It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 216] [p. 216] In Wird op Nijjier. fen K. Sytsma. Al wer in jier yn 't einleas neat Mei al syn leed en wille; 't Sonk yn 'e stream fen 'e iwichheit, Hwer mannich ieuw bidobbe leit Wyls't oaren folgje scille. Hwet het it jown? O, freegje 't hjar, Dy iensum en forlitten, Diss' ûre it stilste plakje socht. Hja het hjar ‘steun’ to hôve brocht, En bleau allinne sitten. Hwet het it jown? Sjoch efkes ta: Dêr sit op memmeskirte It boike, nommel, lieaf en blier, Det krigen se yn 't âlde jier, O, segen boppe mjitte! [pagina 217] [p. 217] Mar bern, hwer binn' dy roazen keard Dy 'k op dyn wangen kinde?.... ... Yn 't âlde jier binn' hja fordwoun; Hy het hjar libbensnocht forjown, Dy falske, dy 't hja minde. Ho hearlik blinkt yn 't nije jier, De talcomst him tomjitte; Hy frege hjar, en 't sêfte ‘ja.’ Klonk út it ynlieaf múltsje 'm ta; Nea scil er det forjitte. Sa is it gien yn 't âlde jier: Dy tsjinspoed, disse segen; En nou wy wer by d' yngong stean' Fen 't nije jier, ho scil 't nou gean? Hwa andert op dy frege? Scil falskens under 't fromme klaed, De wiere deugd forsmoare? Scil hûchlerije op 'e troan? Scil wierheid wike tor fortoan? Scil haetsje d' iene d' oare? O minsken, tsjinspoed, ûnk en leed, Dêr kinn' w' ús net for wachtsje. Mar fij fen onrjucht kinne wy, Tsjin haet en falske flaeijery, De wiere deugd bitrachtsje. [pagina 218] [p. 218] Lit w' ús den op disse earste moarn, Mei reine deugd bisibje. Struit lieafde blommen op ús wei, Jowt frede wille, dei by dei, Den scill' wy, hwet ek barre mei, In jier fol sein bilibje. Eastrum, 1 Jan. '82. Vorige Volgende