It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 198] [p. 198] Hwet moatte ús jonges wirde? fen P.J. Troelstra. It sinneljocht det trillet Oer blêd en blom en krûd; Foar 't iepne finster boartsje Twa bern sa wyld en Iûd. Dêr wraxelje twa jonges Fen âlwe en trettsien jier; Hja rôlje oer gêrs en blommen, En krije enoar by 't hier. By 't finster stean hjar âlden, En laeitsje yn sill'ge nocht. 't Is alles fleur en libben, 't Is alles simmerljocht! ‘Hwet moatte ús jonges wirde?’ Sa freget mem oan heit; [pagina 199] [p. 199] Hja wiist nei 't rimp'ne foltsen, En glimket wylst hja 't seit. ‘Us Jan moast master wirde. Hy hat in kop, dy Jan! It fljucht 'er yn as wetter; Sels master ropt er fen. ‘Den is er gjin gelearder Yn 't hiele doarp as hy! Ja, master moat er wirde, As 't ús hwet barre mei.’ ‘Gjin master scil er wirde,’ Seit heit; ‘hja wirde boer. Ik hab in aerdich spiltsje, Det nimt Jan letter oer. ‘Hwet scill' de bisten glimme, Dêr 't hy syn hân oer het! Ja, 'k hoopje, det de jonge Syn sin op 't boerkjen set.’ De jonges linke om neat mear Yn al hjar dertne noft - Fen 't swart súdwesten neijert In tsjokke tongerloft. [pagina 200] [p. 200] ‘Nou is 't ek sa,’ seit mem wer, ‘Sa'n skoalle is alles net. Den moat er altiid sitte, Fen moarnsier ont jounslet. Mar boer!... 't scoe sonde wêse Fen sokken snoade kop. Set Hindrik yn ús spiltsje, Mar Jan moat heger op.’ ‘Ei wiif, ho kinst it sizze? Ho komst' sa mâl der by! 'k Bin sels in boer, myn bern scil' Ek by de boerkery!’ Sa praetten dêr dy âlden. 't Waerd hommels stil om 't hûs; Den rôllen greate wolken; Do reinde it by de rûs. Mem sei: ‘Hwêr binne ús jonges? 't Wirdt my sa near om 't hert! Hja wiern' hjir niis oan 't boartsjen; Mar nou - ik sjoch se net.’ It wearljochte, en de tonger Dy bold're lûd en fel. Do gyng de man it hûs út. De rein foel eazjend del. [pagina 201] [p. 201] Dêr briek in striel fen fjûr wer Troch 't swarte wolknethek; Hy, kjel en heal forbline, Gyng skril in trêd tobek. Dêr hearde'r ûnder 't tong'rjen. In rop fen 't djipste wea. Hy riidboske, en in kjeltme Gyng hommels oer syn lea. Hy rôp, mar neat gjin andert. Do kaem syn wiif him nei; Hja gyngen yn de leane; Dêr kaem det roppen wei. Hja strofflen oer de tûken, Dy 't foar hjar toetten lein'. ‘O Heare, yn 't hege beamte Is grif de tonger slein!’ En do 't hja neijer kamen, - Ho skodden hjar de lea! - Dêr founen hja de berntsjes... Hjar berntjes wierne dea. Hja wierne út 't boartsjen weiskûrd, Nou leinen hja sa stil; Wyld rattle yet de tonger, De stoarmwyn gûlde skril; [pagina 202] [p. 202] En wylst de tonger rattle, De stoarm syn deasang song, Wylst leinen dêr dy berntsjes, Yn 'e dea sa moai, sa jong! Mar mei syn skrille deasang Bringt nou de bolderwyn De kleitean fen dy âlden De swarte himel yn. It wiif falt op de groun del, Mei 'n skreau, de wyn to skril. De man wirdt wyt, bidwelme, En stiet sêft kreunjend stil. Den sjocht er nei de himel, Den op syn berntjes del; Gjin wirden kin er fine: De smerte is al to fel. Mar einling seit er triljend En snikkert tagelyk: ‘Hwet moatte ús jonges wirde?... Myn God, myn God, in lyk!’ Sa fljucht de hope hinne; Sa tel binn' dreamen wei! Hja bloije yn 't ljocht der sinne; Ien ûnwaer nimt se mei! Vorige Volgende