It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 208] [p. 208] Nei in Hirdridery. fen T.E. Halbertsma. Wyn út it Easten En heldere loften; Fonkjende stjerren, As 't sintsje to rêst gyng; Kreakjende doarren En droegjende flieren; Reisgjende rotgies En froast yn de kranten Sizze ús: 't wirdt winter. Knapprige snie, lâns Oars smoarrige strietten; Drafkjende klûmers Mei moffen en oerjas; Hongrige rûken En gouwende keapljue; Glêskleare oesdrip En loaikjende skippers Jowt ús de winter. [pagina 209] [p. 209] Trienjende eagen En splytrige hannen; Kjeldige foetten En stribbige lippen; Prykjende earen En rinnende noasters; Kriizjende boarsten En long'rjende fammen Makket de winter. Triljende âldsjes By smeulende fjurkes; Lijende berntsjes Mei skimlige kleuren; Sloppen en sukklers, En gûds sûnder rêdding; Sliepende wachten, En skriele diakens Sjogg' w' yn de winter. Proastige stedtsjers Drage den klotsen, Opstoppe kûten En lint yn de hoksen. Jiffers mei geizige Poffige wangen, Strampelje 'r êfter Bienbitige hearkes; Det sjocht me hjir net. [pagina 210] [p. 210] Hjir ride bliere Folsleine fammen, Efter de drege Streekhâldende feinten; Wite to skouwen, As 't yn de wyn giet, Jow' mar ien tútsje, As lean for it lûken: Sa 's hjir de moade. Earbere, ferme, Goedsinde boargers, Dy 't graech hjar sels, mar Ek oaren hwet ginne, Stypje disse iisclub, en Laeitse om de skrielen, Dy 't hjar ryksdaelders For alles to lieaf ha; Wy kinn' se misse! En oer de touwen, Spand lâns ús iisbaen, Langhalzet eltsien, dy Kriich yn it liif hat; Skôgjend de riders, Dy skrabjend en klouwend Fleane as de swellen, En sparje nin krêften. - Hwa scil it winne? [pagina 211] [p. 211] Dien is de kampstriid. Hwa ef it woun hat? Hjir sit de drege, Krigele rider. Kom yet ris wer, om dyn Eabele kinsten, Dyn moed en krêft oan Us doarp sjean to litten. Lok mei de priis, hear! Frjeunen, frjeundinnen, ‘For hwet heart ek hwet,’ Seit 't âlde sprekwird; Ha jimm' 't ûnthâlden? Kom, tean den joun 'ris, Det jimm' 't bigripe; Meitsje den wille, hwêr 'n Oar jimme nocht jowt. For hwet heart ek hwet. Drink den en sjong den, En toast mar 'ris tige, Alles de nommele Striders ta eare. Gean net nei hûs, foar 't Eltsien hwet dien hat, Om disse joun ta 'n Feestjoun to meitsjen. 'k Drink op de fleur'gen! Ternaerd, 20 Jan. 1879. Vorige Volgende