| |
| |
| |
It bern fen de heide.
fen
T.W. Sytstra.
Op de heide wenne in berntsje;
Lykme allinne boarte 't bliid.
En syn honk, in plaggen herntsje,
Wier for him moai rom en wiid.
Djoijend plôke 't dêr fen d' ierde
Blomkes, ien fen soarte en kleur,
Dêr 't syn holtsje graech mei sierde,
't Lieaflik byld fen ljocht en fleur.
Rom en njuefol, sûnder mjitte,
Wier de heide for it bern;
Nachts den koed er 't fonkjend stjirte
Frjeunlik nei him winken sjean.
Deis wier him de heide in seale
Dêr de sinne in troan yn hie;
Alles, alles pronke en preale
As yn 't ryk der fantasie.
| |
| |
Hwêr syn each ek hinne sochte,
Heide seach er yn 't rounom,
En it soarchleas boike tochte:
Hiel de wrâld is heideblom.
Mar det scoe net lang sa bliuwe;
't Bern forlear syn wille en tier,
Hwent hy koe 't hast net mear leauwe,
Det 'er neat as heide wier.
En hy digere om him hinne,
Siikjend nei in oare wrâld;
En de blommen en de sinne
Lieten nou syn herte kâld.
‘'k Wol,’ sa spriek er, ‘'t plak forlitte,
Dêr 'k mei flinters boarte ha,
'k Wol net langer liddich sitte,
'k Mat nei oare plakken ta.’
Mar op iens spriek dêr in stimme:
‘Boike, siz, hwêr tinkstou oan?
Hwet mei dy de fleur binimme?
Hwêrom stunest sa, myn soan?’
't Wier in heech bijierre âlde
Dy tsjin him dy wirden sei.
Elk en ien moast fen him hâlde,
Hwent syn each blonk as de dei.
| |
| |
't Boike, det earst tige skrille,
Fette moed, en seach him oan;
‘Och,’ sa spriek er, ‘alle wille
Hat it tinken my bidoarn.
‘Bern,’ sei de âlde, ‘wotte witte?
Och, bitink doch, hweste dochst!
Wol it tinken lieawer litte;
Leau mar, leau mar, hweste sjochst.
‘Leau mar, det ús hiele ierde
'n Greate tún fol blommen is;
Lit dy fen 't Gelove liede;
't Witten bringt yn tsjusternis.’
En sa practte 'r mei it boike,
En hja plôken blom by blom,
En 't Gelove skomm'le en roike
't Berne-tinken yn de slom.
Ienkear kuire 'r yn it tsjuster
En hy wie syn herntsje bjuster,
En hy wist net, hwêr 't er wier.
Wol woe him 't Gelove liede,
Graech mei him nei hûs ta gean,
Mar, al mocht er prate en riede,
't Boike woe him net forstean.
| |
| |
Fierder, fierder roun it berntsje;
Fierder, fierder wykte 't ôf
Fen syn âlden, fen syn herntsje;
For 't Gelove wier it dôf.
Hwent hy miende in paed to finen
Nei syn âlden en syn honk;
Fleurich roun er, net to binen,
Nei de fierte, dy 't him wonk.
En 't Gelove woe him liede,
Graech mei him nei hûs ta gean,
Mar, al mocht er prate en riede,
't Boike woe him net forstean.
En hja gean mar altiid fierder;
Mar... hwet sjocht er yn 't forscjit?...
Hastich wirdt er, hy rint hirder,
Ont er by in blomke stiet:
‘Sjoch 'is,’ ropt er, ‘sjoch dy blom 'is!
Sa'n ien ha 'k nea earder foun!
'k Wist net, det de wrâld sa rom is.
Sjoch, al wer ien op de groun!’
D' âlde socht him mei to troaijen
Fen dy freamde blommen ou;
Mar: ‘Al wer ien! hwet in moaijen!
Sjea, det 's wyt en det is blau!’
| |
| |
Sa wie 't bern alhiel foroare,
Nou 't er op him selme stoe;
D' âlde skrille; hy bistoar; it
Like, det er stearre scoe.
‘Hwêrom wegerst, mei to kommen?’
Sei er einlings; ‘wachtsje net!
Op de heide waechsje blommen,
Rûkend, moai for each en hert.’
‘Mar den disse!’ rôp it berntsje;
‘Sjoch, ho moai! dy wyt, dy blau.
Moaijer binn' 't as by ús herntsje!
'k Wol se ploaitsje; lit my nou.’
D' âlde woe it bern meinimme
Det nei alle blomkes roun,
Mar dêr klinkt in foarse stimme:
‘Is 't Gelove op disse groun?’
D' âlde man, 't Gelove, skrille,
Mar doch sette 'r him to skrip.
't Berntsje wier forbûke en trille;
Foar him stoe frou Witenskip.
‘Berntsje,’ sei hja, ‘sjoch, it Leauwen
Roiket sêft dy yn de slom.
It forbiedt dy, 't swiet to preauwen;
't Jowt dy neat as heideblom.
| |
| |
Disse blommen binne mines;
Hjir is, bern, de heide ûntgoun.
Al dy blommen wirde dines,
Bist ienkear oan my forboun.
Gean mei my, wy siikje blommen,
Jimmer moaijer, jimmer mear.
Wirdt dy den ek hwet ûntnommen,
't Witten jowt dy folle mear.’
't Bern liet nou 't Gelove allinne;
Joech oan Witenskip de hân;
En hy reisge rounom hinne,
Teach mei hjar fen lân ta lân.
Altiid siikjend, jimmer fierder,
Teagen hja fen oard ta oard,
Sûnder rêsten, altiid hirder,
East en West en Súd en Noard.
Mar 't Gelove wier forbûke,
't Stoe forwêzen en forslein;
't Moaiste fiskjen út syn fûke,
Wier nou troch de mesken flein.
Niid en ôfginst naem syn herte,
't Lijen naem syn siele yn;
Lieaf wie 'e nacht; de dei joech smerte;
't Ljocht forfijde 'r as fenyn.
| |
| |
Simmes kaem er yet by 't boike,
Pratend oer de heideblom;
En den skommele 'r en roike
't Bernetinken yn de slom.
Fol fen wémoed koe den 't berntsje
Yn sa'n dodde, heal yn slom,
Dreame oer det forlitten herntsje,
Oer de heide en heideblom.
Mar seach Witenskip him sliepen.
O, den rôp hja: ‘Wekker, bern!’
En hja die him d' eagen iepen;
Liet him nije blommen sjean.
|
|