| |
| |
| |
De Dream fen de Spylman.
fen
S.S. Koldyk.
Nôch moat d' earme spylman rinne,
En hy is sa wirch, sa kâld;
Hwêr mat nou de stimper hinne,
Sûnder thûs, hy, al sa âld?
Mei it frieze, mei it snije,
Hwêr scil hy in plakje krije,
Dêr 't hy fredich rêste kin?
't Is sa kâld, syn foetten prykje;
Doch, hwer moat er waermte siikje ? -
Nearne is in hûs to sjean.
En de joun bigjint to kommen,
En de stimper kin net mear;
Al syn krêft is him ûntnommen,
Al syn lidden dogge 'm sear.
Hwa scil him in plakje sizze
Om syn holle dol to lizzen?
Kâlde jachtsnie fljucht yn 't roun.
Hwet hy docht, dy earme âlde,
| |
| |
Hy kin 't net op foetten hâlde;
Krêftleas fâlt er op 'e groun.
En hwet leit er goed yn ienen
Krekt ef 't fearren keassens wierne,
Dêr 't er him op dollein hie;
En it wite snieflok-lekken
Is him as in wollen tekken,
Dêr 't er warem ûnder leit.
Mei it nou yet hirder frieze,
't Let him net mear; d' alde grize
Sonk yn sêfte slomme wei.
En hy tocht oan earder tiden;
Alles kaem him foar de geast:
Folle soarch, mar ek forbliden,
En hy dreamde, 't wier in feest.
En syn spyljen klonk de pearen
Sa forloklik yn hjar earen,
Det hja moasten fen 'e groun.
En hja hipten en hja sprongen,
En hja laken en hja songein
Det it dawere yn it roun.
Mar do waerd it stil yn ienen,
En fordwoun wier alle ljocht;
Hwêr ef nou de dounsers wierne,
Hwêr dy sjongers, sa fol nocht?
| |
| |
Mar ef al syn eagen sochten,
Hwêr de gasten wêze mochten,
't Wier yn ienen stil en dea;
En hy heart de hearstwyn razen,
Troch it hege beamte blazen.
't Giet him húvrich oer de lea.
Oare dingen sjocht er kommen:
't Is nou oarloch, hjitte striid.
Under 't roffeljen fen trommen
Sjocht er syn soldatetiid.
Do wier hy in baes trompetter,
En gjin ien dy blaesde better,
As er foar syn folkje stie.
Ungefoelich for de smerte,
Blaesde 'r elk wer moed yn 't herte,
En hy sjocht de ruters fleanen,
Sjocht de dea de striders meanen,
As de sichters 't ripe koarn.
Sjocht er ho 't s' yn oantal winne,
Mar den wirdt er hjar wer bjuster,
Wylst fen fierren hy yn 't tsjuster
Hjar fiktorie roppen heart.
| |
| |
En op nij forriist de sinne,
En wer sjocht hjar strieljend each
Bloedread oer it slachfjild hinne
Op hjar, dy 't mei brekkende eagen
Hoopjend vet nei help útseagen,
Oan 't de dea s' ûntsloech fen lêst.
En dy 't jister fy'nen wierne
En elkoar nei 't libben stienen,
Lizz' dêr nou yn iw'ge rêst.
Mar - wer foart binn' alle deaden;
't Is al wer in oar gesicht:
Hy sjocht nou de berntsjes learen
Yn 'e skoalle. 'n Ald gedicht,
'n Berneliet klinkt, him yn d' earen,
En 't werklinkt wer tûzen kearen
Yn syn binnenst, yn syn hert.
O, die goudne bernetiden,
Fol fen wille, ten forbliden,
Frij fen soarch en djippe smert!
Mar - hwet wize is det yn ienen?
'n Widzeliet gounst him yn 't ear,
Krekt as det it ingels dienen.
't Klinkt sa sêft, sa ynlik tear.
Siikjend slacht er 't each nei boppen,
En der heart er oan him roppen,
Mei sa'n golle, lieawe stem;
't Bounzet wyld him yn 'e holle
| |
| |
En hy scoe hast skrieme wolle;
Ja, nou wyt er 't: 't is syn mem!
O, dy mem, nea to forjitten,
Ja, hy sjocht hjar nou sa klear.
Op hjar skirte hat er sitten,
Lang forlyn - wol tûzen kear.
Twisken goeden, twisken kweaden,
Op it tsjerkhôf by de deaden,
Och, dêr brocht er hjar for 't lêst.
By syn heit en by syn sister
Sliept se dêr, yn 't swarte tsjuster,
En hy sjocht hjar foar syn eagen,
Krekt sa 't s' yn syn jonkheid wie,
Goed en gol; syn blikken fleagen
Hjar tomjitte, dêr 't hja stie.
En hjar wirden, nea forgetten,
Dy 't him altyd 't goede redten,
O, dêr tinkt hy nou wer om,
En hy mient, hy heart fen boppen
Nou syn mem wer oan him roppen:
‘Kom, myn soan, myn jonge, kom!’
En syn bloed stiet stil yn d' ieren,
't Wirdt him nou sa wûnder licht.
Sjoch, syn mem winkt him fen fieren,
Mei in laits op 't gol gesicht.
| |
| |
Sjoch, hja winkt him om to kommen.
Hja, sa ier him al ûntnommen,
Hwêrom gong er hjar net nei?
En syn siel' fljucht hjar tomjitte,
O, hja scil him wolkom hjitte;
D' oare moarns, do founen mannen
Kâld en dea him yn 'e snie,
Wylst er yet syn beide hânnen
As in biddende yn 'n noar hie;
Weitein wier er út syn lijen,
Om in iiw'ge rêst to krijen;
D' eagen wiern' for altyd ticht.
Sêftkes út it libhen skieden,
Lei er nou, nei soarch en striden,
Mei in g]imke op 't bleek gesicht.
|
|