| |
| |
| |
Foto H. Berssenbrugge nei in oaljeferveportret troch Jelle Troelstra yn 1926 skildere yn opdracht fan de brânfersekeringsmaatskippij Neerlandia (no yn brûklien by it FLMD te Ljouwert).
| |
| |
| |
Ferantwurding
De earste grutte sammelbondel fan de gedichten fan Piter Jelles Troelstra ferskynde yn 1909 ûnder de titel Rispinge, âlde en nije fersen fan Piter Jelles. It ‘Foarwird’ is ûndertekene mei ‘P.J. Troelstra’ en datearre ‘Den Haech, Hearstmoanne 1909’. It boek kaam út by N.V. Uitgevers-Maatschappij ‘De Atlas’.
Yn diel III fan de Gedenkschriften (Branding, p. 135 e.f.) skriuwt de dichter, dat er al earder fan doel west hie syn fersen te sammeljen. It ferbliuw yn Fryslân by gelegenheid fan de ferkiezings yn Skoatterlân yn 1909 en de fakânsje dy't er nei ôfrin fan de kampanje mei syn twadde frou te Stiens trochbrocht, joegen him de ynspiraasje ta de nije fersen, dêr't er syn âld wurk mei oanfolje woe. In ekstra oantrún wie it fers fan syn eardere stúdzjefreon J.B. Schepers, dy't der by him op oanstien hie wer Frysk dichter te wurden. Schepers hie argewaasje hân fan Troelstra syn hâlding yn de Keamer by it bekend meitsjen fan de te ferwachtsjen berte fan in keningsbern.
As besoarger fan syn bondel hat Troelstra earst tocht oan J.J. Hof. Dy fertelt yn syn Fjirtich jier Taelstriid (II, 203), dat Troelstra him yn 1907 - nei it útkommen fan syn Klankboarne -, útnoege hie foar in petear: ‘Hij woe syn fersen ek útjaen, seid er, mar hij hie it net oan tiid, om se te sammeljen; koe ik dat ek foar him opknappe? Hij soe dan ûnderwilens ris sjên oft er der noch in fersmennich bij meitsje koe. Hij hie al hwat op 't each - it âde doarp en sa, mar dêrfoar moast er earst in deimennich tiid habbe om bij dit en dat lâns; hij woe nei Stiens, nei Teroele... It soe de neisimmers faeks wol kinne. - Nou, dêr siet ik. Sels op kop en earen ûnder it wurk bidobbe, en dan foar in oar oan 'e gong, koe ik dat, mocht ik dat? Mar wegerje wie ek al slim. Ik hab sein, dat ik it graech efkes op myn birie hâde woe, en sa binne we byinoar wei gien. En nei't ik der mij in nacht op ‘bisljept’, dat wol sizze: in nacht net sljept hie, hab ik bitanke. Ik hie 't ek noait foarinoar houden. Myn petear mei P.J. hat doe mar koart west, sa 'k al sei, mar safolle hie 'k al foar 't forstân, dat hijsels hie nou suver neat biwarre; fan 't measte wist er ek net iens, hwer't it
| |
| |
socht wurde moast. Dat moast ik mar útfine!’
Hof hie oars sels al op 14 novimber 1906 yn in skôging yn it Nieuwsblad van Friesland it ferlet oanjûn fan sammelbondels fan de wichtichste Fryske skriuwers en dichters: ‘[...] in “Tsjibbe Gearts” dy't men samar fan 'e planke nimme kin, in “Piter Jelles” yn ien bân, honear scille se útkomme?’ (Fjirtich jier Taelstriid, II, 308).
Ek al hie Piter Jelles it net oan tiid en seach Hof gjin kâns it foarinoar te krijen, dochs koe twa jier nei it petear tusken de mannen de sammelbondel Rispinge útkomme. De útjouwer H. Uden Masman fan ‘De Atlas’ yn Den Haach hat de dichter holpen mei it sammeljen fan syn fersen. Yn De Fries om utens (july 1933) hat Masman ferteld, hoe 't er yn de jierren 1887-1890 as jongmaatsje arbeide op 'e Coöperatieve Handelsdrukkerij te Ljouwert. Dêr moete er foar it earst Troelstra, fan wa't er Frysk wurk sette moast foar it Friesch Volksblad en For Hûs en Hiem. ‘Heech seach ik tsjin Mr. Troelstra, de jonge abbekaet, op: hy wier goed tsien jier âlder as ik en sa geleard! Mar hy wier frjeonlik en tasjitlik for it ‘jongmensch’, lyk as er my den neamde. Mennich stik fen syn dichterlik proaza en syn skildereftige poezije hab ik do yn leaden letterkes for de pers ré makke, al hie 'k 'r faek wirk mei om út syn hoannepoaten wiis to wirden. Gjinien fen ús beiden hie do tocht, dat ik tweintich jier letter (1909) al syn Frysk wirk yetris oerprintsje scoe op eigen printerij (de ‘Atlas’) yn Den Haech, as útjower fen syn ‘Rispinge’. Dat hat for my in ûnforjitlike tiid west. Togearre sneupten wy yn âlde skriften en jierboekjes en bipraetten it wirk.’ Dat Piter Jelles Masman syn wurk wol wurdearre hat, mei blike út in briefke, dat hy op 20 novimber 1909 oan him rjochte hat en dêr't û.o. yn stiet: ‘De tiid en it wirk, dy-t wy togearre wijd habbe oan dit boek, scille by my yn nochlik oantinken bliuwe.’
Sa koe Troelstra yn syn ‘Foarwird’ ferwize nei eardere publikaasjeplakken of oanjaan, dat guon fersen yn de bondel foar it earst ferskynden. Tagelyk joech de dichter út 'en rûgen in datearring by syn fersen: ‘Der is my frege, fen elk fers de tiid oan to jaen do-t it makke is. Om safolle moochlik oan dy winsk to foldwaan, haw ik yn 'e ‘Ynhâld’ efter elk fers in cifer set, dat útslútsel jowt eft it makke is yn
| |
| |
1880-1882 (1); 1883-1887 (2); 1888-1890 (3) of yn 1909 (4). (1) is de tiid, det ik (mei O.H. Sytstra) ‘It Jonge Fryslân’, it toanielstikje ‘Oan 'e Sédyk’ en de ‘Wiersizzery fen âlde Foekje fen Heech’ by HEPKEMA op 't Fean útjoech. (2) is myn studintetiid, hweryn de útjefte falt fen it ‘Nij Frysk Lieteboek’ en myn pinnestriid mei Dr. LÚTSEN WAGENAAR yn 1885. Yn disse tiid bin ik yet liberael, tige tsjin 'e ‘kerkelyken’ en 'e ‘socialen’ - merk DOMELA NIEUWENHÚS; mar great foarstander fen algemien kiesrjucht en al mei in iepen each for de minne maetskiplike tastânnen. (3) is de tiid, dat ik it tiidskrift ‘For Hûs en Hiem’ útjoech, det ik út hannen jown hab, do-t myn fers ‘In nije Tiid’, hweryn ik to kennen joech oan 'e kant fen 'e socialistyske arbeidersbiweging to stean, net yn 'e geast blykte to wêzen fen de lêzers fen det tiidskrift. Ik ha do in njuggentsien jier fen 'e slach wêst en bin der dit jier wer op rekke, nei 't Dr. J.B. SCHEPERS my nei oanlieding fen ‘de blijde gebeurtenis’ út myn tinte lokke hie. Al jierren haw ik fen doel wêst myn fersen ris by enoar út to jaen; mar ik koe der mar net ta komme. It is meast ‘Jugendarbeit’ en mannich fers foldocht my net mear, hwet tael en ynhâld oangiet. Der binne fersen by, dy-t hast tritich jier âld binne en yn sa'n tiid wirdt sok spil der net better op. Om nou yn det âlde wirk skiftinge to hâlden, hwerby elk fers op syn letterkindige wearde skat wirde moast - dêr wier gjin bigjinnen oan. Om der yn om to hoffenjen en to fyljen, det gyng ek net. It iennichste hwet ik dwaen koe, om net alhiel nei wirk út in
âldere tiid bioardield to wirden, wier: it spylark yetteris opnimme, om nij wirk to meitsjen, hweryn de ûnripens yn tinken, fielen en kennen fen myn jongere jierren plak makke hie for it djippere fielen, de ripere tinzen en it better kennen fen nou. Earst do-t ik my dêrta yn steat fielde, doarst ik de útjefte fen it âlde wirk oan. Det nije - allegearre fen 1909 - sjucht min yn 'e ‘Ynhâld’ mei (4) oantsjut.’ (Rispinge1, 6-7).
De dichter skreau oan 'e ein fan syn foarwurd: ‘Mei de winsk, det dit myn wirk mei helpe mei, om de moaijens en swietlûdigens fen ús Frysk sprake op 'e nij wer ris útkomme to litten, stjûr ik dit boek de wrâld yn.’ (Rispinge1, 13). Rispinge waard oer it algemien goed ûntfongen. Yn 1920
| |
| |
wie in twadde printinge nedich, dy't doe by R. van der Velde te Ljouwert útjûn waard. Yn it plak fan de foto fan de dichter (makke fan Helena Goude) kaam in tekene portret fan de hân fan Ids Wiersma, dy't - op fersyk fan Piter Jelles - ek 11 yllústraasjes makke hie. De flateroanwizingen fan s. 335 fan de earste printinge wiene ferwurke yn de twadde, mar oars wiene beide printingen gelyk. Ek oan it ‘Foarwird’ wie neat feroare; allinne stie der no ûnder: ‘Den Haech, 1909 en 1920’.
Yn it Krystnûmer fan It Heitelân 1930 skreau Dr. G.A. Wumkes oer in nije printinge fan de Rispinge, dêr't yn in Taheakke noch in tal oanfollingen yn opnommen wurde moasten. Yn It Heitelân 1931 kaam J.B. Schepers mei ‘In warskôging’. It like him net goed ta om - sa koart nei de dea fan de dichter - wurk op te nimmen, dat dy sels út syn Rispinge keard hie. Yn in noat ferwiist Schepers nei it foarwurd fan de Rispinge, dêr't de dichter syn eigen krityk jûn hie. (s. 7; hjirboppe ek oanhelle). Hy freget: ‘Hwat wol min op dit stuit mear útjaen? Krekt lyk as de Geldersman Staring hat dizze Fries sels wite wollen, hwat goed genôch wier for syn goede namme as dichter. Hwa koe it better wite, hy of wy? Lit ús der de hânnen ôfhâlde. Oer sa'n fiiftich jier b.g. ja, dan bigjint men ris nei to swyljen - better noch is nou al to bigjinnen, mar tonei to printsjen - en dan komt der swietsjes wei safolle nijs, om de dichter hinne groeid, oan 't licht! Dan kinne wy ris wer sjen - of oaren dan fensels, mar ik bidoel wy, minsken.’
It soe duorje oant 1945 ear't der in tredde printinge fan de Rispinge útkomme koe. Dat wie in útwreide edysje, redigearre fan J.P. Wiersma. It boek ferskynde wer by Van der Velde te Ljouwert. De printen fan Ids Wiersma kamen der ek wer yn, mar yn it plak fan syn tekene portret fan de dichter, kaam der in foto foaryn, makke nei de plaquette fan A. Remiens, dy't bemitsele is yn ‘De Paaschheuvel’ te Vierhouten. It fers ‘Lêste blink’ en it proazastik ‘Hwet it Fries-wêzen for my wier’, beide skreaun yn 1925, waarden, neist inkelde oanfollingen op it âldere wurk, tafoege. De oantekeningen op guon fersen, dy't Troelstra yn de foarwurden fan syn earste en twadde printinge opnommen hie, naam Wiersma ûnferoare oer yn in aparte rubryk ‘Oanteikenin- | |
| |
gen’ efteryn. Hy foege in stikje oer it fers ‘Hommage à Mademoiselle Agar’ mei in oersetting ta.
It seit himsels, dat der in nij foarwurd komme moast. Dêryn ferantwurde Wiersma, wat er feroare hie oan de folchoarder fan de gedichten en wat er tafoege hie: ‘Dizze tredde printinge koe útwreide wirde mei in “Nei-Rispinge”: meast fersen út Piter Jelles syn earste dichtersjierren. Syn uteringen fen it jier 1925 moasten fensels nou ek opnommen wirde. Hjirfor die ik in kar út it “Friesch Volksblad” fen de jierren 1880-1882, “Swanneblommen” (1881), “Ljouwerter Krante” (1882), “De nije Mienskip” (1925), en út de dichter syn aparte útjeften: “It Jonge Fryslân” (1881), “Wiersizzerij fen Alde Foekje fen Heech” (1882), “Fryske Brilloftswille” (1883) en “For Hûs en Hiem” (1890).’.
It feit dat Wiersma in kar dien hie foar syn neirispinge kaam krityk op fan C. Ellerbroek yn It Heitelân, 1946. Hy ferwiisde nei it neiswyljen fan Wumkes yn It Heitelân, 1930: ‘Hwêrom nou gjin folsleine útjefte jown fan Piter Jelles syn dichtwurk? Hie it winliken wol nedich west ‘in kar’ to dwaen? Sûnder folle blêdkanten mear hie it mûglik west en de lêzer hie dan sels wol in kar meitsje kind. [...] Hawar, miskjin kin de 4e printinge in folsleine útjefte wurde.’ Oan de fjirde printinge is it dan no, fyftich jier nei de dea fan de dichter, ta. It hat de bedoeling fan ús redaksjekommisje west der in folsleine útjefte fan te meitsjen. Net allinne it feit dat de dichter no al fyftich jier wei is, ek in wat oare ynterpretaasje fan syn útspraak yn it foarwurd joegen ús it frij no alle poëzij te publisearjen, dy't wy fan Piter Jelles by inoar bringe koene. J.B. Schepers ornearre, dat de dichter mei opsetsin guon fersen út syn Rispinge keard hie. Hy die dat op grûn fan Troelstra syn útspraak: ‘Om nou yn det âlde wirk skiftinge te hâlden, hwerby elk fers op syn letterkindige wearde skat wirde moast - dêr wier gjin bigjinnen oan. Om der yn to hoffenjen en to fyljen, det gyng ek net.’ Nei ús betinken stiet dêr neat oars, as dat de dichter jûn hat, wat er op dat stuit by elkoar swylje koe. Omt er it net oan tiid hie tige krekt te sammeljen en omt er wol wist, dat it âlde wurk, dat noch fersille lei yn kranten en tydskriften, him net mear hielendal noaskje soe, hat er miskien willemoeds guon fersen gewur- | |
| |
de litten. Mar fan in mei opsetsin weilitten omt it ‘net goed wie foar syn namme as dichter’, lykas Schepers ús leauwe litte wol, wie, nei ús betinken, gjin sprake. It soe ek
yn striid wêze mei wat de dichter oer syn wurk sein hat yn Fen Liet en Libben (s. 8): ‘det wirk sels is, as it ienkear syn wei ûnder 'e minsken foun het, net mear sines, mar in stik fen 'e beskawingsskiednisse fen syn folk, fen syn tael- en skriftenkennisse.’.
Oan wat yn de tredde printinge fan de Rispinge troch J.P. Wiersma gearbrocht wie, is yn dizze fjirde útjefte fan it sammele fersewurk fan P.J. Troelstra gâns tafoege. Yn neifolging fan soartgelikense útjeften fan it wurk fan Fedde Schurer en Obe Postma - dy't yn deselde rige útkommen binne - hawwe wy keazen foar de titel Samle Fersen. Tagelyk ha wy de yndieling yn genres, dy't Troelstra makke hie, loslitten. Tafoeging fan nei-rispe fersen oan besteande ôfdielingen op eigen manneboet, like ús net ferantwurde en it ûnderbringen fan de ‘nije’ fersen yn in rubryk ‘Oanfollingen’ soe gedichten, dy't oarspronklik by elkoar hearden, tige fier út elkoar hâlde yn dit boek. Better like it ús ta, de fersen safolle mooglik chronologysk te oarderjen. Spitigernôch koene wy net alle fersen krekt datearje. De datearring fan de dichter yn de ynhâld fan Rispinge jout gjin útslútsel oer de folchoarder binnen de perioaden. Fersen dy't publisearre binne yn kranten of tydskriften, hoege net skreaun te wêzen yn it jier fan publikaasje; itselde jildt foar de fersen dy't yn bondels opnommen binne. Inkeldris hat Piter Jelles in jiertal ûnder syn wurk set of sette litten, mar der binne ek fersen, dy't allinne yn hânskrift bewarre binne sûnder dat der in datum neamd is. As dêr gjin gegevens - eventueel ek út sekundaire boarnen - tsjin pleiten, hawwe wy keazen foar de oardering neffens it jier fan de publikaasje en binnen ien publikaasje neffens de sidenûmering. Fersen út bondels hawwe wy by elkoar hâlden, ek al wie der soms wol in aparte publikaasje fan in gedicht bekend. Yn de noaten fynt men dan wol in ferwizing. As basismateriaal foar de Samle Fersen is de earste printinge fan de Rispinge nommen. It materiaal koe
útwreide wurde mei de neirispinge fan J.P. Wiersma. Ut de boarnen, dy't hy neamd hat, hawwe wy
| |
| |
net syn kar oernommen, mar alle uteringen yn fersfoarm. Nije fynsten, û.o. ûntliend oan de noch - ûnder de titel Neiteam, ek foar jimme! - te ferskinen bibliografy fan ds J.J. Kalma, koene tafoege wurde. Sneupen yn it besit fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum levere net allinne in tal oant no ta ûnbekende fersen op, mar ek oanwizingen foar oar wurk. Dy spoaren folgjende en kombinearjende mei wat de dichter meidield hat yn syn Gedenkschriften en Fen Liet en Libben hawwe wy noch fersen ûntdutsen yn materiaal, dat berêst op de Provinsiale Bibliotheek, it Ryksargyf en it Gemeente-archief te Ljouwert, it Universiteitsmuseum te Grins, it Archief en Museum voor het Vlaamse Cultuurleven te Antwerpen en it Internationaal Instituut voor Sociale Geschiedenis te Amsterdam. Op dit plak wolle wy alle helpfeardige meiwurkers fan dy ynstellingen tige tank sizze! Yn it bysûnder komt in wurd fan tank ta oan de hear P. Visser, dy't, troch bemiddeling fan prof. dr. E.G.A. Galama, ree wie Nederlânsktalige fersen byinoar te swyljen út sosialistyske kranten en periodiken. Mr. D.W. Kok betankje wy foar de oersettingen út it Latyn, dy't by de noaten opnommen binne.
Omt it Hollânske fersewerk fan Troelstra noch net earder sammele wie, hawwe wy it op fersyk fan ús opdrachtjouwers - de redaksje fan de Holder-rige fan de Fryske Akademy - byinoar socht en yn in aparte rubryk opnommen by de Samle Fersen. Wy doare net oan te nimmen, dat it ús slagge is dy samling folslein te krijen. Wat moat men jin bgl. foarstelle by in opmerking fan J.B. Schepers: ‘Reeds van zijn 16e jaar af was hij aan 't dichten, voorlopig in het Nederlands. Als medewerker aan Goeverneurs Oude Huisvriend publiceerde hij daarin verscheidene verzen; er liggen nog vele in portefeuille.’ (Troelstra als Fries dichter, s. 17)? Wat no oan Nederlânsktalich wurk sammele wurde koe, jouwe wy hjir ek yn chronologyske folchoarder.
De Samle-Fersen-útjefte fan it fersewurk fan P.J. Troelstra ferskynt yn de Steatestavering, dy't op 1.1.1980 ynfierd is. By it omstaverjen fan de Nederlânske fersen ha wy ús hâlden oan de Woordenlijst der Nederlandse taal (1954). De fersen yn sabeare 17e-ieusk Frysk en Hollânsk, dy't Piter Jelles yn syn rol fan Gysbert Japicx by gelegenheid
| |
| |
fan de Grinzer lustrumfeesten yn 1884 makke hat, binne ûnferoare tusken it Frysk en it Nederlânsk wurk opnommen. By it omstaverjen fan de fersen binne wy op ferskillende aparte swierrichheden stuite, dy't gearhingje mei it feit, dat ús dichter net in fan hûs-út Fryskpratende jonge wie. Guon eigenaardichheden binne ta te skriuwen oan it Ljouwerter Stedfrysk, dat yn 'e hûs by de Troelstra's praat waard. Oare foarmen sil er ûnder ynfloed fan de lektuer fan âldere Fryske skriuwers brûkt hawwe. Wêr't ús omstavering diskutabel is, hawwe wy yn de noaten de âldere foarm opnommen.
It haadstikje ‘noaten’ bestiet út oantekeningen fan de dichter, de ferklearringen fan de bewurker J.P. Wiersma, de delslach fan wat oant no ta yn tydskriften oer ôfsûnderlike fersen fan Troelstra skreaun is en ús eigen opmerkingen. De noaten binne oardere neffens de folchoarder fan de gedichten, dêr't se by hearre.
Boppe titelleaze fersen hawwe wy om oan te jaan, dat in nij gedicht begjint *** set. Yn de ynhâldsopjefte binne se oanjûn mei de earste rigel yn skeanprint. Lykas by de Samle Fersen fan Obe Postma is in list fan âldste fynplakken opnommen by de ynhâldsopjefte. Wy hawwe ek wer in register op de foarste rigels makke, oardere neffens it a-bie.
De redaksjekommisje foar de Samle Fersen fan Piter Jelles Troelstra hopet, dat it op dizze wize oanbeane materiaal belangstellenden oantrúnje sil har te ferdjipjen yn it wurk fan dizze dichter.
De libbensbeskriuwing yn de foarm fan in koarte kronyk en de ynlieding op it dichtwurk, dy't beide oan it tekstpart foarôfgeane, jouwe it wichtichste oer it libben en wurk fan Piter Jelles en wolle in útnoeging wêze ta it lêzen fan syn poëzij.
Ljouwert, foarjiersmoanne 1980
Tineke Steenmeijer-Wielenga
Freark Dam
Klaes Dykstra
Jaep Kalma
|
|