It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 220] [p. 220] Kwa-kwa. fen P.J. Troelstra. Yn 't earst fen de moarntiid, sa dimmen en from, Do hipte út syn nestke, heal dreamrich, in ljurk. Rjue blomkroanen stjûrden hjarswietrooknei 't swirk, As alters fol wiereek, sa stil en sa stom. De ljurk waerd oermastre fen lieafde en fen tank; Hy sloech mei de wjuk en klean op yn de loft; Hy song er syn lofsang, en driuwkle fol noft, En geat dêr syn hert út yn godlike klank. Det hearde ek in froask, dy dêr lei yn de mar; Hy reage yn it flaech om en boarst hast fen niid. Hy seach nei syn berntsjes, dy sliepten yet swiet; Hy rôp se to wekker en sei do tsjin hjar: ‘Sjoch nou 'is dy ljurk, hwet forbylding het hy? Me scoene doch sizze, sa'n kyk-yn-de-wrâld! Ik hâld my yet stil, en doch bin 'k al sa âld! Hy wjukkelt hast tsjett'rjend de wolken foarby. [pagina 221] [p. 221] It is hwet to sizzen! Do 'k jong wier as hy Wie 'k altiid biskieden, wie 'k stil en bidest. Hy sjongt en hy fljucht fiersten t' ier út syn nêst; Hy hearde earst to wachtsjen op ljue lyk as wy.’ Nou sloech ek it jongfolk mei kwêkjende stim Oan 't balten: ‘Kwa, kwa, 't is in griis mei dy ljurk! 't Is greatskens, to fleanen sa heech nei it swirk. Wy bliuwe hjir ûnder, det paste ek for him.’ De ljurk fleach al heger en sloech hjar gjin acht; Hy song as profeet fen d' ûntweitsende moarn. De meltsfaem kaem bûten; syn liet lûk hjar oan; Hja seach nei de himel, mei eagen fol ljacht. Vorige Volgende