It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 250] [p. 250] Foar 't Finster. fen O.H. Sytstra. Ik sit foar it finster to mymrjen, En dikerje wylst nei de feart, Dêr blikkert it wetter sa lieaflik, 't Is krekt eft me fjûr der oer geat. Sa blier skynt de sinne dêr boppe, Hja stjûrt sa hjar strielen dêr oer, Det fonkelt en flikkert en glinstert, It liket hast allegear fjûr. Sjoch, nou is it hiele ein wetter, Det wy hjir fen dinne bisjean, Mei fonkeljend goud as oergetten... Nou hat it dy glans wer forlern. It ljocht is nou lang net sa helder, Mar hjir en dêr flikkert it yet, Krekt eft der sims stjerren út skeaten, Ont ek det geflikker forgjit. [pagina 251] [p. 251] Krekt eft nou de tsjustere weagen Ek greater en heger yet binn'; 'n Sa rôlje en sa skouwe hja fierder, Sa fier ik se neiëagje kin. Sa giet it hjir ek mei ús, minsken: By inklen is 't ljocht, hwet me sjocht, Det fonkelt en flikkert en glinstert, Alhiel sa hjar libbensrin troch. Doch oaren wer, dy mar ris efkes Hjar libbensstream glinsterjen sjean; Den wirde de weagen wer tsjuster, Sa fier min se neiëagje ken. Mar ek binne 'er rjue, dy fen bern ou, Tadet me se yn 't grêf sinken sjocht, Yn 't libben nin inkeld ein hawn ha, Det glinstre fen 't himmelske ljocht. Gjin streamen of stjerkes fen silver Forheldren hjar libbenstream ea; For hjar hâlden tsjustere wolken It sinneljocht skûl ta hjar dea. Doch allegearr', 't sy det hjar libben Ien heldere stream wier fen ljocht, Of det dy soms glansge mei stjerkes, Of det er it byld wier fen nacht - [pagina 252] [p. 252] Fen nimmen net koe ik biëagje, Om 't it kleed my it útsicht binaem, Hwer eft den hjar weagen bidarren, En ef 't den ek oars mei hjar kaem. Vorige Volgende