It jonge Fryslân
(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers
[pagina 214]
| |
Draeimounte-Sankje.Ga naar voetnoot(*)
| |
[pagina 215]
| |
Hwet in tier;
Los en blier.
Hwet in laeitsen, gobjen, sjongen!
Hwet in nocht for âld en jongen!
'k Sjoch it, d' eagen fjurkje dy.
O, ho noflik sitte wy!
Skippersfeint mei skippersfanke
Lizze nou ris loddrich oan;
Simens Jan mei bûrmans Anke
Kinne joun ek wakkre skoan.
Alles swaeit,
Alles draeit!
Al it jongfolk is oan 't swieren;
't Bloed fljucht as in blits troch d' ieren.
Fanke, mei myn earm om dy
Bin ik och sa blier en blij.
Foart mar, foart mar! gleskes blinke,
Ljochten, stjerren glânzje yn 't roun.
Al de wrâld mei my ûntsinke
Op sa'n moaije merkejoun.
Foart mar, foart!
Hirder, hird!
Fanke, mei dy oan de side
Woe 'k sa wol de wrâld út glide;
'k Woe wol draeije, hei sa sa,
Oan in oare merke ta.
Ljouwtermerk, 1881,
|
|