It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Trou. Oan myn Frjeun Ts. Hy het in famke to hôf brocht, Al jierren, jierren lyn; Det grêf by de grize tsjerke Leit it lok fen syn libben yn. Dy faem wier 't ljocht fen syn eagen, Dy forjit er nimmer net; Hjar lichem bigroef er op 't tsjerkhôf; Hjar siele rêst djip yn syn hert. Syn hert is it grêf fen syn lieafde; 't Is tsjuster, yn djippe rou; Mar blier bloit boppe de deade De forjitmynet-blom fen de trou. Pieter Jelles. Vorige Volgende