Troelstra Sr trout op 22 novimber foar de twade kear, no mei in Wurdumer boeredochter-mei-jild, Geartsje Rinsma (1836-1887), dy't ek net sterk is. (In lânboukrisis, dy't lang oanhâlde sil, teisteret Fryslân. It ‘Friesch Volksblad’ ferskynt foar it earst; ek yn Fryslân wurde op it politike mêd guon radikale lûden heard.)
1877. Troelstra Sr, dy't no ta de foaroansteande Ljouwerter liberale boargers rekkene wurde mei, al beheart er net ta de boppelaach, set him mei syn húshâlding nei wenjen yn it hûs Efter de Hôven V 78, dat er bouwe litten hat.
1878. Troelstra Sr wurdt lid fan de gemeenteried en bliuwt dat oan syn dea ta. Hy bringt it ta wethâlder en loco-boargemaster. Piter Jelles is as skriuwer al tige warber en hat op 'e HBS in ‘parsekonflikt’. Niget oan 'e jongfammen hat er fansels ek al.
1879. Piter kriget kunde oan oare Fryske skriuwers, lykas Onno Sytstra, Tsj. E. Halbertsma, S.S. Koldyk en C. Wielsma. Hy docht eineksamen HBS en moat no noch twa jier op it gymnasium om aanst - ek al fielt syn heit der net foar - rjochten studearje te kinnen.
1880. Piter Jelles debutearret yn Friesch Volksblad, Forjit my net! en Oude Huisvriend mei Fryske en Hollânske fersen en rekket befreone mei Oebele Stellingwerf, dy't no te Ljouwert wennet. Mei Stellingwerf rjochtet er it toanielselskip ‘Gysbert Japiks’ op. Sels set er him ek ta de stúdzje fan Fryslâns taal en skiednis, ynspiraasjeboarne foar syn dichtsjen. Syn heit rjochtet de Brânwarmaatskippij ‘Neerlandia’ op en wurdt dêr direkteur fan. Doel is, dat Piter him letter opfolgje sil. Troelstra Sr, dy't him ek wat langer wat mear ta de polityk bejout, wurdt redakteur fan de ‘Friesche Courant’.
1881. Op 23 juny wurdt út Jelle Troelstra syn twad houlik
| |
| |
in famke berne, Tryntsje Albertine (Nynke), dat lykwols al op 4 septimber 1882 komt te ferstjerren. Piter Jelles ûntjout him as skriuwer en as foardrager út eigen wurk. Hy bringt op ûnderskate plakken ‘simmerjûnenocht’. Fan syn hân ferskine ‘Fryske brilloftswille’, ‘Wiersizzerij fen âlde Foekje fen Heech’ en it toanielstik ‘Oan 'e sédyk’. Hy sammelet mei O.H. Sytstra fersen foar ‘It Jonge Fryslân’, dat it jiers dêrop útkomt. Kontakten binne der fierders mei J. Hepkema, L.H. Wagenaar en J. van Wageningen thoe Dekema, mar Piter Jelles is de iennichste dy't him oanlutsen fielt ta maatskippijfernijing yn radikale sin.
1882. Piter Jelles docht eineksamen gymnasium en giet nei Grins om rjochten te studearjen. Hy kriget ferkearing mei Fokje Pasma út Westermar (1865-1956), in ferhâlding dy't lykwols gjin stân hâlde sil.
1883. Piter Jelles wart him ek yn studintefermidden en is aktyf yn it Grinzer studintecorps. Yn it wurk dat er publisearret rjochtet syn agressiviteit har tsjin it boargerlike, syn romantysk langst nei suverens komt ta utering yn syn leafdespoëzij. Hy is drok dwaande mei it gearstallen fan it ‘Nij Frysk Lieteboek’. De stúdzje komt troch ien en oar oan 'e krapperein. Ta in dúdlike kar yn it politike komt it noch net.
1884. Op de Grinzer universitaire lustrumfeesten prissentearret Piter Jelles him yn de rol fan Gysbert Japicx. Hy is redakteur fan it studinte-almanak en fan de feestkrante. Hy docht syn kandidaatseksamen op 15 oktober, syn heite jierdei en komt dan wer efkes thús te Ljouwert. Troch tadwaan fan in freon komt er te Grins yn 'e kunde mei Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer, dûmnysdochter út Nes (W.D.) (1860-1939). De Fryske Folkspartij, dy't dat jier oprjochte wurdt, hat syn niget, mar lid wurdt er noch net.
1885. Piter Jelles wurdt lid fan it Boun foar Algemien Kies- en Stimrjocht; hy fielt him lofts-liberaal en út dy hâlding wei giet er in striidskriuwerij oan mei (de a.r.) ds
| |
| |
L.H. Wagenaar (‘Fy, Lútsen!’, ensfh.), wat de ferhâlding ta syn heit - dy't him yn it finansjele wakker koart hâldt - net te'n goede komt. Hy wennet sûnt 25 aug. 1885 wer te Ljouwert, oan Grachtswâl 45 boppe, mar set 5 okt. 1886 wer ôf nei Grins. Hy hat wat byfertsjinst as repetitor en arbeidet ûnderwyls troch oan it ‘Nij Frysk Lieteboek’, dêr't er help by kriget fan P.H. de Groot, direkteur fan it muzykselskip ‘Bragi’ fan it Grinzer studintecorps. Tagelyk publisearret er gâns poëzij yn ûnderskate periodiken.
1886. Oanstriid om him jilde te litten èn roppingsbesef meitsje, dat Piter Jelles sawol te Ljouwert as yn Grins namme kriget. Polityk bliuwt it ynearsten noch sykjen en taasten. Hy fielt him oanlutsen ta de Folkspartij fan syn freon Stellingwerf, om har Fryske ynslach en har iepenstean foar de fragen fan de tiid. Hy folget it krewearjen nei yngeande feroaringen fan sokke utersten as Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Abraham Kuyper, mar kin likemin it leauwe fan Kuyper as dat fan Domela diele. It ‘Nij Frysk Lieteboek’ ferskynt.
1887. Piter Jelles hjit noch liberaal en is meiwurker oan heite krante. Hy docht syn doktoraal eksamen rjochten, mar hat noch gjin klear libbensdoel: dûmny?, advokaat?, politikus? Dat de Folkspartij opgong makket en dat Domela yn Skoatterlân ta Keamerlid keazen wurdt binne ferskynsels dy't bydrage ta syn besef, dat de Fryske taalbeweging dêr't er him ta bejûn hat in polityk-steatkundich doel mist en dat it dêr net sûnder kin. De ûntjouwing sawol yn griffermearde as yn de loftse hoeke - de earste radikale sosialisten yn Fryslân opponearje har - folget er mei grutte niget.
1888. Piter Jelles promovearret 7 july ta doctor yn de rjochtswittenskippen te Grins op in proefskrift, titele: ‘Art. 165 van het Wetboek van Strafvordering.’ Hy wurdt advokaat te Ljouwert en trout te Renkum op 11 oktober mei Sjoukje Bokma de Boer. Hja komme yn Huzum te wenjen yn de Skrâns 362. In oanbod om liberaal propagandist te wurden giet er net op yn. De Fryske taalbeweging kriget
| |
| |
noch alle omtinken: hy rjochtet it tydskrift ‘For Hûs en Hiem’ op. Syn idéaal is eins in Fryske sosiale folksbeweging, dêr't alle progressiven oan meidogge. Syn krewearjen en syn persoanlikheid roppe lykwols ek argewaasje op.
1889. Op 4 july komt it earste bern fan de Troelstra's te wrâld, in famke, Dieuwke. Yn in tiid fan bloeiend polityk libben (aksje foar stimrjocht, agitaasje fan Domela, opkomst ek fan it konfessionele ‘Patrimonium’, oprjochtsjen fan de fakferiening ‘Broedertrouw’ op It Bildt) spilet Troelstra as advokaat syn earste rol as pleiter yn de s.n. arbeidersprosessen.
1890. Piter Jelles wurdt, yn augustus, lid fan de Fryske Folkspartij, wat fannijs in konflikt mei syn heit betsjut. Hy sjocht syn libbenstaak no dúdliker: advokaat en politikus wol er wêze, om as sadanich ek nije ynhâld te jaan oan it Frysk-romantysk ideaal. It fers ‘In nije tiid’, dat er yn ‘For Hûs en Hiem’ publisearret, tsjûget fan dat nij ynsjoch. Yn it roerige klimaat fan dy dagen (rûnom wurde grutte arbeidersmeetings hâlden) wurdt dy dichterlike kar him troch oarstinkende lêzers net yn tank ôfnommen en de dichter Piter Jelles swijt no ek tenearsten. Mei syn frou betanket er ek as lidmaat fan de herfoarme tsjerke. Al ferwachtet er fan de Fryske taalaksje net folle mear, hy bliuwt it Frysk trou en ek yn it godstsjinstige jout er it sykjen net oer. Hy beskôget himsels as demokratysk sosialist. Omt de advokatuer net folle opsmyt, siket er kontakt sawol mei Hepkema as mei Domela om te besykjen, fêst wurk oan in krante te krijen. Yn 'e hjerst komt er yn 'e kunde mei de Bildtske arbeidersfoarman Jan Stap, dy't er ferdigenet en dy't der sines ta docht dat Troelstra syn sosialisme in ethyske grûnslach kriget. Domela èn Kuyper, dy't beide har antithesegedachte hawwe, komme foar Troelstra oer te stean. Yn syn hert - as dichter! - radikaal, kiest er lykwols foar de wei fan it ferdrach, d.w.s. fan de parlemintaire demokrasy. Boeren en arbeiders, ‘finen’ en ‘grouwen’ wol er byinoar hâlde. Yn de sosialistyske beweging komme ek dêryn ‘Amsterdam’ en ‘Fryslân’ foarinoar oer te stean. De sosiale need sawol yn it súdeasten as it
| |
| |
noardwesten fan Fryslân boazet oan. Troelstra swijt fierdersoan as Frysk dichter, mar jout noch al Hollânske fersen.
1891. It twadde bern, Jelle, komt te wrâld, op 17 jannewaris. As sosialist wol Troelstra yn dizze snuorje de parlemintaire Folkspartijlju en de radikalen fan de Sociaal-Democratische Bond fan Domela as 't heal kin byelkoar hâlde en dêrby ek de Fryske, desintralistyske grûnslach fan it partijferbân net kwyt. De Fryske radikale leden fan ‘Patrimonium’ wol er foar dat doel ek winne. Dat idéaal berikt er net, omt de omstannichheden der net nei binne en ek mei omt guon in skalk each hawwe op wat hja as Troelstra's ear- en hearsksucht sjogge. De drokten dy't mei sa'n bestean anneks binne wurde syn frou eins te stûf.
1892. Troelstra syn pleitsjen foar in sosiaal-demokratyske herfoarmingspartij is om 'e nocht; sels âlde freonen as Stellingwerf, Vitus Bruinsma en Geart Lourens van der Zwaag wize him en syn ideeën ôf. Teloarsteld yn Fryslân en de Friezen sil er aanst besykje om yn Hollân (Amsterdam) oanhâld te finen, mar earst wurdt er noch redakteur fan de ‘Sneeker Courant’. As de keninginnen (Emma en Wilhelmina) yn juny yn Fryslân komme rekket er by in opskuor tusken sosialen en oranjeklanten yn libbensgefaar. Syn frou kriget it, mei troch al dy spanningen grif, oan it hert.
1893. Troelstra is fannijs as advokaat warber yn ûnderskate prosessen dy't reade arbeiders - it regear hjitfolget de sosialen - oandien wurde. Hy publisearret de brosjuere ‘Moderne ketters’ (H. Poutsma, Appelskeaster feanarbeiders). Hy kriget kunde oan guon foaroanmannen út Hollân (Wibaut, Tak) en ferfart nei Amsterdam. As er it dêr net lykhâlde kin set er him noch itselde jiers yn Utert nei wenjen, dêr't er ‘De Baanbreker’ útjout. Wylst Nieuwenhuis syn SDB aloan mear yn anarchistyske rjochting giet, fielt Troelstra mear en mear ferlet fan in nije partij, sa'nien lykas him yn 1891-1892 foar Fryslân foar eagen stie.
| |
| |
1894. Broer Durk, dy't ek sosialist wurden is, komt siik by Troelstra-en-har te Utert. Op 26 augustus wurdt te Swol de Sociaal-Democratische Arbeiders Partij oprjochte. Troelstra moat fjochtsje om in plak yn de earste rigen, mar dat slagget him al. De ôfstân ta de Fryske taalbeweging, alhiel yn liberaal farwetter rekke, wurdt grutter en minsken as Stellingwerf steane no polityk besjoen mear yn 'e midden.
1895. Wylst de grutte lânboukrisis dúdlik syn djiptepunt hân hat, liket it mei Troelstra syn politike takomst noch wakker ûnwis, ek al mei't de Fryske sosialisten noch in skalk each op him hawwe. Oan de ein fan it jier wurdt der by Gatse Haitsma ûnder Britsum ynbrutsen; hjirút ûntstiet de ‘Hogerhuissaak’.
1896. Troelstra syn suster Rinskje ferstjert, op 19 july. Yn de jonge SDAP wit er him sa njonkelytsen in eigen plak te feroverjen en op it politike mêd hâldt er benammen oandacht ek foar de agraryske (Fryske) kwestje. Fryslân hat him gjin earmslach bean, mar hy bliuwt de Fryske saak trou en hopet, syn lânslju foar syn stribjen (werom) te winnen. Hy docht der sines ta om fan de SDAP in hechte organisaasje te meitsjen en skriuwt ûnderskate propagandabrosjueres.
1897. Troelstra wurdt foar de SDAP as Keamerlid keazen yn de distrikten Ljouwert, Tytsjerksteradiel en Wynskoat. It partijbestjoer makket út, dat er de kandidatuer fan Tytsjerksteradiel oannimme moat; sels hat er syn twifels oer dy kar. De húshâlding ferfart no nei Den Haach. De ferhâlding mei syn heit, dy't tegearre mei him te Ljouwert de ‘radikale’ kandidaat C.V. Gerritsen bestriden hat, wurdt better. Nei Stellingwerf syn dea rint it mei de Folkspartij op 'e non. Domela ferlit de eigen SDB en ‘Recht voor Allen’, mar de anarchistyske streaming is dêrmei net fan 'e baan.
1898. Troelstra bliuwt warber as skriuwer fan partijbrosjueres. Hy folget de Hogerhuissaak fan 'e miet ôf oan mei
| |
| |
grutte niget, lykas dat rûnom it gefal is. Yn Fryslân bliuwt Geart Lourens van der Zwaag yn it súdeasten de reade foarman. De SDAP ûntjout har as in reformistyske beweging. Van der Zwaag wurdt net lid.
1899. Noch altyd is Troelstra derop út om de lytse boeren foar syn polityk te winnen. Dat slagget him net, likemin as er, as pleiter yn dat ferneamd foarbyld fan klassejustysje, kâns sjocht in beskiedende rol te spyljen yn de Hogerhuissaak.
1900. Troelstra wurdt haadredakteur fan ‘Het Volk’, it partijblêd fan de SDAP, dat te Amsterdam útkomt. De húshâlding ferfart no nei Haarlim, dêr't Troelstra in moanne yn 'e finzenis moat fanwegen de Hogerhuissaak. Syn frou skriuwt har ferneamd berneboek ‘Afke's Tiental’ (dat yn 1903 ûnder har skûlnamme Nienke van Hichtum útkomme sil). Yn 'e hûs en yn brieven oan Fryske freonen bliuwt it Frysk de fiertaal.
1901. Yn de SDAP ûntsteane de earste konflikten mei de ‘echte’ Marxisten. Troelstra sprekt him út tsjin politike skieding op grûn fan de godstsjinst. Hy rekket syn Keamersit foar Tytsjerksteradiel kwyt oan de a.r. ds A.S. Talma, mar wint it oare jiers de ferkiezing yn it distrikt Amsterdam III. Hy ûntjout him mear as folkstribún dan as parlemintariër, mear as tsjûger dan as ferduldich bouwer.
1902. Syn broer Durk ferstjert te Arnhim op 12 maaie. Tusken heit en âldste soan komt it ta in folsleine fermoedsoening. Yn syn partij wint Troelstra de striid oer de lykstelling fan iepenbier en bysûnder ûnderwiis.
1903. Troelstra spilet syn rol yn de grutte spoarweistaking en komt nei bûten èn nei binnen ta net sûnder kleanskuorren út dy ferheftige aksje dy't foar de arbeiders in ôfdijer wurdt. De Troelstra's wenje no (wer) yn Den Haach. It húslik en houlikslibben ferrint net sûnder problemen. De beide bern komme yn Dútsklân op in kostskoalle.
| |
| |
1905. Troelstra, dy't lichaamlik net sterk is, hat sa't bliken docht de lêste jierren tefolle fan himsels ferge en fielt faak ferlet fan langere rêstperioaden. Syn houlik komt wankel te stean. Sjoukje Oosterbaan, fan Drachten, krije hja as help yn 'e hûs. Soan Jelle wol skilder wurde.
1906. Jelle Troelstra Sr ferstjert, op 30 jannewaris; Piter wurdt no direkteur fan de ‘Neerlandia’. De spanningen yn de partij en ek thús nimme ta. Hysels en ek oaren litte de gedachten gean oer in bondeling fan syn Frysk dichtwurk.
1907. Piter Jelles besiket J.J. Hof te winnen foar it reemeitsjen fan sa'n útjefte. Te Stuttgart pleitet er, op in gearkomste fan de Twadde Ynternationale, foar in oar polityk systeem: neist it parlemint soene der sosiaalekonomyske organen komme moatte. Op 6 novimber wurdt de skieding fan it houlik tusken Troelstra en syn frou útsprutsen.
1908. As Troelstra op 15 jannewaris (al) wer trout mei Sjoukje Oosterbaan, jout dat gâns opskuor en argewaasje yn de partij. Oan de ein fan it jier komt der fannijs, no bûten de partij, argewaasje om syn réaksje op de meidieling, dat keninginne Wilhelmina yn ferwachting is. Dr. J.B. Schepers - kollega-dichter en eartiids stúdzjefreon te Grins - falt him dêroer oan yn in Frysk fers en Piter Jelles jout him beskie ek yn in Frysk gedicht.
1909. As Troelstra yn 'e simmer yn Stiens útfanhuzet, begjint er wer te dichtsjen, û.o. ûntstiet de syklus ‘It Koalsiedterskjen’, dat earst apart útjûn wurdt. Tsjin de ein fan it jier ferskine syn samle fersen ûnder de titel ‘Rispinge’.
1910. Yn Den Haach hâldt Piter Jelles, by wize fan ynlieding en taljochting op ‘Rispinge’, in lêzing ûnder de titel ‘Fen Liet en Libben’ (itselde jier ek yn boekfoarm útjûn), dêr't er in skerpe skieding tusken de dichter en de politikus yn ôfwiist. Rûnom wurde der no Piter Jelles-jûnen hâlden en Troelstra kriget fannijs kontakt mei it Selskip 1844. Hy wol en kin faaks foar it Frysk wat dwaan.
| |
| |
1912. Troelstra kin mei it Selskip 1844 neat wurde; de lju leauwe blykber net yn syn leafde ta Fryslân. As politikus jout er him wer alhiel oan de kiesrjochtbeweging.
1913. As mei troch tadwaan fan Troelstra yn dit krisisjier de SDAP tige oanwint, riist de fraach oft der ek reade ministers komme moatte, mar Troelstra fielt dêr net foar. Hy ferklearret him fannijs tsjin de antithese yn de polityk. De partij stiet efter him.
1914. As de earste wrâldoarloch útbrekt, pleitet Troelstra foar nasjonale ienheid en hy besiket, oeral foar de frede te krewearjen. Hy moat lykwols sels ek rêst nimme om in oerspanning te boppen te kommen.
1915. Troelstra set syn fredesaksje fuort, sprekt rûnom en skriuwt brosjueres. Fannijs kriget er in psychyske ynsinking.
1917. By alle ynternasjonaal wurk (Stockholm: konferinsje fan soasialisten dy't de frede wolle) kriget Fryslân ek omtinken: kin der gjin beweging yn de beweging komme?! It probleem fan de nasjonale minderheden hat Troelstra syn oandacht ek. Dat it algemien kiesrjocht der komt jout him gâns foldwaning: dat rjocht sjocht er as in middel yn de striid. Yn Ruslân brekt de revolúsje út.
1918. Der komt in ein oan de oarloch. As ek yn Dútsklân revolúsjonaire reboeljes ûntsteane leauwe party lju fan lofts èn rjochts net, dat soks by de grinzen fan Nederlân ophâlde sil en Troelstra is ien fan harren. Mar as er in raam nei de macht dwaan wol, docht bliken dat er mistaast en him fersind hat. De lju fan rjochts mar ek lju út de eigen partij (Vliegen, Schaper) hâlde no mei namste mear klam út dat de wiffe Troelstra, dy't aloan tefolle fan lichem en geast ferge hat, net tsjin de omstannichheden opwoeksen is. Mar de massa yn de partij lykwols stiet efter him.
1920. De twadde printinge fan ‘Rispinge’ komt út. Wylst is Troelstra yn 'e pleit foar in Fryske learstoel oan de
| |
| |
ryksuniversiteit te Grins. Hy, dy't jong fan hert bleaun is, wurdt op oanstean fan Douwe Kalma sels lid fan de Jongfryske Mienskip. Yn de Twade Keamer warskôget er fûl tsjin it fascisme dat er wanken sjocht en yn de kommende jierren pleitet er foar de útbou fan de politike demokraty, mei om dat gefaar te kearen.
1924. Troelstra nimt, yn novimber, ôfskied fan de Twade Keamer.
1925. Oan de Mar fan Genève skriuwt er syn lêste fers, ‘Lêste Blink’. De reade beweging stiftet it Troelstra-oord te Beekbergen. Troelstra, dy't noch safolle út 'e wei sette wol, wurdt siik mar set him lykwols ta it skriuwen fan syn ‘Gedenkschriften’. Fan de hân fan A. Hahn Jr ferskynt it boekje ‘Troelstra in de karikatuur’. J.B. Schepers set Piter Jelles syn fersen yn it hollânsk oer.
1926. Mei it kliuwen fan de jierren belunet de leafde ta Fryslân net. Troelstra jout dêr utering oan yn ûnderskate fraachpetearen (H.G. Cannegieter, R.W. Canne, R.P. Sybesma, J. Winkelman, Sjouke de Zee).
1927. Troelstra kriget in oerhaal, mar de geast jout gjin belies. Yn it earste diel fan syn Gedenkschriften krije syn jeugd en it Frysk gâns oandacht.
1930. Op 12 maaie komt Piter Jelles Troelstra te Den Haach te ferstjerren. Party Friezen docht it sear, dat er te Skeveningen te hôf brocht wurdt. Yn 1953 komt der in monumint yn Den Haach (Westbroekpark) fan prof. V.P.S. Esser.
1933. Te Stiens wurdt in tinkstien foar Piter Jelles ûntbleate, makke troch Tjipke Visser. Johan Winkler, syn eardere sikretaris, publisearret in lytse biografy (en yn 1948 jitris).
1935. H.B. Wiardi Beckman, syn lêste sekretaris, jout in kar út Troelstra syn politike artikels.
| |
| |
1939. Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) ferstjert op 9 jannewaris yn Hilversum.
1945. De tredde, oanfolle printinge fan ‘Rispinge’, besoarge fan J.P. Wiersma, komt út.
1950. Der komt in boarstbyld yn de Twade Keamer, makke fan Titus Leeser.
1952. Jelle Troelstra publisearret it boekje ‘Mijn vader Pieter Jelles’.
1955. To Utert komt der hoeke Draaiweg-Troelstralaan in grut byld makke troch Han Hekman.
1960. By de Aldehou te Ljouwert wurdt in stânbyld foar P.J. Troelstra oprjochte, makke troch Hildo Krop.
1964. Sjoukje Troelstra-Oosterbaan ferstjert te Den Haach op 14 april.
1966. Under de titel ‘Wylde Hierren’ ferskynt in kar út it Fryske proaza fan Piter Jelles, besoarge troch K. Westerhof.
1980. De PTT jout in postsegel út mei de byltenis fan Mr. P.J. Troelstra. Syn Samle Fersen, Fryske en Hollânske, printree. Ek ta gelegenheid fan de betinking fan syn 50ste stjerjier wurdt in wiidweidige bio-bibliografy yn boekfoarm taret.
J.J. Kalma
|
|