It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 212] [p. 212] Pinxterdei. fen K. Sytsma. Tiden en minsken forgeane, Mar libjend stiet for myn siele Iwich en iwich dyn byld. Omjown fen blommen en fen grien, Stiet earne hjir in âlde went; Dy het dêr lange jierren stien, Sint minske heugenis omtrint. En yn dy went, al âld en min, Seach 't libbenssintsje nea net blier; Dêr focht in warber húsgesin Tsjin 't hirde lot, en 't foel hjar swier. Mar yn dy selde wente wer, Dêr rein en wyn frij yngong foun, Het ek de lieafde wenne; dêr Ha 'k wille hawn sa mannich joun. Ja, wille! Neist my siet in bern, Sa lieaflik as de simmermoarn; [pagina 213] [p. 213] Mocht ik hjar yngol wêzen sjean, Den lake my in ingel oan. En as 'k hjar hân yn mines sloech, Hja lûk him net ûnsêft torêch, En as ik hjar in tútsje joech, Den blonk in himel yn hjar each. Foarby is alles, lang foarby, Al jierren is de tiid forroun Det ik for 't earst, sa gol en blij, By 't famke siet op Pinxterjoun. Nou wirdt de Pinxterdei wer fierd; Nou geane feinten wer to kar; Mar ik - ik suchtsje fen fortriet; Ik sjoch nei boppe, en... tink oan hjar. Vorige Volgende