It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Foarjier. Sjochste, ho 't de fiskjes scjitte Troch it wetter fen de mar? Sjochste, ho 't de doukes sitte, Hja netst him, en hy neist hjar? Hearste, ho 't de fûgels floitsje, Lokjend, lieawjend, yn it wâld? Hearst', ho 't lieafdesangen rûze Troch de blide, jonge wrâld? Sjochste 't, hearste 't? - Faem, fornim den, Hwet ik net mear swije kin, Det for my gjin blommen bloije, As ik dy net knje kin. Pieter Jelles. Vorige Volgende