It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende In Fûgel. In fûgel het blier for my songen, Do 't ik klage: myn lieafde is forstoarn. Syn liet is myn sinnen trochkrongen; Myn hert is de wynsels ûntsprongen, As in blom yn de ûntweitsende moarn. Hy song fen in iwige sinne, Fen de hope, dy skynt oer ús paed; Hy song fen in herte fol minne, Det kloppet, net fier hjir fen dinne, Yn in doarpke, biskûle yn it skaed. Do liet er allinne my sitte; Ik harke, forbûke en forheard. Syn wûndersang kin 'k net forjitte; Mar minlike graech woe ik witte: Hwerearne is dy fûgel doch keard? Pieter Jelles. Vorige Volgende