It jonge Fryslân
(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers
[pagina 145]
| |
[pagina 146]
| |
De haet twisken Douwe fen Harns en Sicko Gratinga, dêr Winsemius fen skriuwt yn it fyfte Boek fen syn Kroniken, hab ik brûkt as êftergroun tor dit forhael, det, útseid dy âlde fete, net skiedkindich is. Douwe stins lei op Dyksherne, det lyk as Westerbjirrum, hwêr it net fier ôf lei. yn 1237 fen de sé oerstreamd is. Douwe fen Harns hie in iwich skeel mei Edo Edes Gerbranda en Sicko Douwes Gratinga, det einlik syn groun foun yn Douwe greatskens en syn lytsachtinge fen de oare edelljue, mar det útboarst is yn 1130 troch it tsieren oer in reed, dy Gratinga, naem troch Donwe syn mieden en greiden hinne. Dit roun sa fier, det Douwe op in kear Gratinga soan, dy 't him mei in weide hea foarby kaein, mei 't swird trochstiek, hwet Sieko sa ta 't uterste brocht, det er, mei help fen frjeunen en migen, Douwe mei wiif en bern yn syn ein stins formoarde, en dy stins delsmiten het, det er nin tael of teiken mear oerbliuwe scoe fen det forflokte slachte. De Fryske skiednisse is ryk oan foarbylden fen dit slach. De frijdomsmin en ûnforsettelikens fen de foarfaer gyng mar al to faek oer yn hearsksucht en stiifkoppigens, en dêrfendinne faek det iwige skeel oer dingen, dy 't neat om de hakken hiene, mar hwêrby it 'er einlik om to dwaen wie, hwa ef de baes bliuwe scoe. Dit het de dea wêst for de Friezne frijdom, en it âlde sizzen ‘De skiere piel bringt Fryslân yn de wiel’ is mar al to goed neikomd. | |
[pagina 147]
| |
Gebbrich.Allyk in Noarman stoer en grym
Sjocht, yn de skimerjoun,
De sterke stins fen Gratinga
It griene fjild yn 't roun.
De poarte kreaket; gudzen spring'
It brede foarplein út;
Hja draye trije edelljue
Ta 't âlde stamhûs út.
't Is 't eale team fen Gratinga,
It âlde frije bloed;
Mei Fryske stiwens, Fryske krêft
En Fryske heltemoed.
Op 't hiem stiet Sicko Gratinga,
En sjocht syn neven nei,
En jowt hjar mei syn iizren lûd
De gleaune wirden mei:
‘Ja, wei mei Douwe op 't Hûs to Harns!
De bloedhaet bliuwt ús by.’
Hja kear' hjar op de gudzen om,
En ropp': ‘Det swarre wy!’
Yn 't greate seal fen d' âlde stins
Stiet Gerbrich, Sicko bern,
Troch 't lyts binypte finsterrút
Hjar migen nei to sjean.
| |
[pagina 148]
| |
De sinne, dy 't omlegens giet,
Skynt troch it finsterrút,
En teikent op it sket hjar skaed
Mei swarte ferwen út.
Al blinkt hjar troanje yn sinneskyn,
Mei wangen, roun en rea;
Swiersettich dikert d' edelfaem
Oer Westerbjirrums gea.
Dêr wirdt, krekt êfter 't Hûs to Harns,
De sinne allinken wei,
En lit it yn in gleaune sé
Fen bloed en lôge nei.
Mei driuwt it each fen d' edelfaem
Yn triennen, klear en hjit:
O God, hwêr Teaco, Douwe soan,
Hjar lieafde en hope, sit?
Mei 'n iizren stap komt Sicko nou,
En tel, de treppen op;
Hja giet forheard by 't finster wei;
Sjocht sûnder triennen op.
En komt hjar heit de keamer yn,
En set him swijend del,
Den bringt hja tsjilk en krûk to plak;
Mar 't herte slacht hjar fel.
| |
[pagina 149]
| |
Striid en Frede.'t Is nacht. Mids oan de sonder barnt
In spûkige oaljelamp',
En Gratinga tinkt wapens út
For d' izerhirde kamp.
‘Ja Donwe’, bromt er, ‘naemste my
Myn hertebloed, myn soan;
En hest myn hiele libbenslok
Yn iwichheid bidoarn;
Naemstou myn laech de kroane ou,
Myn libben 't ienichst wyt -
Ta straf sa rekkest mei dyn skaei
Bistean en namme kwyt.
Fordylgje scil dy Gratinga
Fen Fryslans frije groun.
Tel hestou troch myn help en my
In ein yn skande foun!’ -
Sa praet er; 't Ijochtgriis each scjit fjûr;
Syn antlit stiet yn gloed;
In djippe groede op 't iene wang
Wirdt hjit, en read as bloed.
It giele skynsel fen it Ijocht
Falt oer syn griizjend hier. -
Der kreake hwet - hy skrilt: it sticht;
De doar kaem op in kier.
| |
[pagina 150]
| |
Hy docht him wer mei foarsje ta:
‘Dêrêfter loert de nacht,
En yn de fâlden fen hjar klean
Forstekt de Hel syn macht!
En as er letter flokkend ropt:
Ik bin it wachtsjen sêd!’
Den wirdt er eang fen 't egen lûd,
En strampelt skril nei bêd. -
It lieaflik bern fen Gratinga
Socht jouns de wrine ek op;
Mar sliepen wol net; 't herte slacht
Hjar fel, mei klop op klop.
En as hja tinkt, hwêr det hjar heit
Nou mei syn help op sint;
Ho 't spûk der wrake yn wylde feart
Op 't Hûs to Harns oanrint;
Heal dreamend bloed en lôge sjocht,
En kermjen, gûlen heart;
Al sjocht, ho Teaco mei syn folk,
Syn hiele slachte, steart. -
Den dûkt hja yn de keassens wei,
En krimpt fen flymjend leed,
En snikkert wyld en stint en kleit:
‘O God, hwet binn' Jy wreed!’ -
| |
[pagina 151]
| |
It flugge hert, fen honnetosk
Tobiten en toskûrd,
Det opspringt - delfâlt - fierder rint -
En dôchs wer fongen wirdt;
En 't goarrich reau al kommen sjocht,
En dôchs net fierder kin;
Hjar wite tosken grimen sjocht;
Hjar azem fiele kin. -
Det eale djier, sa fyn, sa kein,
Nou driuwend yn syn bloed,
Det fierder wol - net fierder kin,
En dwyit fen eangstme en noed...
Mear as it bern fen Gratinga,
Mear lije kin it net;
Yn swierder striid, yn djipper smert
En deadseangstme is it net.
O sjoch hjar der, dy blanke blom,
Op 't ikenhouten bêd,
Hwêr 't moantsje silverskyn oer jit,
In Ijocht, sa klear, sa glêd!
O sjoch hjar dêr, in hearlik byld
Fen jonkheids swiidsste pracht;
Mar wei yn smerte, yn triennen wei,
Omwoelend yn de nacht.
| |
[pagina 152]
| |
O sjoch hjar der, de mûtele earm
Om 't wite keassen slein;
De holle yn 't gouden hier fortiisd,
Mei silverljocht oertein.
O sjoch! en hear dy snik op snik
Ienteanich yn de nacht,
Lyk as oan sé, hwêr baer op baer
Aloan tsjin d' iggen slacht. -
Sa bûgt yn stoarm en boijen rein
De roas it kopke del;
En brekt, forwirdt, fortrape yn 't slyk,
Wirdt hjar de stoarm to fel....
Mar as de faem it each
Tafallich iepen docht,
Den blierket hjar it moantsje ta,
En sjocht hjar oan en winkt hjar ta,
En digert sa, en glimket sa,
As lake hjar, mei himelsk Ijocht,
Marye selme ta.
Stille frede, golle lieafde
Dauwet út de himel wei;
Hwa mei 't each nei boppen libbet,
Him is iwich treaste nei.
En de moanne mei de stjerren,
| |
[pagina 153]
| |
Fonken fen it iwich Ijocht -
Hwa hjar treaste yn leed bijearren,
Ha hja altiid frede brocht.
Ef de grize Zoroaster
Dêr syn Ormuzd gloarjen seach;
Blonk de Joad der syn Jehovah,
't Iwich great biwald yn 't each;
Sjocht de Kersten yn dy himel
D' iiwge lieafde fen in Heit -
Alle minsken fyn dêr boppe
Lieafde en treast en sillichheid! -
Oan 't finster knielet d' edelfaem,
En digert nei omheech;
Hwet is it moai, det kleare swirk!
En hwet is d' ierde leech!
Mei tûzen stimmen roppe hja,
Dy stjerren oan de loft,
Hjar siele nei de himel op,
En jowe frede en noft.
Hja sucht' wol swier, mar glimket blier:
Sjocht mem fen boppen dol?
Och earm', hja is sa lang al wei!
Hja wier sa sêft, sa gol!
Heech yn de himel, einleas heech,
| |
[pagina 154]
| |
By God yn 't himelryk,
Is mem dêr net, yn silligens
Oan Jezus' mem allyk?
Marye, djipbisochte frou,
Hwa hie sa'n leed as Jou?
Hwet wiif, hwet faem, hwet lieawjend hert
Moast lije lyk as Jou?
Mater dolorosa!
Dou fordroechste tûzen pinen;
Alle smerten wierne dinen;
Mar dyn stele bûgde net.
Jezus, 't lieafste detste hieste,
Dy forlearste,
O, hwet flymjend djippe smert!
O Marye
Sjoch myn Iijen,
Hear my kleijen
Foar Dyn troan.
Sjoch myn lieafde, klear as wetter;
Lieawje kin gjin skepsel better;
Hwent sa lieaf het God de minsken,
Dou, Mary, Dyn soan!
't Blomke keart him nel de sinne,
Mar myn hert nei him;
't Sintsje spegelt yn de dauwe;
Sa myn hert yn him.
| |
[pagina 155]
| |
Alles, hwet Dyn soan my learde:
Lieafde en trou en selsforjitten,
Alles, alles woe 'k folbringe;
Mar om him, om him!
Mater dolorosa!
Ho wierstou to moed,
Do 't Dyn soan, Dyn ien en alles,
Weikromp yn syn bloed?
Do 't de krêften Him bijoechen,
Do 't min Him trochstiek...
Mater dolorosa, wier 't net,
Ef dy 't herte briek?
O Marye, sjoch myn lijen!
Alles wol ik dwaen!
'k Wol myn goed, my sels, myn alles
Oan de Heare jaen.
Tûzen deaden wol ik stearre,
Alles wol 'k bistean,
Mei mar 't ûnk syn holle oerdriuwe,
En wer fierder gean....
Wol God, myn heite hert bisêftigje!
Wol mei Jou lieafde him bijeftigje!
God, brek det hege moed!
Mar 'k ha sa'n noed!
'k Seach fjnr en bloed;
It kriichsswird seach ik blinken.
| |
[pagina 156]
| |
Syn folk waerd wei;
Hy gyng hjar nei -
'k Seach him yn lôge sinken.
Mater dolorosa!
Sjoch myn leed, sa djip en near.
Goede blanke stele;
Wês myn foarspraek by de Hear!
Dy súvre bea kleau op nei 't swirk,
It offer fen in herte;
Hja fierde in stele wjukk'ljend op
Ut d' ôfgroun fen de smerte.
En strak - lyk as in wite swan
By jountiid op de mar,
Sliept fredich Sicko lieaflik bern;
De himel sjocht nei hjar.
| |
Teaco.De moarn komt op oer 't Hûs to Harns
En oer Dyksherne's gea;
Ut dampen kliuwt de sinne op,
Dy fyan fen de dea.
Hjar Ijocht falt yn de hege stins
For Douwe in ingel lyk;
It jaget al syn dreamen foart
Nei 't swarte deadenryk.
| |
[pagina 157]
| |
Hy liket ek in skynsel hast,
Det oerblean fen de nacht,
Sa bleek, forwyldre en ûngedien
Fynt him it sinneljocht.
Hy klaeit him oan en sit den del,
En mimert lang oanien;
En seit, djip suchtsjend, yn him selm':
O God, hwet hab ik dien!’
De treppen kreakje, en Teaco komt
Syn heite keamer yn.
‘Moarn,’ wol er sizze; mar hy hâldt
Forheard syn wirden yn.
Hy scil wer foart; mar Douwe wiist
Mei 't each in sit him oan;
Hy stoarret suchtsjend nei dy feint,
Sa frisk as d' iere moarn.
Nou wirdt ek Teaco's iepen each
Mei 'n swarte wolk oertein;
Troch heite woeste died naem ek
Syn moaiste dream in ein.
Ho faken mette 'r Sicko bern!
Hja wiern' elkoarren goed;
Mar for hjar lieafde wier de haet
Fen d' âlders kant to tsjoed.
| |
[pagina 158]
| |
Dy skoattle hjar de muien ticht;
Mar dúdlik spriek it each,
In tael, dy teller as de tins
Fen d'ien nei d' oare fleach.
Sa foll'ste súvrer wie de min,
Dy 't yn hjar herten lei;
Klear, as de dan yn 't blommehert
By d' opkomst fen de dei.
Sa wier hjar boask, hwet mmnien wist,
It dreambyld fen hjar hert;
Sa hiene hja, elts fbr him selm',
Elkoarren troue sward.
Mar alle dreamen wierne reek.
Fordwoun wier alle Ijocht,
Do Douwe Sicko stege soan
Forwoed om 't libben brocht.
Sint skaette in ôfgroun, djip en swart,
Dy herten fen enoar;
Dôchs woe hja nimmen habbe as him,
En hy gjin ien as hjar. -
Det alles gyng yn Teaco om.
O, Douwe wist it net
Ho 't hy de dei foroare hie
Yn nacht, yn Teaco's hert!
| |
[pagina 159]
| |
Hy mymre aloan, mar sei op 't lêst:
Der hinget oer ús laech
In swarte wolk fol wé en ûnk;
Ien útkomst sjoch ik skraech.
Yn swiere dreamen lei 'k tonacht:
'k Seach Sicko Grratinga
Dy lôge en bloed brocht oer ús Hûs;
Hy moarde 'r wyld op ta.
Ik seach my selm', mei wiif en bern,
Fen grime dead omjown;
En ho 't ik, ûnder Sicko hân,
De dead yn 't fjuchtsjen foun.
Ek seach ik dy; de moardners heap
Socht goarrich ek dyn dea;
In gjalp fen bloed bismodze dy.
Bidobbe dy de lea.
En op de gruzels fen ús hûs,
Ut walm en reek en bloed,
Kaem op: in ingel mei in swird,
En rôp mei tongerlûd:
‘Toplettre is 't leffe moardners laech!
De lêste leat is wei!
Hjar namme is wei; det 's bloed om bloed;
Gjin minske folg' hjar nei!’
| |
[pagina 160]
| |
Hy swijde, en 't sintsje wie sa ljocht!
It fûgelt floite blier;
En bûten om dit faeije hûs
Wier alles fleur en tier.
‘Nou wol ik net,’ sa farde 'r foart,
‘Dêt 't âlde slachte steart,
En 'k hab op dy for ús bihâld
Non al myn hope set.
Gjin kriger bistou; hwent dyn hert
Is wûnder sêft en myld;
Dou hest in mier oan alle skeel:
De kriich is dy to wyld.
In sjonger bistou: great en sterk
Yn sangen bistou wol;
In learde bistou: skerp en tuk
Yn tinzen bistou wol.
As oaren goaiden mei de bal,
Of roaiden mei it swird,
Hong'stou as jonge meast oer 't boek;
Sa waerdst in man fen 't wird.
Al bliuwstou hjir, ont det ús hûs
Fen hjar bisprongen wirdt,
Sa bistou yn dy felle striid
Ta neat dyn slachte nut.
| |
[pagina 161]
| |
Wy binn' de lêsten fen ús laech;
Us namme steart mei ús.
Astou net fluchtest, fâlt mei 't Hûs
Us namme ek wei yn grús.
Né, gean om utens; fâl ik den,
Den libje 'k yet yn dy.
Set dou troch kinde en wytnis, glâns
Oan d' âlde namme by.’
‘Det net,’ sei Teaco, nimmer net!
As 't moat, gryp ik nei 't swird.
For d'eare is my gjin striid to stoer,
Fâlt my gjin wirk to hird.
‘Ho! scoe ik glûpe fen myn erf?
Né, dûbeld skande oer my,
As ik myn âlders groun forliet!
Heit, ik bin Fries en fry!
Al is de striid myn libben net,
Dôchs is myn hân net slop!
Ik nim mei njue it swierste swird
For eare en frydom op.
En bûge wy de hirde kop,
Heal ôfbeund, for hjar macht;
En leit de dead oer jou en my
Syn iwich tsjustre nacht;
| |
[pagina 162]
| |
Den fynt m' it swird vet yn ús hân,
Den priisget elts ús moed;
En 't fierste neiteam rommet yet
Us krigel heltebloed.
Sa binn' w' oan d' âffaers drege sin
For eare en frydom trou!
Heit, hwet er barre mei, ik bliuw.
By God, det swar ik jou!’
Do seach de heit syn soan yn 't each,
En helle 'm nei him ta;
En oer dy beiden foel it ljocht
Der sinne, en glânsge sa.
| |
De Pylgrim.Yn skimerjoun sit Gratinga
Mei Gerbrich yn it seal;
De lêste reade sinnestriel
Forljochtet hjar mar heal.
In tsjinstfeint komt de keamer yn:
‘Der is in pylgrim foar,
Dy freget om in ûnderdak;
Hy wachtet by de doar.’
‘Hy komme harren,’ is 't biskie,
En Gerbrich set in sit,
Hwêrop in pylgrim, âld en griis,
As wirch, hun fâlle lit.
| |
[pagina 163]
| |
Hja bringt him flesk en skinkt him wyn;
Mar 't measte lit er stean.
Hja fielt, as s' yn syn eagen sjocht,
In kjeltme oer hjar gean.
Al ringen het er 't iten dien,
En tanket for it miel.
‘Ik krige,’ seit er, ‘fen jou ginst
Moai ryklik jouns myn diel.
Ik woe wol graech, as 't barre mei,
Jou dêr jou lean for jaen.
Goud hab ik net, ek oars gjin goed;
Mar sjonge, det kin 'k dwaen.
As 'k jimme dos in deugd dwaen kin
Mei 'n sang, det doch ik jern';
In Noardske balke hinget dêr?
Hawar, wy kinne 's sjean.’
Hear Sicko weitst út dreamen op:
Ei ja, det mei 'k wol ha.
In lietke, fromme broeder; sjong
Der mar fol fleur op ta.
Nou kriget Gerbrich 't instrumint
En jowt it Teaco oer;
Wyld taest er yn de snaren om;
Heal doelleas, mar fol fjûr.
| |
[pagina 164]
| |
‘In fleurich sankje?’ seit er den,
O hear, det kin ik net.
My is de sang de tael fen 't hert;
Net fleurich is my 't hert.
‘Né, 'k swij den lieawer, en bidear
Jon fleurich sin mar net.’
‘Helje op jou sang,’ seit Gratinga;
‘En sprek de tael fen 't hert.’
De jonkfrou trillet as in blêd,
En hâldt de siken yn;
De pylgrim sjocht hjar siidlings oan,
En set in sankjen yn.
It is in sljucht, ienfâldich liet,
Det fen it spyltúch rûst.
Mar elts fornimt de sé fen leed
Dy 't yn de toanen brûst.
Hwêr det ik kaem,
Gjin oare faem
Koe sa myn hert bilêze;
Yn fleur en noed,
Yn goed en tsjoed
Mocht ik by dy wol wêze.
Myn wille en smert,
Myn hiele hert
Woe 'k dy wol iepen lizze.
Myn stele en sin,
Al hwet ik bin,
Det woe 'k oan dy wol sizze.
| |
[pagina 165]
| |
Ik leau for fêst,
Myn leed en lêst
Dy scoestou wol wer helpe.
De swierste sucht,
Dy 't hert ûntfljucht,
Kin troue lieafde stjelpe.
As 't moed m' ûntsonk,
Fortiisd yn 't ûnk,
Binypt troch libbens pleagen; -
Ik foun wer ljocht
En libbensnocht
Yn 't blierkjen fen dyn eagen.
Dou seachst my oan,
En 'k fiel it skoan:
Dou mienst it my sa tige.
Al sei 'k it net;
Dou kinst myn hert:
Ik woe wol, det 'k dy krige.
Mar 't kin net ha;
En 't moit my sa;
Wy kinne elkoar net krije.
Dou mast om my,
En ik om dy
De swierste pine lije.
Nou doarmje 'k om,
Forbûke en stom;
Gjin faem kin my bilêze;
Hwent hwêr ik bin -
Myn stele en sin
Wolle iwich by dy wêze! -
| |
[pagina 166]
| |
It liet is dien; de sanger swijt
En set it spyltúch del;
Stil sit it bern fen Gratinga;
Hjar boarst giet op en del.
Mar as s' elkoar yn d' eagen sjean,
Den brûst er troch hjar lea
Ien fieling: Iiwge lieafde en trou
Ont d' ûre feu de dea.
Hy seit jin Sicko, dy 't er ek
It hert oan 't triljen brocht:
Det is in sankje út d'âlde tiid;
Ik ha 't as feint bitocht.
Do ha 'k troch 't woedsjen fen de haet
Myn bêste faem forlern;
Gjin moaijer faem as Teatske, wier
Yn 't hiele gea to sjean.
Blank wier hjar siele, waerm hjar hert,
En kras en fluch hjar hân;
Mar 'k ha dy lieawe faem forlern
Troch heite ûnforstân.
Hy wier in man fen krigel aerd;
Mar hird en rou fen moed;
Syn wachtwird wie: troch 't swird ta rjucht;
Syn kinspreuk: bloed om bloed.
| |
[pagina 167]
| |
Hjar heit hie krekt sa'n aerd as hy;
En altiid hien' hja skeel.
Det makke 't libben hjar ta lêst,
En lijen waerd ús diel.
Hja fjuchten iwich; moard jin moard;
En barnden det 't hwet die.
En woestens folge woestens op;
Neat, hwêr de wraek foar stie.
Myn faem waerd dêr it offer fen;
Hja stoar, dy blanke blom.
O God, wier haet en wraek er net,
Hwet wie de wrâld den rom!
‘Dêr wit ik ek in sankje fen;
Ik leau, it bleau my by.
It sprekt fen lieafde en 't sprekt fen haet;
O, harkje is goed nei my!’
Mei 'n lûd, det opstekt as de stoarm,
Dy giert troch 't wintrich wâld,
Dy mei syn near gebolder sjongt
In deasang for de wrâld;
Sa ropt de pylgrim, as er grypt
Yn 't machtich spyldersark,
En lege toanen rôlje lit:
‘Fen haet scil 'k sjonge; hark!’
| |
[pagina 168]
| |
Grym as 't roafdjier, det omglûpt troch tsjustere wâlden,
Helske lôge yn it each, en de tosken heal bleat;
Wyld de hierren oerein, en de neilen al klear
Om it laem to forskûrren, it douke to knoijen;
As in pod sa feninich, dy omkrûpt oer 't paed,
Is de haet.
Haet is 't bern fen de divel, út lieafde faek berne;
Haet is sister fen 't leed, det yens libbenslok fret;
Haet is maet fen de sonde, fen brân, moard, forgif;
Haet is mem fen de wroechwjirm, dy 't hert yen tofiket.
In wolk fen fordjer walmt er op út de saed
Fen de haet.
Haet is 't swarte fenyn, det de divel yen yndript.
Yn it hert falt ien drip, dy 't him dalik forspraet.
't Waechst aloan, en de siele, dy blank wier en skjin,
Wirdt fen 't gleaune fenyn nou bismodze en trochkankre.
Gjin fjûr, det sa barnt, det sa'n walmen forspraet
As de haet,
Earm, ja earm neam ik dy, al hest skatten en troanen,
Hwaem de haet ta syn slaef het; dyn libben is nacht;
Dyn hert is in tsjerkhôf, hôl, tsjuster en kâld,
Dêr gjin blommen op bloije, gjin fûgels oer floitsje.
Bleeke dea strampelt orn mei de seine, op it paed
Fen de haet.
Hy swijt en sjocht Hear Sicko oan,
Dy stiif to harkjen sit;
Hwaems ljochtgriis each, oars strang en kâld,
Yn freamde lôge stiet.
Syn noasters stean wild út enoar;
Rêd beeft him d' ûnderlip;
| |
[pagina 169]
| |
Hy fielt de pine, djip yn 't hert,
Fen dy feninedrip.
Der giet hwet om yn Gratinga!
Hy sjocht him selme, en - trilt;
Wykt for syn egen byld tobek;
Bitinkt syn lot, en - skrilt.
En hja, det byld fen lieafde en ljocht,
Dy stille, bleeke faem,
Hwaem by dy sang in neare wolk
Fen freze ya 't herte kaem;
Hja hinget oer nei Gratinga,
Hjar antlit by syn wang,
En sjocht him troch hjar triennen oan,
Skril, freegjend, lang en bang.
‘Hwet oars,’ seit Sicko, ‘fromme man!
Dit liet bifâlt my net.
Wy moatte fleurger sangen ha.
Dit krijt yen freamd by 't hert.’
‘It oarde part fen disse sang,’
Seit Teaco, ‘is fol fen tier.
Dit wie de haet, det is de min;
Dy makket gol en blier.’
Do naem er wer it spylwirk op,
En d' eagen fjurken him;
Syn wêzen lei in himel oer;
In ingel spriek út him.
| |
[pagina 170]
| |
Bûg, ierde, for de himel del,
En lit dyn sangen driuwe;
Lit as in ljurk nei 't hege swirk
Dyn hertelofsang kliuwe!
Mei snareklyngklang, harpnelûd,
Lofsjong de lieafde, 't heechste goed!
O, wirch fen 't bodsjen, minskneskaei,
Sjoch op, tsjoch op fen d'ierde;
Lit himeldau oer jimme hert
Syn koele frede spriede.
Forjit, forjit, o wjirm, dyn striid!
Wês, minske, yn God nou einleas bliid!
't Sy jimme treast by goed en noed,
Det, boppe 't swirk, de Heare
Syn ear net for jimm' sletten het,
En 't kwea goed scil biteare.
Det oer jimm' fjuchtsjen, rou en hjit,
Gods lieafdesinne yn gloarglâns stiet.
It swirk is Gods blaustrieljend each,
Werkeatst yn 't kleare wetter;
Sa fâll' Gods lieafde yn 't minskehert,
En meits it ljochter, better.
Sa hinget ek Gods albiwâld
Great, machtich oer de minsknewrâld.
Bisocht troch 't tsjoed, o gryp wer moed!
God scil dyn suchten stjelpe.
Bisocht troch 't kwea, o wird wer goed!
Gods lieafde scil dy helpe!
Ut nacht fen sonde, út jinspoeds sé
Kliuwt laeitsend op Gods goudne fré!
| |
[pagina 171]
| |
Ut Jezus' dwaen op Golgotha
Scille alle minsken leare,
Det lieafde 't wyt fen 't libben is.
‘Forjow,’ sa sprekt de Heare.
Det, hwa 't him sels forsmyt, forjit,
As God yn 't Boek fen 't Libben stiet.
Nêst tûzen jier sonk Jezus wei
Yn 't grêf, mei skande oerditsen;
Nou wirdt oer him as oer in God
Fen millioenen spritsen.
De lieafde for Gods bêste soan
Wiist him in sit yn 't Gods hûs oan.
De lieafde is God! hja makket ryk,
Foldocht de djipste winsken.
Hja makket d' ierde in himel lyk,
Ta ingels sljuchtwei minsken.
Wy siikje rêstleas om nei rêst...
Hab lieaf! dêr einget alle lêst.
Hab lieaf! - 't Wirdt ljocht! Wyk, swarte haet!
Nou moatte d' ûlen skiede.
Wyk nacht, dou mei dyn tsjuster skaed!
De sinne komt oer de ierde.
Tsjilp, tsjotterje op, swel, mosk en ljurk!
Bûg, minske! God stiet selme oan 't swirk.
‘En nou,’ sa sprekt er mei in lûd,
Det trillet, himelblij,
Nou scil ik fierder, eale Hear;
Gods lieafde stean jou by.
| |
[pagina 172]
| |
Ik winskje jou dy frede ta.
't Wêz' yn jou siele dei.
As dêr de haet gjin wenpleats het
Is 't hearlikst lok jou nei.
Het faek in minske jou misdien,
Forgeat er fen jou bloed,
Den winskje ik jou as wrake ta:
Forjild it kwea mei goed.
‘Forjowing jowt allinne rêst
Oan 't hert, det siz ik jou;
En alle wirken fen de haet
Jowe iwich neibirou.’
Mei jowt er Gratinga de hân;
Mar disse sjocht him oan -
En skrilt - en lûkt de kap him óf...
Ja wis, 't is Douwe soan!
Nou wykt de frede yn 't flamjend each,
Det read birint mei bloed;
De hân oan 't swird, sa stiet er dêr;
In lieuw, sprongklear, forwoed.
De faem, dy 't mei in skreau fen skrik
Him yn de earmen fleach,
Dy stompt er mei ien dúst tobek;
Oer Teaco broeit syn each.
| |
[pagina 173]
| |
Mar disse bliuwt dêr rêstich stean;
Stoer as in ikenbeam
Dy sûnder bûgen 't haed opstekt
Yn 't unwaer oan wâld's seam.
't Is stil - hja steane foar elkoar;
Hjar mûlen binne stom.
Skrik, woede en lieafde's fêste moed
Brûze yn dy herten om.
‘Ja, ik bin Teaco, Douwe soan,’
Seit disse, ik song for jou.
Nou witt' jy alles; op nou, op,
Nim wrake, dei my nou!
‘Myn heit het jou in soan ûntnomd,
Nim wrake; dei jy my;
Den binn' jimm' lyk; stiet ta, stiet ta!
Mar lit den d' oaren fry!’
‘Stil,’ lústert Sicko, heas en rou,
Jongfeint, ik dei dy net;
'k Biklei dy en det earme bern.
Foart, foart, my brekt it hert.
Ik - God, hwet wird ik swier bisocht -
Ik kin net mear forjaen.
Foart, wachtsje ús ôf, tel komme wy.
Dêr is neat oan to dwaen.
| |
[pagina 174]
| |
Der is in wet, strang, kâld as stien,
Mar ûnforbidlik wier:
It bern moat lije om d' âlders skild;
O bern, jimme ûnk is swier!
‘Ik hab in eed fen wrake sward;
Dy brek ik nimmer net.
Forlit dit hûs, sa tel as 't kin.
Disse ûre kaem to let.’
‘Heit,’ bidt nou hja mei mylde stim,
En fâlt hjar heit to foet,
Jy witt', jy brekke my it hert;
Forjild it kwea mei goed.
‘Jou egen bern, det neat misdie,
Scoe lije troch jou hân? -
Jy wilt' nou alles; siker, heit,
Jon wrake is ûnforstan!’
‘Stean op,’ seit Sicko, ‘bern, stean op.’ -
Né heit, earst hear my oan.
Wit, al myn libben en myn lok
Det leit yn Douwe soan.
‘Mar’ - en nou komt hja tel oerein -
‘Him bliuw ik iwich trou.
En Teaco dea is ek myn dea.
By God, det wik ik jou.’
| |
[pagina 175]
| |
‘Feint, út myn hûs,’ falt hy nou út,
‘Nou dalik, dalik foart!
Forwachtsje 't ûnk foar jimme stins.
Det is myn lêste wird.’
Mar Teaco ropt yn triennen út:
Faem, iwich farrewol.
Forjit my, dy 't dy nea forjit,
Blank hert, sa trou en gol.
Mar brek dyn skildleas libben net;
Laed op dy sels nin nok.
Farwol, faek bloit er yet for dy
Op ierde in hearlik lok.
‘Licht fâl ik; mar myn lêste sucht.
Myn Gerbrich, is for dy;
As my de lêste sike ûntfljucht,
Den faem, yet seinje ik dy!’
Hôl klinkt syn stap den troch de gong;
Hôl klinkt er yn hjar hert;
Sa beart it, as de hammer slacht,
For 't lêst, op 't swarte fet.
Hja fâlt; swart sjocht hjar Sicko oan;
Ek him is 't moed sa fol;
Mei triennen sjocht dy hirde man
Op Gerbrichs lijen dol.
| |
[pagina 176]
| |
Mar teffens bromt er: ‘Douwe fâlt,
Hwet as der den ek bart;
Hy scil forgean mei wiif en bern.
Det scil! - ik hab it sward.’
| |
De KriichDe moarn wie komd mei blaue loft
En mylde simmersiichjes;
Lyk as in breid mei kante lea
Blonk 't sintsje, klaeid yn moarntiidsrea,
Wylst hja tomûk hjar sels biseach
Yn 't daudripke op de twiichjes.
Oerdei kaem yn it West in bank,
Mei wolkjes, grize en wite;
Near broide 't swirk oer 't waerme gea;
Hjir dodde ien loai yn 'f rûkend hea,
Dêr angle in fisker oan sleatswâl,
Mar 't bearske woe net bite.
Sleau warde it gûd de brimzen ou,
Wyl 't yn de sleur wei kôge;
De gies lein' slûch oan wetters ich;
Ienteanich gounzen brims en mich;
It lânfolk wier sa stil by 't wirk,
En hiel natûre drôge.
Nou 's 't lette joun; it swirk is' swart
Mei donkerreade rannen;
Stil! d' ierde hâldt de siken yn. -
| |
[pagina 177]
| |
Nou rûst it; wylder wirdt de wyn.
In stoarm komt op; it reint; 't is nacht.
It ûnk taest oer de lânnen.
Wês wolkom, stoarmwyn; wolkom, nacht,
Yn Westerbjirrums gea!
Sjoch! Sicko bringt mei man en macht
Oan 't Hûs to Harns de dea.
Op hynzers ride fjouwer man:
Det 's Sicko mei syn folk.
Hjar giet in kliber kriichsljue nei,
Swart as in tongerwolk.
De wein, dy 't oars de boer it hea
Of 't nôt de skûrre yn bringt,
Draecht nou in heap droech hout en strie,
Mei pik en tar en oar gerie,
Hwêr Gratinga, lilts as in lieuw,
Syn fyan mei bispringt.
Hjar sjocht troch 't finster fen de stins
Syn dochter Gerbrich nei;
Mar yn dé stoarm wirdt alle lûd,
't Folk sels yn 't tsjuster wei.
Hwent nearer, tsjokker wirdt de nacht;
De stoere stoarm boast oan;
It ljochtet boppe 't Hûs to Harns...
Nou sjocht se 't kriichsfolk skoan. -
| |
[pagina 178]
| |
Earm fammehert, wol slachste wyld:
Dêr giet hwet yn dy om!
Blau each, dou hest gjin triennen mear;
Moai mûlke, dou bist stom.
Dr kleur is fen de wangen wei,
En oer de roune lea
Rint sims in kjeltme, rimpen, as
Yn d' ûre fen de dea.
Hwet is hja yn disse ûre moai,
Dy echt Fryske edelfaem;
Sa great, sa kein: hwaem nou in nacht
Fen leed de fleur ûntnaem.
As 't bleeke moantsje, yn walken wei,
Mei 't waes der smerte oertein,
Sa sjocht de faem ta 't finster út,
Troch stoarm en nacht en rein.
It jak, det twang it boarst omslút.
Giet hastich op en del;
Dêrûnder brûst in wylde sé;
Dêrûnder stoarmt it fel.
En 't needwaer boast aloan; it West
Spijt fjûrge slangen; wolken
Brekk' jin 'noar: tonger beart; de rein
Ploft del út himels kolken.
| |
[pagina 179]
| |
Yn lôge stiet de wrâld; wyld, freamd
Is 't swirk - den is 't wer nacht.
Hwet seach hja? - Om it Hûs to Harns
Krielt heite legermacht,
Jà, brek nou frij yn snokjen út!
De felle striid bigjint.
Hark, ho 't in kriichsskrean, skril en rou,
Oan stoarm's hân 't gea troch rint.
Hark, ho 't dêr ûnder op de groun,
En boppe yn 't himelrom,
De wylde striid oan 't bearen is;
Ho 't stoarmt en giert rounnom.
't Komt neijer; sjoch, ho 'n slang fen fjûr
Omkrôllet troch it swirk;
De tonger rôll't him efternei,
Nimt oer de stins syn kronkelwei,
Dy droanet; alles skoddet mei.
Gods woede is fel oan 't wirk. -
Earme faem; kjel, heal bidwelme,
Ho, dou stiest dêr yet?
God, det each! 't Sjocht stiif nei 't Westen,
Wyl 't yn freamde lôge stiet.
Lôge leit om 't Hûs to Harns.
Hark! troch tonger, rein en wyn,
| |
[pagina 180]
| |
Klinkt in skreau om help oer 't lân.
't Fjûr spat op as gleaun fenyn.
't Wetter mei fen boppen eaze,
't Fjûr is al to folle mânsk;
En de stoarm waeit wyld de fonken;
Sjoch it Hûs: ho'n skrille glâns!
Dêrboppe krôll't de wearljocht om;
De tonger boldert lûd;
De wrâld, út alle foegen skûrd,
Stiet yn in freamde gloed.
En Gerbrich stiet foar 't finster; docht
It iepen, sjocht oer 't gea; -
Mar lûkt de holle skril tobek;
Sa'n sprong - det wie de dea!
‘De dea?’ - Né, libje! - ‘Mar for hwa?’
For heit! - ‘For heit? de man
Dy 't al hjar lok mei foetten skopt?
Mei heit?’ - Dêr skrilt se fen!
‘O, 't libben is sa rou en wyld,
Sa fol ten haet en striid.
De lieatde fen in man - det 's lok;
Ja, sielnjue jowt it houliksjok;
Mar libje, allinne, sûnder wyt...
Den better, út de tiid.
| |
[pagina 181]
| |
‘Is sliep net 't swiet út libben's tsjilk?
Is hearlik net de rêst?
En dea, det opstean út it leed,
Is dea den net it bêst?
God, sjoch dy fjûrgloed; hark dy skreau!
Yn fjûr stiet ek it swirk.
Hwet 's det? De poarte is iepen? - Nou
Bigjint it moardnerswirk.
Né, nou de dea; mei Teaco dea;
Togearre yn 't himelsk lok. -
Hwet? - Teaco sei: ‘Laed op dy sels
For iwich net in flok!’
‘Né, wyk, o wyk den, grousom spûk,
Det my forliede wol!
'k Scil libje, o God, mar 't fait sa swier;
De dea is myld en gol.’
Nou fljucht it swirk yn wylde feart;
Oer bergen springt it fjûr.
De tonger boldert fen fordjer,
En skoddet d' âlde toer.
It wirdt hjar dêr to bang, to near.
Hja wol, hja moat der út.
Hwêrhinne? - O, nei 't Hûs to Harns!
De lôge slacht er út.’
| |
[pagina 182]
| |
Hja strampelt troch de lege stins,
En komt op 't hiem; de doar
Waeit ticht; de linebeam
Set kreakjend him tsjin 't waer to skoar;
Hja stiet er helpleas foar.
Wyld waeit de wyn hjar yn de klean,
Dy flodderje om hjar lea. -
't Is efkes stil, 't waer jowt him del...
Mar...'t wearljocht... help! - it tongert fel..
De beam spat út'noar - Gerbrich fâlt -
God ! Sicko bern is dea!
Ja, raes nou, bylje, o bolderwyn,
Rûs, reagje yn Fryslân om!
Dea, dea, toplettre is Sicko bern;
Wei is dy moaije blom.
Towyl 't de heit mei grime haet
Dea bringt yn Douwe hûs,
Leit dêr syn bern, de pronk fen 't gea. -
Raes, stoarmwyn, bylje en rûs!
Tiis wyld yn Teaco hierren om,
En jow him koelte en krêft.
It Hûs leit del yn moude, fol
Fen deaden is de grêft.
Hast is de striid ta 'n ein; syn heit
Foel ûnder Sicko swird;
| |
[pagina 183]
| |
De straffe for syn roue died
Wier binlik, rjucht, mar... hird.
En as in reus, sa strydt syn soan.
To, Teaco, moed, hâld stân!
Hja scoen' dy fine, kâld en dea,
Mar 't swird yet yn de hân.
Sjoch, trije man rinne op him yn;
Hjar knyften binne rea;
Hy wykt, de helt; hy stroffelt - fâlt;
En 't roue kriichsfolk raest en balt,
En skattert om syn dea.
Sa sonk de lêste, fen dit laech
Yn bloed en loĝe wei;
Lyk as de sinne, omjown fen mist,
Rêst fynt nei 'n neare dei.
Djip yn de nacht giet Sicko foart;
Syn haet foun hjir in ein;
Biwoelle yn kleeden leit it lyk
Fen Teaco, op in wein.
Tel is er op de stins; syn bern
Wier fen de boaden foun.
Hja leit nou op it deadebêd;
De boaden sitte yn 't roun.
| |
[pagina 184]
| |
Hy neijert. - Stil is 't... Stoere man,
Hwet trillest! - Sjoch, dyn bern!
Dy mûle scil gjin lûd mear jaen,
Det each scil net mear sjean!
Dea! - 't Treft him as in bliksemslach,
Dy 't swirk brekt, skerp en fel;
Hy snikkert, hastich, woest en wyld...
Sa fâlt er foar hjar del.
| |
Teaco en Gerbrich.De tsjerke fen Westerbjirrum
Naem Teaco en Gerbrich op;
En hjar ûnk waerd djip biklage,
En fier oer 't lân gyng hjar rop.
Laei Douwe syn Hûs ek yn gruzels,
En bleau Sicko syn stins dêr ek stean,
Oer dy beiden liet letter it wetter
Syn wylde weagen gean.
De sé het it lân oerditsen
Mei wetter, heech en leech;
En alles is tobritsen,
Ho hecht it wier en ho dreech.
En oer Westerbjirrums tsjerke
Skolpert nou de skomjende sé,
| |
[pagina 185]
| |
En de weagen fortelle elkoarren
Fen Teaco en Gerbrich's wé.
En as hja tsjin 't strân oan stjitte,
Den sjonge s' ienteanich hjar liet,
En fortelle fen Teaco en Gerbrich,
Fen hjar lieafde en hjar fortriet.
Ljouwert, Haimoanne, 1881.
|
|