It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende De nacht wier stil. De nacht wier stil; stil wierne wy, Mar simmes klapte der eat; Dêr wierne freamde geluden by, Dy min oars komselden heart. Det iene tútsje klonk wol sa freamd Yn de stilte fen de joun; Do habbe ús herten for d' earste kear Elkoar op de lippen foun. Do habbe ús herten elkoarren foun, En dêr kaem dy tongerslach fen. - It klonk sa freamd yn de stille joun.... Wy skrikten 'er selme fen. Pieter Jelles. Vorige Volgende