It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 219] [p. 219] To heech. fen O.H. Sytstra. It moantsje stiet sa moai oan de loft; It bern stekt syn hantsjes omheech. Ho graech woed er 't habbe as boartersding! Mar it moantsje stiet fiersten to heech. - Nou sjocht it boike yn it wetter dol, En - dêr leit it moantsje op de groun. Nou kin er it krije - hy bûcht er nei - En 't bern is yn 't wetter fordwoun. It moantsje stie for it boike to heech, Do lokke it skynsel him oan; Mar det lûk him falsk yn it wetter dol - Yn det wetter is 't boike forstoarn. Vorige Volgende