It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 203] [p. 203] Ien Winsk is 't Libben. fen T.W. Sytstra. ‘Winskjend fleach myn libben hinne; Winskjend bin ik nou oan d' ein; Winskjend gean 'k de dea tomjitte, Hwent dy is my nou ta sein'. Do 'k yet bern wie, woe 'k nei skoalle; 't Skoallegean bifoel my wol; Mar de winsk om feint to wêzen Siet ik ringen al fen fol. Feint to wêzen joech rjue wille, Mar ek dêr gyng 't nocht al ou; Man en heit - det like better, En ik wier it ek al gau. Mar do kamen earst de soargen, En ik winske; ‘Wier 'k mar âld! Yn myn bern scil 'k lokkich wirde, As 't hjar goed giet yn de wrâld.’ [pagina 204] [p. 204] D' âlderdom kaem mei gebreken; Naem wer nije soargen mei; 't Lok, det 'k tocht hie, nou to finen, Krige ik net; yet bleau it wei. Winskjend fleach myn libben hinne, Winskjend bin ik nou oan d' ein; Winskjend sjean 'k de dea tomjitte, Hwent dy is my nou ta sein'.’ - Dit sei my in âlde grize, Do 't er op syn stearbêd lei; Súntsjes kaem de dea en wonk him... Winskjend teach det libben wei. Vorige Volgende