It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Farwol! Farwol, 'k lit dy driuwe, Liet, det myn hert ûntfleach! Farwol, 'k lit dy driuwe, Fier, fier út myn each. Yn ûren fen wille, As 'k ûnder frjeunen siet, Yn dagen fen lijen - Myn nocht wierst, o liet! Bleau stom faek myn mûle, Djip yn myn hert songstou. Bleau kâld faek myn wêzen, Gleaun, brûzend wierstou. 'k Wier nea net allinne; Altiid wierstou my by De nochlikste dreamen, Dy dreamde 'k troch dy. Nou lit ik dy driuwe; Dou draechst myn wille en smert; Flean, flean as in fûgel, Dou, bern fen myn hert. Flean frij oer ús fjilden, Wês fen nin skimpers bang; Bliuw Frysk yn dyn wêzen, Bliuw wier yn dyn sang. Sjochst' brimstige jildijue, Het min de gek mei dy, Sjochst' droege gelearden, Flean hastich foarby! Sjong fammen fen minne, Feinten fen Fryske trou; Hwêr herten yet binne, Dêrhinne flean dou! Pieter Jelles. Vorige