It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 186] [p. 186] Ploeijen. fen O.H. Sytstra. Det ploeit hjir sahwet yn de wrâld, En elts hat, nei 't min heart, Altiid in tige swiere groun, Dy 't hy biploeije moat. Ja, hear by elk en ien mar roun, En siikje hein en fier: Eltsien, by hwa 't me komme mei, Moat ploeije like swier. Jan Lapkeman dy toarket faek Yn rein en ûnwaer om; Mar altiid krimmenearret hy: ‘'k Fortsjinje net in krom. Fij, sa'n geswalk troch waer en wyn; Fortsjinje kin 'k gjin sier! Ik wit net, hwet ik lieawer die. 't Is ploeijen, det 's mar wier!’ [pagina 187] [p. 187] Jan Fedzes stiet for Rimmertboer To slatten yn de sleat. It wirk is slop, en dêrom ek Fortsjinnet hy hast neat. ‘Hê,’ stint er, ‘nou, sok bodsjen, man, En det for 'n lyts deihier! As 'k oars hwet hie, den die 'k it net. 't Is ploeijen, det 's mar wier!’ Piere Auk hjar man is timmerfeint: Ier troud, mei 'n hûsfol hem. Dy sit de snjeuntojoune let It wyklean nei to sjean: ‘Dêr moat nou wol in goune hast Nôch on for ús húshier, En om den roun to kommen... nou 't Is ploeijen, sikerwier!’ Klaes Pennega, dy 't jierren lang Al ûndermaster is, Docht alle jierren wer op nij Examens - iwich mis. Hy komt altiid mei 'n greate koer Wer thús, en suchtet swier, As hy op nij oan 't blokken giet: ‘'t Is ploeijen, det is wier!’ Baes Bakker krijt hast nea nin rêst En hast nin sliep genôch; [pagina 188] [p. 188] Skript foar de gleaune owen om, Of foar de bakkerstrôch: ‘Sok skrippen, man, faek nachten troch, Of jouns let en moarns ier, En den nin sliep genôch... nou 't is Wol ploeijen, sikerwier. Frou Stamsma kin net sûnder faem, Mar krijt gjin ien nei 't sin; De iene is smoarch, en d' oare lycht En slynt hwet hja mar kin. In oaren wer is to brutael - Sa hat hja tsien yn 't jier. ‘Fij, sucht hja, hwa 't sa boaden hat, Moat ploeije, det 's mar wier! Sa ploeit det hjir al oan al wei; Mar elts foar oar mient wis, Det hy it swierst to ploeijen hat, Syn fjild it dreechste is. Nou, 'k winskje aiiegearr' jimm' ta: In guds net al to licht; In plakje groun net al to swier, Net al to taei en ticht. Vorige Volgende