It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Net mear sjonge? Oan in wolmienende frjeun. Jy seijen faek, ik moast it sjongen litte; 'k Hie wol hwet oars - hwet nuttigers - to dwaen. Me koe gjin goud út sokke fersen slaen; Jild, jild wier 't doel, det moast ik net forjitte. Ik koe gjin andert op dy wirden jaen. Jy binn' al âld, Jy scill' 't wol better witte. En 'k ha 't bisocht - mar wier, ik kin 't net litte! 't Brûst yn my om; der is neat oan to dwaen. Forbied it fiskje, yn 't kleare wiet to djoijen; Forbied de sé, to brûzen jimmeroan; Forbied de blom, yn 't simmerwaer te bloijen; Forbied de sang oan Bragi's frije soan - 't Is om 'e nocht; syn hert bigjint to gloeijen; Hy nimt de harp en sjongt op folie toan! Hearstmoanne, 1881. Pieter Jelles. Vorige Volgende