It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende De Hearst het de Simmer to hof brocht. De hearst het de simmer to hôf brocht, En de winterwyn bile oer it grêf; Nou bin alle blommen fortrape, En de dreamen forstouden as tsjêf. Myn lieafde bloide yn de simmer, Mar waerd mei de hearstblommen wei. De winterwyn skoddet de tûken - Ik tink oer myn simmerlok nei. De hearst dolde in grêf for de simmer, En de winterwyn gierde sa bang; Mar ik ha myn lieafde to hôf brocht, To hôf brocht mei klang en mei sang. Wintermoanne. Pieter Jelles. Vorige Volgende