It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 205] [p. 205] Proza en Poezie. fen O.H. Sytstra. Twa dingen bin er yn 'e wrâld, Dêrfen is 't libben fol; It ien is as in stien sa kâld; It oare waerm en gol. Jimm' kinne se allebeide fêst, As ik it jimme siz: It binne proze en poezie, Dêr 't libben fol fen is. As m' op in joun by 't famke sit Det lang yens sin al wie, En frijend sa de tiid forjit - Den priuwt me poezie. Mar as me by det famke komt, Dêr 't min sa'n bult fen hâldt, En docht me dêr in blautsje op - Det 's proza, o, sa kâld! [pagina 206] [p. 206] For syn plezier op reis to gean Nei freamde lânnen ta, As 't yen oan jild net hoecht to stean, Det 's poezie, woe 'k ha. Mar as me hjir yn rein en wyn Omtoarket, dei oan dei, Om sa syn brea to krijen - sjoch, Den krijt me proza mei. To lêzen fen in libben, fol Fen soargen en fen striid, Det fynt min hiel poëtisk wol, Det haget yen faek swiid. Mar moat me sels sa'n paedsje lâns, Mei toarnen rjue der oer, Nou, den bikomt me faek al gâns Fen yens poëtisk fjûr. - As op in moaije simmernacht It moantsje helder skynt, Hwa, dy det stille silverljocht, Den net poëtisk fynt? Mar winters, as 't fûleindich friest, Ho 't, m' ek fen 't moantsje hâldt, Den stiet me net sa lang to sjean. Den is 't prozaïsk kâld. As min in bernekopke sjocht, Mei eachjes as kristal, [pagina 207] [p. 207] En 't wêzen, strieljende fen nocht, Det 's hiel poëtisk wol. Mar stapt me sims in keamer yn, En mem forskjinnet dêr Hjar berntjes by 't gewoan muzyk - Den fynt me proza wer. Ho mennich pearke, as it trout, En him for 't libben bynt, Det den rjue loftkastielen bout, En 't boask poëtisk fynt. Mar binne d' earste moannen om, Den komt it proza gau; 't Is út mei al hjar poezie: It nijs det is der ou. Sa fynt elk minske yn 't libben wol Syn proza en poëzie. Dêrfen is 't hiele libben fol, En as 't oan 't winskjen stie, Den hie me poezie grif lieafst, Nou, hie ik 't oan myn kar, Elts krige 'n kroadfol poezie, En 'n kromke proza mar. Vorige Volgende