| |
| |
| |
De Fryske Broerremoard.
fen
S.S. Koldyk.
Dy 't fen 'e Lemmer ou nei Grins
Mei skip of stomboat gjit,
Sjocht, dêr it wetter fen 'e Grêft
It Lange Deel en 't Wiid oantreft,
In doarp, det Wartna hjit.
It is in doarpke, lyts for 't each,
Mar ienkear stie er op syn plak,
En speeg'le 'm yn it wetterflak
Det âlde Wartna, nei 't min seit,
Foarnaem en great en heech,
Sa det men hast gjin moaijer foun,
Hwêr m' ek yn Fryslân hinne roun,
Sonk yn 'e djipte omleech.
| |
| |
En nei 't it âld forhael fortelt
Dêr streamde ienkear it wetter oer,
Hwent dêr het ienkear d' iene broer
De oar, nei 't libben stien.
Dy dei, hy wier for Wartna-stêd
Do d' iene broer dêr d' oar trochstiek,
En 't ûnwaer oer de stêd losbriek,
En spoarleas gyng it nei de groun
En neat fen alles is der bleaun,
Sa stiet yn 't âld kronyk biskreaun;
Nou streamt 'er 't wetter oer.
Nou bout de reiddomp dêr syn nêst,
Nou rekt er d' ûl' syn lea;
En 't iene djier fortelt er 't oar,
Ho 't Radbods Keningsstam forstoar,
En fâlt de sinne yn 't Westen del,
Den komt der, swart en âld,
In man de wetterfjilden oer,
En grynt oer syn formoarde broer,
| |
| |
En 't fûgelfolk krûpt skrutel wei
Gjin reidmosk heft in sankjen oan,
't Is alles tjuster en forstoarn,
En 't is al ieuwen, det dy man
Noait wachtet him de deadenrêst;
Hy moat dêr rinne, ta oan 't lêst,
En wol jimm' hearre nei 't forhael,
Hwet d' âlde Kening hie forspeld,
En hwet it âld forhael fortelt:
| |
De founling.
Yn âlde, lang forroune tiden
Do stie der by de Smelle Ie
In kleaster, det mei syn biwenners
De rom fen 't âlde Fryslân wie.
De mountsen fen det kleaster wierne
Bikend troch flyt en troch forstân;
Hwent d' alderearste turf waerd stitsen
Troch 'n lodde yn ien der broerren hân.
| |
| |
En yn ús lâns histoarjeboeken
Is iens mei greate letters set:
Hja dien' for Fryslân hwet hja koene,
Dêrom forjit hjar 't neiteam net.
Ien ûnder hjar wier altiid d'earste,
De gnapste, ûren yn it roun,
Bikend troch rom, bikend troch greatheid
En 't aeklik útein, det er foun.
't Wier ienkear, op in kâlde Krysttiid,
Wylst wyld de stoarm om 't kleaster fleach,
Det yette in mounts, let yn 'e jountiid,
Nei 'n earme stearrende ta teach.
Hy strampele oer de keale diken;
De jachtsnie fleach him yn 't gesicht,
Mar kearde 'm net; syn doel foar eagen
Tocht hy mar om syn Kristenplicht.
Mar boppe 't âljen fen de stoarmen,
Dêr heart er, aeklik lûd en klear
De needrop: ‘Minsk en, wol ús helpe!
O! help ús dochs, ik ken net mear!’
Noch ienkear ropt dy neare stimme
En den is alles stil en dea,
En d' âlde mounts is glêd forbjustre,
In kjeltme giet him troch de lea.
| |
| |
‘Hjar striid is dien,’ sa mei er tinke,
‘Hja binn' yn 't wylde wetter stoarn.
O Hear!’ sa bidt er, ‘moat' hja stearre,
O! nim hjar yn genade oan!’
Mar sjoch, hwet leit dêr foar syn foetten? -
Hy tilt it op; hwet mei er sjean ?
Det pakje, oanspield troch it wetter,
It is in lieaf, oannimlik bern.
It libbe yet, en sloech syn eachjes
Sa tankber op, it lytse hert,
As woed it d' âlde mounts wol freegje:
‘O nim my mei! forlit my net!’
‘Né, stimper, dy scoe 'k lizze litte?
Né, sûnder dy scil ik net gean.’
Hy koeze 't bern, en makke 't warem,
En dekke 't mei syn prysterklean.
Hy gyng werom en kloppe oan 't kleaster
En spriek do al de broerren oan:
‘Dit bern syn âlden binn' fordronken;
Wy nimm' him ta ús, as ús soan.’
En bar om bar naem elts it berntsje;
Hja joegen 't oer, de iene oan d' oar'
En 't klonk yn 't roun, as fen ien stimme:
‘Wy soargje er allegearre foar.’
| |
| |
‘Ho scille wy it boike neame ?
De Himmel krigen wy him fen,
Mar Bouwebroer het him biwarre:
Dos Bouwe neame wy it bern.’ -
| |
De nije feart.
‘Kom mannen! 't is tiid, de lodde yn 'e hân,
Kom! wol nou de hannen ris reppe !
De sinne stiet heech en skynt noflik oer 't lân,
De hannen ris fluch oan 'e skeppe.
It wirk leant syn master, nou fâlt it ús swier;
Mar is it biredden, den jowt it ús tier.
It giet for ús Fryslân, sa tinke wy mar,
De neiteam seit ienkear yet tank ús derfor.’
Sa spriek in man syn wirkfolk ta,
Det iverich to graven stie;
En wylenst lake en song it sa,
Krekt as hjar 't wirk mar boartsjen wie.
De man dy 't jinsen soarchfol seach,
Mar dochs sa blier en doch sa gol,
Foel aenstouns elk en ien yn 't each,
En op in pryster like er wol.
En frege 'm sims fen 't wirkfolk ien
Om wirk of wol nei goede rie,
Den hie in lústrer wol forstien
Det hy hjar haedman Bouwe wie,
| |
| |
Dy, 't ûndernimmend mei forstân,
In feart groef, dwers troch 't Fryske lân.
‘Kom mannen!’ sprekt er 't wirkfolk ta:
Lit ús in noflik lietsje ha:
Kom lit ús sjonge, blier en klear,
Us wirk en Fryslâns rom ta ear!’
| |
Dirkmanssang.
Us scil disse arbeid stielje;
Lit elts syn krêften fiele;
It wirk ken wille bringe:
Lit lûd ús ridskip klinke
Ta d' ear fen 't Fryske lân.
Flitich dolle wy en switte
Fen 'e moarntiid ta de joun;
En ús libben fljocht er hinne
Mei it wrotten yn 'e groun,
Him, dy 't deis to graven stiet,
O, ús graven en ús switten,
Jowt ús wiif en berntjes brea,
| |
| |
En it jowt by Himmels segen
Krêft to groeijen oan it gea.
Hellet skatten út e groun,
As de moaije sinne yn 't Easten
't Strieljend ljocht stjûrt oer it lân,
Wriuwe wy de sliep út d' eagen,
Nimm' we 't ridskip yn 'e hân.
En wy spikerje en wy houwe,
Meitsje hûs en tsjerke en toer,
Slûzen om de sé to kearen,
Brêgen, 't breede wetter oer.
Alle Friezen mei elkoarren
Bouwe ek oan in Heilichdom;
't Is 't gebouw fen Fryslâns greatheid,
't Is 't gebouw fen Fryslâns rom,
d' Alden habbe 't foundemint lein,
En wy bouwe dêr op foart,
Ta 'n gebouw for alle tiden,
Det gjin stearmwyn út 'noar skûrt.
Fâlt noait it deiwirk soer;
Wy wolle ús wirk bihâlde;
Komt wer in krêftfol nij.
| |
| |
Hwet ienkear d' âlden diene,
Hwet hjar it heechste lei,
Hwet hja for Fryslân wierne,
Hjar krêft scil wy bihâlde,
Dy krêft, dy 't yn ús gloeit;
Sadet, op 't grêf fen 't âlde,
't Jong Fryslân krêftich bloeit.
For 't skip det strak de wrâld yngiet,
Iens fart it nei it fierste strân,
Dy bringt it skip hjir hinne,
Waei, grien en giele flagge
Heech út, fen 't topke fen 'e mêst
Troch stoarm en bliksemslagge,
Fen 't Easten nei it Wêst.
It each yn 'f seil, de hân oan 't roer,
Lit den de stoarmwyn âlje...
It skip komt feilich oer !
Us bêst dwaen, eltse dei;
En as wy ienkear stearre,
Folgje ús ús berntsjes nei;
Den klinkt yet d' alde wiis,
‘Hjir leit in rjuchte Fries.’
| |
| |
| |
Mem en Soan.
Hwa brekt dy ienlykheid fen Earnewâldes petten ?
Dy deade wyldernis mei syn ûntelbre sleatten,
Hwêrút it sodzich lân syn rûge reiden stekt,
Dy't rûze as jouns de wyn der wyld troch hinne brekt?
't Is as hie nea nin minsk de stiltme hjir forbritsen,
As wier 'er nea nin skip oer dizze wetters stritsen;
As wier de Skepper fen de Himmel en fen 'e Ierde
Sa krekt fen dizze groun, as d' alderlêste, skieden.
De sinne fâlt al del, en út it wetter kliuwe
De tichte dampen op dy nei de Himmel driuwe,
Om oare streken wiette en krêft ta groei to jaen:
Sa ken disse oarde oan 'e ierd' noch nut en segen
Hwa binn' hja, dy 't nou yet troch dizze lânnen rinne?
Hwa binn' dy beide doch, hwêrearne moat' hja hinne ?
It lykje man en wiif, hwet doch se hjir sa let
Yn 't rûge reid, dêr oars gjin ien syn foetten set?...
't Is neare tsjustre nacht, gjin stjerke skynt fen boppen;
De reiddomp gûlt net mear; allinne d'ûl' syn roppen
Forbrekt de stille nacht, dy 't him syn wille jowt,
Omdet er, skou fen 't ljocht, nin kleare dei bitrout.
It twatal rint mar foart oer sodzen en oer diken,
En 't lykje spûken wol, as wiern' 't opstiene liken,
Dy 't sochten om in skat, dy, ûnrinchtfeardich woun,
Forsonken lei yn 't djip, bidobbe earne yn 'e groun.
Al wylder wirdt de streek, al stilder 't om hjar hinne,
En ûren yn it roun binn' beide lykme allinne...
| |
| |
Hwet wolle hja dêr dwaen? hwet 't wyt doch wêzeken
Fen 't pear? It is nin goeds, itmei nin deiljochtsjean.
Hja wixelje gjin wird, ont hja bij 'n hichte steane,
Hwerop togearre nou de twa nei boppen geane,
En oankomme op 'e grien begroeide top.
Nou seit it wiif: ‘Wy binn' der hjir; hâld op!’
En dêr stean hja den, de swalkers,
dy 't yn nacht en tsjusternis,
Wylst de dauwe kâld yen oanslacht,
omtrêdsje yn de wyldernis.
d' Iene, 't wiif is griis fen hierren,
't Antlit groefd fen âlderdom,
Soarch en leed; fortiisd troch 't stoarmjen
hinget wyld it hier derom.
En sa 't hja dêr stiet yn 't tsjuster,
liket hja in kweade geast,
Dy 't der stiet hjar klear to meitsen
for en divelsk hexe-feest.
d' Oar, in man, is wyld fen wêzen;
as min dy yn 't oansicht sjocht,
Wirdt min skoftich fen de lôge
dy syn loerend each ûntfljocht.
Smid fen hantwirk moat er wêze;
hwet er oan him het is swart;
Swart fen hier, fen holle en hannen,
donker ek for fêst fen hert.
| |
| |
't Moantsje kipet troch de wolken,
't sêfte ljocht glydt oer de groun,
En dy strielen brekke it tsjuster,
blierkje en glânzje fier yn 't roun.
Beide steane se op 'e hichte,
en dêr leit nou, klear en bleat:
d' Iene kant: de rûge fjilden;
d' oare kant: in breede feart.
Yn de fjirte stekke toerren
Yn 'e grauwe wolken rikkend,
mei it kriúsbyld yn 'e top;
En de reade ljochten stekke
freamd by 't bleeke moanljocht ou,
Det nou troch de wolken kipet,
spûkich, skril, by 't nachtlik grau.
Mar de beide swalkers tinke
net om 't moaije fen it gea;
Ne! hjar hert slacht for de wrake,
yn hjar binnenst broeit it kwea.
't Alde wiif forheft hjar stimme,
en hja sprekt op rouwe toan:
‘Kom op dizze hichte, Wibe,
hear nei myn forhael, myn soan! -
Iens, yn langforroune jierren,
do 't dy stêd noch net bistie,
Do 't hjir noch gjin Kristnen wierne
Is dy greate stêd dêr stichte,
en, myn soan, forjit it net,
| |
| |
't Wier dyn stamfaer, dy 't him boude,
en hy neamde 'm: Wartna-stêd.
En do 't hy syn wirk biredden,
en syn stêd dêr lizzen seach,
Tilde 't herte 'm op fen heechmoed,
greatskens strielde 'r út syn each.
Mar syn heit, dy âlde kening
spriek: ‘Myn soan, kom, hear nei my;
Dizze stêd scil groeije en bloeije,
lange jierren yet hjirnei;
Mar syn tiid scil ienkear komme,
iwich scil er net bistean;
Al it ierdske moat forstearre;
dizze stêd scil ek forgean.
Hwent as út myn neiteam ienkear
d' iene broer de hân forheft,
Mei de skerpe moardpriem waepne,
en sa de oare deadlyk treft:
Den scil hjir it wetter rinne,
en forwoesting folget nei,
Alles scil yn 't djip forsinke,
en dyn moaije sted sinkt wei.’
Dit foarspelde d' âlde kening,
en de stêd het altiid woun;
Handel driuwt er, en syn skippen,
stjûrt er Fryslân yn it roun.
Nimmen tinkt mear om de wirden,
dy 't ienkear de kening sei,
Elts mient, det syn slachte is útstoarn,
d' âlde keningsstam is wei.
| |
| |
Wartna-stêd is ek foroare,
't is hiel oars, as 't earder wie;
Nou stean greate Kristentsjerken,
dêr earst Wodans alter stie;
en syn timpels lizze plat,
Freamde prysters, keal fen holle,
brochten ús in freamde God.
Alles habbe se ús onthelle,
neat bliuwt for ús op 'e wrâld,
En in breede feart scil rinne,
dwers troch Wodans hillich wâld.
Dêrom: flok oer dizze fjilden,
noait komt hjir wer segen oer;
Lit Thors hammer se fordylgje,
mei syn fleanend bliksemfjûr!
O, Alfader wol my hearre,
kear dyn antlit ten hjar ou,
Wol se struije yn alle winen,
lit se stearre yn djippe rou!
Lit dyn sinne noait wer skine
oer 't untaerdge Wartna-stêd;
Lit gjin reindrip ea wer fâlle,
nou, en noait en nimmer net.
Hear, o Wibe! 'k wol dy sizze,
hear myn soan, hwet ik dy lear:
Ken dyn hân de stêd fordylgje,
't is in wirk ta Wodans ear.
Ienkear Wibe, hiest' en broerke;
yn it wetter is er stoarn;
| |
| |
Tagelyk bin hja fordronken,
Dos, dou hoefst gjin broer to deijen,
hwent myn soan, dy hestou net;
Mar dochs hestou yn dyn hannen
d' ûndergong fen Wartna-stêd.
Kom, foarút! for ús de wrake!
dêr 't de feart sa fredich rint.
Dwers troch bosk en greiden hinne,
Dêr is 't, det ús wraek bigjint,
| |
De floed.
't Is stil en dea by 't greate wirk,
Dêr hjoed sa fleurich as in ljurk
Yn skimerjoun socht elts op 't lêst,
Nei d' arbeid fen 'e dei,
De wolfortsjinne swiete rêst,
Hwa sit dêr yet yn neare nacht,
As wier 't in byld fen stien?
Hwa hâldt sa iensom dêr de wacht?
In nachtspûk is 't meiskien?
Né! 't Is in minske dy 't der sit
Yn tsjusternisse en mist;
De founling, oandreaun op Smelle-Ie,
| |
| |
As oaren sliepe, wekket hy;
De nachtrêst fynt him net;
Hy tinkt aloan om 't great karwei,
Det wirk, it leit him nei oan 't hert;
It is syn bern, syn skat;
Elts strûkelblok jowt djippe smert;
Eltse oerwinst him genot.
Mar dochs, allinnich is er net:
Dêr hy syn wille en nocht oan het,
Det 's for dy twa in pleach;
Hja binn' 't, de swalkers, mem en soan,
Mei 't moardplan yn it hert;
Noch foar it daegjen fen 'e moarn,
‘Sjochst, Wibe,’ sprekt it âlde wiif,
Hwa is dy man, sa stil en stiif? -
De haedman,’ seit docEdition smid.
‘Ja hy is 't, dy 'k it slimst yet hâld;
Him wyt ik 't meast it kwea;
Hy graeft de feart troch 't hillich wâld.
Lyk as de wylde wolf it laem
Yn toarst nei bloed bispringt,
Sa docht de swarte smid in raem,
| |
| |
Dy moard en dea tabringt;
Swier troffen fâlt broer Bouwe del,
Syn bloed rint oer 't gesicht:
En 't each, sa skrander en sa gol,
En 't âlde wiif sjocht alles oan,
As hie se 'n hert fen stien.
‘Kom Wibe!’ sprekt se tsjin hjar soan,
‘Dyn wirk is yet net dien.
‘Forniel dy dyk, en 't wetter fen
De feart, det dertroch fljocht,
‘Streamt oer de stêd, en, Wibe! den
Is 't hillich wirk folbrocht.’
Wer is de smid yn ienen klear,
As oandreaun troch dy stim;
Gjin minskelijen docht him sear,
Hy heart mar nei syn mem.
Hja is de holle en hy de hân,
Hja tinkt, en 't wirk docht hy.
Dy twa forbynt ien fêste bân
Fen lieafde, en haet der by.
En wylens det de smid mei krêft
De lodde yn d' ierde stekt,
De dyk mei swiere slaggen treft
Bisjocht it âlde wiif it lyk,
Det nou gjin wird mear seit,
| |
| |
En det, bispat mei bloed en slyk,
Syn hertebloed, sa warem niis,
Det hy for 't wirk forgeat,
Streamt út de woun, en ferwet read
En 't weachje det dêr hinne giet,
Him aeikjend, kear op kear,
Det sjongt yn rouwe in deadeliet:
En sûnder smerte sjocht s' it oan;
Mar dêr, dêr sjocht hja hwet!
Dêr op syn boarat, dêr is hwet skreaun...
Hwet letters binne det?...
Hja fâlt op 't lyk forheftich. oan -
En o! hwet moat hja sjean?...
Dy mounts, formoarde troch hjar soan,
Dy letters het hja selme set;
Hja kin it skoan; hja fierde 't sels:
Fen kening Radbod wie 't.
‘O!’ ropt hja, ‘Wibe! hwet hest dien? -
O soan! hwet komt ús oer?
Wy habbe ús bloed nei 't libben stien;
O Wibe! 't wier dyn broer!’
| |
| |
Krekt docht de smid de lêste stek.
Djip stekt er yn de groun,
En tilt it op mei reuzenkrêft,
En stoarret wyld yn 't roun:
‘Ja mem’ klinkt nou syn woest geklei,
‘Jy habbe 't sels sa wold;
Hwet ienkear d' âlde Kening sei,
Is hjoed troch ús forfold!’
Hy sprekt. En 't wetter fen de feart
Brekt woest en wyld dêr troch,
En streamt de griene fjilden oer,
Dea en forwoesting folgje 't nei,
Heech brûst it wetterskom;
En 't moaije Wartna-stêd sinkt wei;
Gjin minske seach 't werom.
Dêr jister 't rike Wartna stie
Folbrocht is nou de swiere wraek,
De wraek fen mem en soan.
De weagen rôlje al om en om,
Broer Bouwe lyk, det meinomd wirdt,
| |
| |
| |
It spûk fen de lange sleatten.
Hwa is dy swalker dêr allinne,
Stil giet er dêr, dy âlde,
Gjin minske sjocht er oan.
Foar ieuwen al forstoârn.
Wol faek yn neare nachten,
As wyld de stoarmwyn raest,
It skomjend wetter blaest,
Ald mei de man wol lykje,
Hja strune, en siikje om 'e oarde,
| |
| |
En neare klachten klinke 'r,
Den giet er stil oan board;
Hark! d' ûlen âlje en geije,
Grou, Hearstmoanne, 1882.
|
|