It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Dou naemste myn romer. Dou naemste myn romer en tapest my yn. Ho fonkle en ho glinstre dy godlike wyn! Allyk as 't kristal fol fen hearlike wyn, Sa gloeide ek ús hert, mei de lieafde der yn. Wy namen de romers, sa ljocht as in stjer, En preauden en dronken, en - frijden do wer. Ho gloeide ús it hert mei de lieafde der yn! Wy dronken dy lieafde as in kostlike wyn. Pieter Jelles. Vorige Volgende