It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 195] [p. 195] Triennen. fen G.L.v.d. Zwaag. Hwennear in minske alhiel oerstjûr En oandien is fen binnen, Den rinne jamk syn eagen oer, En steane fol fen triennen; Mar hwet him op det stuit nou let; En d'oarsaek fen syn triennen, Det 's altiid lang it selde net: Me sjocht s' yn soarten rinnen. It bern, det pas mar yn de wrâld Op memme skirte spertelt, Of letter, inkle jierren âld, As 'n joelich foaltsje dertelt, Stiet by de minste tsjinspoed klear Mei skriemen to bigjinnen; Dy triennen dogge it hert net sear; It binne bernetriennen. Mar as det bern op it bedsje leit En kleit en skriemt fen pinen; [pagina 196] [p. 196] As doktersdrank en kindichheid Gjin útwei witt' to finen, As den de sein'man kâld en wreed Det libben driicht t' oerwinnen, Den skriemt de mem fen herteleed Rjue suv're memmetriennen. Mar leit in âlde izegrim, Dy skat op skat forgearre, Yn siekme, en het er 't wakkre slim, En kin er daelk wol stearre, Den sjocht me jamk in neef of nicht, Mei 'n fleurich sin fen binnen, Mar tsjokke triennen op 't gesicht; 't Binn' krokodilletriennen. In wyfke, dy 't it ien of 't oar Hjar man tinkt ôf to twingen, En 't blykt, det hy it weagje doar, To striden tsjin dy dingen, Dy skimerje ek al d' eachjes gau Fen triljende edelstiennen; Neat bringt in man mear yn it nou As al dy frouljuestriennen. Sa mannich famke, dy 't de wet Yn 't houlik scil forbine, Kinn' as hjar hân de namme set, As stjerren d' eagen skine. [pagina 197] [p. 197] Den komt de earnst fen dit forboun Hjar helder foar de sinnen; Hjar triennen habbe 't lok ta groun; It binne lieafdetriennen. In oare faem, dy falsk en kwea Nocht fynt yn rabberye, Ropt faken út: ‘Dy feint, och hea, Mei 'k út nôch yn net lije!’ Mar tinkt dêrby: ‘Och kaem er mar! Den wier er net sa'n minnen.’ Det hy net wol, det kostet hjar Forskate slangetriennen. Ek binn' der dames, tear en fyn, En swak fen simmeltriedden, Dy tsjogge by in dead kenyn Oan 't kleijen en oan 't bidden. Hja falle dalik oer de wjuk En wirde wyt as linnen; Hja snikje freeslik, en - o skrik! - Den reint it modetriennen. Ja, as in minske alhiel oerstjûr En oandien is fen binnen, Den rinne 'm faken d' eagen oer, En steane fol fen triennen. Mar hwet him op det stuit nou let, En d' oarsaek fen dy triennen, Det 's altiid lang it selde net: Me sjocht s' yn soarten rinnen. Vorige Volgende