It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende O Lokkich! O lokkich hy, dy 't oan in lieawjend herte Wer rêst fynt fen syn libbens swiere striid; Dy 't dêr forjit al, hwet sa djip him smerte; Dy 't dêr forjitte kin de wrâld fol haet en niid. Yn lieafste's eagen lêst hy súvre minne; Hjar amme jit him wer in krêftich libben yn. Hwêr binn' de soargen nou, dy 't him úntmoed'gje kinne; Mei hjar, sa stiet er fêst yn libben's stoarremwyn. Lit my den net to gau de lieafde fen my wize, Det my myn jonkheid ek myn maitiid bliuwe mei. Hwent gau genôch komt wol de hearst, dy kâlde grize, En skûrt de bledden ou, en struit dy oer de wei. Onno. Vorige Volgende